Jan Geert Ankerman (Wommels, 2 maart 1906 - Rangoon, Burma, 27 desimber 1942) wie in Frysk yngenieur en hockeyspiler dy't yn 1928 yn Amsterdam mei die oan de Olympyske Simmerspullen fan 1928. Hy wûn de sulveren medalje en spile fjouwer wedstriden as healback. Ankerman spile yn totaal njoggentjin ynterlâns, en wie lid fan de Haachske hockeyferiening Haagsche Delftsche Mixed (HDM). Hy stoar yn 1942, ûnder de Twadde Wrâldkriich, mei 36 jier, yn in jappekamp yn Birma.

Ankerman krige in grêf op it Nederlânsk Earefjild Menteng Pulo yn Jakarta.

Keppeling om utens Jan Ankerman by oorlogsgravenstichting.nl, mei fotoos

Kategory:Frysk hockeyer Kategory:Frysk Olympysk dielnimmer Kategory:Frysk misdieslachtoffer Kategory:Nederlânsk hockeyer Kategory:Nederlânsk Olympysk dielnimmer Kategory:Persoan dy't omkommen is yn in jappekamp Kategory:Nederlânsk persoan fan Frysk komôf Kategory:Persoan berne yn Wommels Kategory:Persoan berne yn 1906 Kategory:Persoan stoarn yn 1942