It Hebriuwsk (Hebriuwsk: עברית, Ivrit; útspr. [ivˈʁit], likernôch: "i-wchyt"), foarhinne stavere as Hebrieusk en soms ek oantsjut as Ivryt, is de nasjonale taal fan 'e Joaden. It is in Semityske taal, dy't as sadanich besibbe is oan û.m. it Arabysk, Arameesk en Akkadysk. Binnen de Semityske talen heart it Hebriuwsk ta de Kanaänityske talen, dy't fierder allegear útstoarn binne. Histoarysk wie it Hebriuwsk de taal fan 'e âlde Israeliten en wie it sadwaande lânseigen yn it lân Kanaän, dat no rûchwei Israel en Palestina beslacht. De ierste oerlevere skreaune fragminten fan 'e taal datearje út 'e tsiende iuw f.Kr. Letter waard tusken de achtste en de sechsde iuw f.Kr. de Tenach, de joadske Bibel fierhinne yn it Hebriuwsk skreaun.
Fan 'e sechsde iuw f.Kr. ôf ferlear it Hebriuwsk terrein oan it besibbe Arameesk, en nei de jammerdearlik ferrûne Bar Kochba-opstân fan 135 rekke it mei de taal alhiel yn it neigean. Earne tusken 200 en 400 stoar it Hebriuwsk út as sprektaal. De taal oerlibbe oant nei de Midsiuwen as liturgyske taal, lingua franca op it mêd fan 'e hannel tusken Joaden dy't ferskillende memmetalen sprieken, en as taal fan poëzij en rabbinale literatuer. Mei de opkomst fan it sionisme waard it Hebriuwsk yn 'e twadde helte fan 'e njoggentjinde iuw nij libben ynblaasd as sprektaal. By de oprjochting fan 'e Steat Israel, yn 1948, waard it de offisjele taal fan dat lân. Anno 2017 wiene der likernôch 5 miljoen memmetaalsprekkers fan it Hebriuwsk, mei dêropta nochris 4 miljoen lju dy't it as twadde taal sprieken. It Hebriuwsk is it súksesfolste foarbyld fan in deade taal dy't wer ta libben brocht is.
Etymology It wurd "Hebriuwsk" (oant de staveringsherfoarming fan 2015 stavere as "Hebrieusk") komt fan it Grykske Ἑβραῖος, Hebraîos, dat fia it Arameeske ’Ibrāy ôflaat is fan it Herbriuwske Ivri (עברי). It byhearrende etnonym Hebreeërs of Hebreeën is in âld synonym foar Israeliten. Tradisjoneel wurdt oannommen dat dy oantsjuttings weromgeane op Eber, in mytyske foarâlder fan 'e aartsfaar Abraham, dy't yn 'e Bibel yn Genesis 10:21 neamd wurdt.
De namme 'Eber' komt nei alle gedachten fan 'e Semityske wurdwoartel ‘-b-r (עבר), mei de betsjutting "oare kant" of "foaroerlizzende kant". De oantsjutting 'Hebreeërs' soe dan yntepretearre wurde kinne as "dy fan 'e oare kant [fan 'e woastyn of de rivier]. Dêrmei soe dat dus in eksonym foar de Israeliten wêze, besjoen út it eachpunt fan 'e bewenners fan Mesopotaamje, Transjordaanje of mooglik Fenysje. It moderne Hebriuwske endonym, Ivrit, dat fan deselde oarsprong as 'Hebriuwsk' komt, wurdt allinnich brûkt om it Nijhebriuwsk oan te tsjutten; de namme foar âldere foarmen fan 'e taal is יְהוּדִית, Yěhudit, oftewol "Judeesk".
