thumb|Pierre Baron de Coubertin (1915) Pierre de Frédy, Baron fan Coubertin (better bekend as Pierre (Baron) de Coubertin) (Parys, 1 jannewaris 1863 – Genêve, 2 septimber 1937) wie in Frânsk histoarikus en pedagooch dy't bekend wurden is as de oprjochter fan de moderne Olympyske Spullen. Hy wie de twadde foarsitter fan it Ynternasjonaal Olympysk Komitee.
In útspraak dy 't faak assosjearre wurdt mei Pierre de Coubertin is "meidwaan is wichtiger as winne". Dat is lykwols gjin útspraak fan him. Wol hat er yn 1908 in útspraak fan de biskop fan Pennsylvania oernommen: Hill, Christopher R. (1996). Olympic Politics. Manchester University Press ND. ISBN 978-0-7190-4451-9., PG 7-8
De Coubertin die sels mei oan de Olympyske Spullen fan 1912 ûnder de skûlnammen Georges Hohrod en M. Eschbach en wûn in gouden medalje by it ûnderdiel literatuer foar syn gedicht . Dy wedstryd stie oant en mei de Olympyske Simmerspullen fan 1948 op it programma.
Kategory:Frânsk skiedkundige Kategory:Frânsk pedagooch Kategory:Frânsk skiedsrjochter Kategory:Foarsitter fan it Ynternasjonaal Olympysk Komitee Kategory:Frânske adel Kategory:Persoan berne yn 1863 Kategory:Persoan stoarn yn 1937