thumb| De Vries by syn keunstwurk yn wetterpartij Zuiderpolder, Haarlim (1994) Auke de Vries (Burgum, 27 oktober 1937) is in Nederlânsk byldhouwer dy't yn De Haach wennet en wurket. Hy krige syn oplieding oan de Keninklike Akademy foar Byldzjende keunsten yn De Haach (1956) en waard dêrnei ynearsten grafikus. Yn de rin fan de tiid hat er him mear talein op byldhouwen en tekenjen.

Sûnt 1986 hat hy as dosint en professor ferbûn west oan de Ryksakademy yn Amsterdam. Sûnt 1999 hat er ek gastprofessor west oan de "School of Architecture" yn Kopenhagen.

Wurk Skulptueren fan him binne meast fan metaal en op in protte plakken yn Nederlân te finen, mar ek yn Dútslân, Skotlân en yn Barseloana.

Prizen Yn 1997 waard him de Ouborgpriis takend. Yn 2005 ûntfong er de Kultuerpriis fan de stêd De Haach. Yn 2015 krige er de Wilhelminaringwww.wilhelminaring.nl foar syn hiele oeuvre. Yn 2019 de Gerrit Benner Priis foar Byldzjende Keunst foar syn hiele oeuvre.Kunstenaar Auke de Vries winnaar van de Gerrit Benner prijs, 7 maaie 2019 op omropfryslan.nl

Galery

Keppeling om utens Auke de Vries by Haachske Keunstners Auke de Vries Auke de Vries op Artcyclopedia mei links

Kategory:Frysk byldhouwer Kategory:Frysk graveur Kategory:Nederlânsk byldhouwer Kategory:Nederlânsk graveur Kategory:Nederlânsk persoan fan Frysk komôf Kategory:Persoan berne yn Burgum Kategory:Persoan berne yn 1937