Johan Hendrik Swildens (Voerendaal, 10 maart 1745 - Amsterdam, 12 septimber 1809) wie in heechlearaar steatskunde en folkerjocht. Nei syn stúdzje gie Johan yn 1774 nei it Russyske hof. Hy ferkearde mids de lieders fan de Dútske "Aufkläring" yn Berlyn en waard yn 1777 frijmitselder. Yn Amsterdam wurke Swildens sûnt 1779 foar folksûnderwiis.
Yn 1796 waard hy heechlearaar yn de natuerkunde, steatskunde en folkerjocht yn Frjentsjer. Hy hie net folle learlingen mar wie tige warber op steatkundich en maatskiplik mêd. Sa wurke hy yn 1806 mei oan de skoalwet.
Kategory:Nederlânsk rjochtsgelearde Kategory:Nederlânsk bestjoerskundige Kategory:Nederlânsk natuerkundige Kategory:Nederlânsk heechlearaar Kategory:Nederlânsk frijmitselder Kategory:Frysk rjochtsgelearde Kategory:Frysk bestjoerskundige Kategory:Frysk natuerkundige Kategory:Frysk heechlearaar Kategory:Heechlearaar oan de Universiteit fan Frjentsjer Kategory:Frysk frijmitselder Kategory:Frysk persoan fan Nederlânsk komôf Kategory:Limburchsk persoan Kategory:Persoan berne yn 1745 Kategory:Persoan stoarn yn 1809