Taalbesibskip It Hebriuwsk heart ta de Semityske talen, dy't ien fan 'e wichtichste taalkloften foarmje fan 'e Afro-Aziatyske supertaalfamylje. Foarbylden fan oare Semityske talen, dy't besibbe binne oan it Hebriuwsk, binne bgl. it Arabysk, Malteesk, Arameesk, Syrysk, Amhaarsk (de nasjonale taal fan Etioopje) en Tigrinja (de nasjonale taal fan Eritreä). Binnen de Semityske talen heart it Hebriuwsk ta de Westsemityske talen, dy't harsels ûnderskiede fan 'e beide Eastsemityske talen (Akkadysk en Eblaïtysk).
Oer de fierdere ûnderferdieling wurdt noch altyd diskusjearre troch taalkundigen, mar de meast akseptearre yndieling klassifisearret it Hebriuwsk by de Middensemityske talen (mei û.m. it Arabysk en Arameesk), en dêrnei by de Noardwestsemityske talen (mei û.m. it Arameesk). Binnen de Noardwestsemityske talen wurdt it Hebriuwsk ûnderbrocht by de Kanaänityske talen. Dat is in taalkloft dy't fierders hielendal útstoarn is en û.o. ek it Fenisysk fan Fenysje en it Punysk fan Kartago omfettet (de saneamde Noardkanaänityske talen), mooglik yn 'e mande mei it Ekronitysk. It Hebriuwsk wurdt klassifisearre as ûnderdiel fan 'e Súdkanaänityske talen, yn 'e mande mei in stikmannich nau besibbe mar al yn it earste milennium f.Kr. útstoarne talen: Ammonitysk, Moäbitysk en Edomitysk.
Taalgebiet It moderne taalgebiet fan it Hebriuwsk beslacht it grûngebiet fan 'e Steat Israel. Dêrnjonken wurdt it ek sprutsen yn 'e yllegale Joadske delsettings yn it Palestynske Westjordaanlân, yn East-Jeruzalim en op 'e Golanhichte. Bûten Israel en de besette gebieten wurdt it Hebriuwsk ferspraat oer de wrâld as liturgyske taal brûkt troch de Joadske diaspora.
Skiednis Periodisearring De skiednis fan it Hebriuwsk wurdt opdield yn 'e folgjende tiidrekken: Klassyk Hebriuwsk: 10e iuw f.Kr. – 4e iuw (n.Kr.) Bibelsk Hebriuwsk: 10e iuw f.Kr. – 3e iuw f.Kr. Argaysk Bibelsk Hebriuwsk: 10e iuw f.Kr. – 8e iuw f.Kr. Klassyk Bibelsk Hebriuwsk: 8e iuw f.Kr. – 6e iuw f.Kr. Let Bibelsk Hebriuwsk: 6e iuw f.Kr. – 3e iuw f.Kr. Ier Postbibelsk Hebriuwsk: 3e iuw f.Kr. – 4e iuw (n.Kr.) Hebriuwsk fan 'e Deade-Seerôlen: 3e iuw f.Kr. – 1e iuw (n.Kr.) Misjnaysk Hebriuwsk: 1e iuw – 4e iuw Midsiuwsk Hebriuwsk: 4e iuw – 19e iuw Nijhebriuwsk of Modern Hebriuwsk: 19e iuw – no
Klassyk Hebriuwsk Bibelsk Hebriuwsk De âldste foarm fan it Hebriuwsk is it Bibelsk Hebriuwsk, de taal fan 'e Tenach, oftewol de Joadske Bibel. De âldste skriftlik oerlevere fragminten fan it Bibelsk Hebriuwsk datearje út 'e tsiende iuw f.Kr. Yn july 2008 makke de Israelyske argeolooch Yossi Garfinkel bekend dat er by in argeologyske opgraving te Chirbet Keijafa in potdiggel fûn hie dy't trijetûzen jier âld wie, dus fan omtrint 1000 f.Kr. Hy bewearde dat er dêrop it ierste skreaune fragmint fan it Hebriuwsk oantroffen hie dat ea fûn wie. Syn kollega Amihai Mazar klassifisearre de taal op 'e potdiggel lykwols as Proto-Kanaänitysk (de oertaal dêr't alle Kanaänityske talen út fuortkommen binne) en tekene dêrby oan dat de differinsjaasje tusken skriften en talen yn dy tiid ûndúdlik is. Om it fragmint oan te tsjutten as 'Hebriuwsk' gie him dêrom te fier.
