Tunno Schurer (Harns, 30 jannewaris 1963) is in earder keatser en ferver. Hy waard boppedat bekend trochdat er altyd op de fyts nei de PC gie en fiif kear mei in keatskrânse om weromfytste.
Schurer syn earste ûnderfining mei it keatsen wie by de Roersma-Jellema-kompetysje. Hy waard yn 1975 op it NK foar skoaljonges winner foar de keatsferiening Jan Bogtstra út Frjentsjer. Yn 1981 wie syn debút op de PC dy't hy yn 1984 wûn mei Peter Rinia en Wiep van Wieren. Yn 1986 wûn hy mei dat partoer opnij en waard ta kening útroppen. Mei Johannes Brandsma en Peter Rinia wûn hy yn 1987 en 1988 de PC wer en beide kearen krige er de keningsbal mei nei hûs. Yn 1990 wûn er nochris de PC. Mei keatsferiening Frjentsjer waard er yn 1988, 1989 en 1991 boppedat Nederlânsk kampioen.
Mei 155 earste, 82 twadde en 57 tredde prizen fertsjinne Schurer 686 punten foar it ivich keatsklassemint en waard 46 kear kening.
Prizen 1979 - Freule 2e priis 1981 - Jong Nederlân 4e priis 1981 - de Bond 5e priis 1982 - de Bond 4e priis 1983 - de Bond 1e priis 1983 - PC 3e priis 1984 - PC 1e priis 1986 - de Bond 7e priis 1986 - PC 1e priis 1987 - de Bond 5e priis 1987 - PC 1e priis 1988 - de Bond 1e priis 1988 - PC 1e priis 1989 - de Bond 1e priis 1990 - de Bond 4e priis 1990 - PC 1e priis 1991 - de Bond 1e priis 1992 - de Bond 5e priis 1992 - PC 2e priis 1994 - PC 2e priis 1995 - de Bond 7e priis 1995 - PC 2e priis 1996 - de Bond 3e priis 1996 - PC 3e priis 1997 - de Bond 7e priis 1998 - de Bond 2e priis 1999 - de Bond 6e priis
Kategory:Frysk keatser Kategory:PC kening Kategory:Frysk ferver Kategory:Persoan berne yn Harns Kategory:Persoan berne yn 1963