Togo, offisjeel de Republyk Togo, is in lân yn Afrika. De haadstêd is Lomee.
It nasjonale grûngebiet fan Togo omfettet it eastlike part fan de Dútske koloanje Togo, dy't fan 1884 oant 1916 bestie. Fan 1916 oant 1960 wie Togo in mandaatgebiet fan it Folkebûn en in Trust Territory fan de Feriene Naasjes ûnder Frânsk bestjoer. De autokratyske presidint Gnassingbé Eyadéma regearre it lân hast 40 jier lang. Nei syn dea yn 2005 beneamde it leger syn soan Faure Gnassingbé ta nije presidint, nettsjinsteande de grûnwet. Ynternasjonale druk en ûnrêst yn it lân laten net ta it weromkommen fan de grûnwetlike betingsten. Gnassingbé wûn de dêropfolgjende ferkiezingen, hoewol't de opposysje en de Europeeske Uny him beskuldigen fan massale ferkiezingsfraude. Der binne noch hieltyd inkelde tûzenen flechtlingen yn it bûtenlân. Togo is sûnt 2022 lid fan it Mienebest fan Naasjes.
It is ien fan de minst ûntwikkele lannen yn 'e wrâld. Islamic Development Bank, 18 novimber 1998 Neffens it Untwikkelingsprogramma fan de Feriene Naasjes libbet yn Togo 32,3% fan de befolking ûnder de earmoedegrins. UNDP: Human development indices - Table 3: Human and income poverty (Population living below national poverty line (2000-2007))
Geografy Lizzing It lân wurdt begrinzge troch: Gana yn it westen Boerkina Faso yn it noarden, Benyn yn it easten de Atlantyske Oseaan yn it suden.
Kategory:Lân yn Afrika Kategory:Histoaryske Dútske koloanje Kategory:Histoaryske Frânske koloanje Kategory:Bestjoerlike ienheid oprjochte yn 1960 Kategory:Republyk