De Gezerkalinder (fûn by in opgraving yn 'e stêd Gezer) datearret lykwols ek út 'e tsiende iuw f.Kr. De taal fan 'e dy tekst is klassifisearre as Argaysk Bibelsk Hebriuwsk (ek wol Aldhebriuwsk of Paleo-Hebriuwsk neamd), de ierste foarm fan it Bibelsk Hebriuwsk. Dy taalfoarm ûntwikkele him omtrint de tsiende iuw f.Kr. út it Proto-Kanaänitysk, historiografysk sjoen oan it begjin fan it Monargyske Tiidrek, doe it Keninkryk Israel oprjochte waard en keningen as David en Salomo regearren.
De Gezerkalinder is skreaun yn it Aldhebriuwske skrift of it Paleo-Hebriuwsk skrift, in âld Semitysk konsonanteskrift dat sterk liket op it Fenisyske skrift dêr't him letter it Grykske alfabet út ûntwikkelje soe. De Gezerkalinder is hielendal sûnder fokalen skreaun, en sels sûnder fokaalferfangende konsonanten op plakken dêr't de lettere Hebriuwske stavering dy wol skreau. Yn 'e Levant binne by oare opgravings ferskate klaaitabletten opdobbe dy't skreaun binne yn fierhinne oerienkommende skriften, lykas it Proto-Sinaïtysk skrift. It tinken is dat de foarmen fan 'e letters weromgeane op 'e Egyptyske hieroglifen. In skrift dat him út it Aldhebriuwske skrift ûntwikkele hat, it Samaritaanske skrift, wurdt noch altyd brûkt troch de Samaritanen.
It Argaysk Bibelsk Hebriuwsk bleau yn gebrûk oant likernôch de achtste iuw f.Kr., doe't it oergie yn it Klassyk Bibelsk Hebriuwsk. Yn 'e Tenach binne beskate fragminten fan Argaysk Bibelsk Hebriuwsk opnommen, spesifyk it Liet fan Moazes (Exodus 15:1-21) en it Liet fan Deboara (Rjochters 5).
It Klassyk Bibelsk Hebriuwsk, ek wol bekend as Bibelsk Hebriuwsk, Ier Bibelsk Hebriuwsk of Klassyk Hebriuwsk yn 'e inge sin, is de taal dêr't it meastepart fan 'e Tenach, de Joadske Bibel, yn skreaun is. Dat barde nei alle gedachten yn 'e sechsde iuw f.Kr., hoewol't it dêrby gie om in skriftlike optekening fan ferhalen dy't folle âlder wiene en dy't earder mûnling oerlevere waarden. It Klassyk Bibelsk Hebriuwsk waard sprutsen yn it lette Monargyske Tiidrek en ûnder de Babyloanyske Ballingskip, doe't de Babyloanyske kening Nebûkadnêzer II yn 586 f.Kr. de befolking fan it Keninkryk Juda yn ballingskip fuortfiere liet nei Mesopotaamje.
Under de Babyloanyske Ballingskip ûntwikkele him yn 'e sechsde iuw f.Kr. it Let Bibelsk Hebriuwsk, dat sprutsen waard yn it Perzyske Tiidrek, oant de ferovering fan it Perzyske Ryk troch Aleksander de Grutte yn 'e trêde iuw f.Kr. Dy taal is yn 'e Tenach fertsjintwurdige troch inkele teksten, yn 't bysûnder de bibelboeken Ezra en Nehemia. It Let Bibelsk Hebriuwsk ferskilde net bot fan it Klassyk Bibelsk Hebriuwsk, útsein de ynkorporaasje fan ferskate útlânske wurden (benammen foar termen oangeande it regear) en inkele syntaktyske ynnovaasjes lykas it gebrûk fan it partikel sje- (mei de betsjutting "dat" of "wat", as ferbining tusken twa sinsdielen). In grut ferskil wie wol dat it Let Bibelsk Hebriuwsk it Arameeske skrift begûn te brûken, mei't it Arameesk yn it Achaimenidysk-Perzyske Ryk de offisjele taal fan 'e oerheid wie.
