thumb|Suze Boschma mei Bartje (1954) Suzanna Catharina (Suze) Boschma-Berkhout (Indramayu (Yndoneezje), 31 maaie 1922 - Alphen aan den Rijn, 2 july 1997) wie in Nederlânsk byldhouster.

Suze Boschma-Berkhout waard berne op West-Java. Waard yn it earstoan oplaat ta kreamheinster, mar folge nei de Twadde Wrâldoarloch in oplieding oan de Ambachtskeunstskoalle Quellinus yn Amsterdam. Yn 1963 fêstige se har yn Ljouwert. Makke in soad muorredekoraasjes. Se waard bekend troch har protte figurative bylden, dy't op in soad plakken yn Nederlân ferwize nei historyske of literêre personaazjes.

Hja troude yn 1954 mei Cornelis Boschma, amtner Monumintesoarch fan it departemint fan OK&W en waard mem fan fiif bern.

Wurk AssenBartje (1954), kalkstiennen útfieringBartje (1982), brûnzen útfiering Balk Herman Gorter (1982) Harns Anton Wachter (1973) Langedike De Melker (1991) Ljouwert Mata Hari (1976)De Fries of Fuotbalspilerke (1983) RodenOt en Sien (1965) Menaam It feintsje fan Menaam (1971) nei de titel fan it bekende lietsje fan Fedde Schurer Ruinen Lammechie (1955), it suske fan Bartje. Sint Anne Rembrandt en Saskia Surhústerfean Jan Hepkes Wouda (1986). Wouda (1862-1939) wie keapman en ferhaleferteller. Tinga fiskjende bern (1980) Wergea De tsien fan Martens Afke (1970)

Kategory:Nederlânsk byldhouwer Kategory:Nederlânsk persoan berne yn Nederlânsk-Ynje Kategory:Persoan berne yn 1922 Kategory:Persoan stoarn yn 1997