It Tsjechysk (čeština, český jazyk) is in West-Slavyske taal mei likernôch 12 miljoen sprekkers. Tsjechysk wurdt benammen sprutsen yn Tsjechje (10,2 miljoen minsken), mar ek yn oanswettende lannen sa as Slowakije en Eastenryk. Yn de Feriene Steaten en Kanada wenje Tsjechen om utens dy't de taal dêr libben hâlde. Sûnt 1 maaie 2004 is Tsjechysk ien fan de offisjele wurktalen fan de Jeropeeske Uny.

It Tsjechysk is as West-Slavyske taal nau besibbe oan it Slowaaksk, Sorbysk en Poalsk. Der binne gjin swierrichheden as it om de fersteanberens tusken Slowaaksk en Tsjechysk giet.

Alfabet It Tsjechysk wurdt skreaun mei it Latynske alfabet, mei diakretyske tekens sa as de háček (ˇ), it accent aigu (čárka, ´) en de korona (kroužek, ˚).

It Tsjechyske alfabet is as folget:

Aa, (Áá), Bb, Cc, Čč, Dd, (Ďď), Ee, (Éé), (Ěě), Ff, Gg, Hh, Chch, Ii, (Íí), Jj, Kk, Ll, Mm, Nn, (Ňň), Oo, (Óó), Pp, Qq, Rr, Řř, Ss, Šš, Tt, (Ťť), Uu, (Úú), (Ůů), Vv, Ww, Xx, Yy, (Ýý), Zz, Žž

Kategory:Slavyske talen Kategory:Tsjechen Kategory:Taal yn Tsjechje Kategory:Taal yn Bosnje-Hertsegovina Kategory:Taal yn Eastenryk Kategory:Taal yn Kroaasje Kategory:Taal yn de Oekraïne Kategory:Taal yn Poalen Kategory:Taal yn Roemeenje Kategory:Taal yn Slowakije