It Israelitysk-Hebriuwsk wie fan 'e tsiende oant de trêde iuw f.Kr. in noardlik dialekt fan it Bibelsk Hebriuwsk. It bestean dêrfan is net bewiisd, mar wurdt oannommen op basis fan beskate skaaimerken dy't yn guon bibelteksten foarkomme en dúdlik net ta de standerttaal hearre. It tinken is dat de Tenach skreaun waard yn it súdlike Keninkryk Juda, en dat yn 'e taal dy't dêr sprutsen waard soms dialektyske foarmen út it noardlike Keninkryk Israel trochkrongen.
Under de Babyloanyske Ballingskip learden nei alle gedachten de measte Joadske ballingen, mar yn elts gefal de hiele hegerein, om Arameesk te sprekken, wat de naust oan it Hebriuwsk besibbe taal wie wêryn't se kommunisearje koene mei de Babyloanjers en leden fan oare etnyske groepen yn Mesopotaamje. It Hebriuwsk kaam dêrmei ûnder swiere ynfloed fan it Arameesk te stean, en begûn in protte lienwurden út dy taal op te nimmen. Nei't it Nijbabyloanyske Ryk ûnder fuotten helle wie troch de Perzen, waard de Babyloanyske Ballingskip yn 538 f.Kr. beëinige troch de Perzyske kening Syrus de Grutte, dy't de Joaden tastie en kear werom nei harren heitelân. Nei de weromkear waarden yn Kanaän it Hebriuwsk en it Arameesk njonkeninoar brûkt.
Ier Postbibelsk Hebriuwsk It Hebriuwsk fan 'e trêde iuw f.Kr. oant de fjirde iuw hjit it Ier Postbibelsk Hebriuwsk. It Hellenistysk Tiidrek en de Romeinske Tiid foar de ferwoastging fan 'e Timpel fan Jeruzalim, fan 'e trêde iuw f.Kr. oant de earste iuw nei Kristus, falle gear mei it Hebriuwsk sa't dat oerlevere is yn 'e boekrôlen fan Kûmran, dy't it meastepart (mar net alle) fan 'e Deade-Seerôlen foarmje. Yn dat tiidrek ûntwikkele it Arameesk skrift fan 'e eardere teksten him ta it fjouwerkantige Hebriuwske skrift, dat ek hjoed de dei noch yn gebrûk is. Dy ûntwikkeling waard yn 'e earste iuw f.Kr. foltôge.
Fan 'e earste oant de fjirde iuw fan 'e Westerske jiertelling sprekt men fan Misjnaysk Hebriuwsk. Dy perioade korrespondearret mei de Romeinske Tiid nei de ferwoastging fan 'e Timpel fan Jeruzalim. De namme ferwiist nei de Misjna of Mišnah, dy't yn 'e mande mei de Gemara de (Babyloanyske) Talmoed foarmet. Dit taalstadium wurdt ek wol oantsjut as Rabbinaal Hebriuwsk. Behalven it meastepart fan 'e Talmoed waard ek in diel fan 'e Deade-Seerôlen yn it Misjnaysk Hebriuwsk skreaun, spesifyk de Bar Kochba-brieven en de Koperen Boekrôle. It Misjnaysk Hebriuwsk is op te dielen yn it Tannaïtysk Hebriuwsk (fan 'e tannaim), dat ek wol Ier Rabbinaal Hebriuwsk of Misjnaysk Hebriuwsk I neamd wurdt en dat in sprutsen taal wie, en it Amoraysk Hebriuwk (fan 'e amoraim), dat ek wol Let Rabbinaal Hebriuwsk of Misjnaysk Hebriuwsk II neamd wurdt, en dat poer in literêre taal wie.