Robert I, ek wol bekend as Robert de Bruce, mei as alternative stavering Robert the Bruce (Midsiuwsk Skotsk-Gaelysk: Roibert a Briuis; modern Skotsk-Gaelysk: Raibeart Bruis; Normandysk-Frânsk: Robert de Brus; Skotsk: Robert Brus; Kastiel fan Turnberry, 11 july 1274 – Dumbarton, 7 juny 1329) wie kening fan Skotlân fan 1306 oant syn dea yn 1329. Hy wie fan Normandysk-Skotske adel en waard beskôge as ien fan 'e kundichste legeroersten fan syn generaasje. Robert klom ûnder de Skotske Unôfhinklikheidsoarloggen tsjin 'e Ingelsen op ta lieder fan 'e Skotten, en wist úteinlik de selsstannigens fan syn heitelân mei trijehûndert jier te ferlingjen. Hy wurdt noch altyd beskôge as ien fan 'e nasjonale helden fan Skotlân.
Libben Jonkheid Robert de Bruce waard yn 1274 berne, wierskynlik op it Kastiel fan Turnberry, yn it Skotske Ayrshire, de residinsje fan 'e greven fan Carrick, de famylje fan syn mem. Hy wie de âldste soan fan Robert fan Bruce, 6e hear fan Annandale, en Marjorie, grevinne fan Carrick. De famylje fan syn mem wie in âld Gaelysk laach, dat sûnt minskewitten it greefskip Carrick, yn Galloway, yn besit hie. Robert syn mem Marjorie wie de lêste fan har skaai, en as erfdochter wie se oant har houlik regearjend grevinne fan Carrick. Neffens it ferhaal wie hja in formidabele frou, dy't Robert syn heit op har kastiel finzen hold oant er deryn tastimde om mei har te trouwen.
Oan syn heitekant stamme Robert út in Normandysk riddergeslacht, dat him ûnder it regear fan kening David I yn 1124 yn Skotlân fêstige hie, en dat dêr de hearlikheid fan Annandale, yn Dumfries en Galloway, yn besit krigen hie. It Hûs Bruce hie lykwols ek grutte lânerijen yn Durham, yn it noarden fan Ingelân, en yn Esseks en Middelseks, yn súdlik Ingelân. Robert syn heit Robert fan Bruce stamme fia syn beppe oan heitekant Isabella fan Huntingdon fan (dy har oerpake) kening David I ôf, wat Robert letter in oanspraak op 'e Skotske troan jaan soe.
Oer Robert syn jonkheid is suver neat bekend. Nei alle gedachten waard er grutbrocht yn in ferminging fan 'e Anglo-Normandyske kultuer fan 'e aadlike fermiddens fan noardlik Ingelân en súdeastlike Skotlân, dêr't syn heite famylje ta hearde, en de Gaelyske kultuer fan súdwestlik Skotlân dêr't syn memme famylje út fuortkaam. Yn it doedestiden Skotsk-Gaelysktalige Carrick en Annandale soe Robert wierskynlik trijetalich grutbrocht wêze, sadat er like floeiend Normandysk-Frânsk, Skotsk-Gaelysk as Skotsk spriek. Robert hie njoggen bruorren en susters, en it is goed mooglik dat hy en syn broer Edwert in diel fan harren jonkheid as pleechbern troch oare aadlike famyljes grutbrocht binne, sa't wenst wie ûnder de âlde Gaelyske adel.
Nei it ferstjerren fan kening Aleksander III yn 1286, fjouwer jier letter folge troch de dea fan syn iennichste erfgenamte, syn pakesizzer Margareta, byneamd de Faam fan Noarwegen, ûntstie der in krisis yn Skotlân wêrby't de troan foarearst leech bleau. Robert wie doedestiden sechstjin jier, âldernôch om him bewust te wêzen fan 'e wichtigens fan sokke foarfallen, yn 't bysûnder mei it each op 'e eigen keninklike konneksje fan syn famylje. Om dyselde tiid hinne waard er ta ridder slein, en twa jier letter, yn 1292, kaam syn mem ûntidich te ferstjerren. Datselde jiers besleat Edwert I fan Ingelân, dy't him op fersyk fan 'e saneamde beskermhearen fan Skotlân oer de troanstriid, de saneamde 'Grutte Kwestje' (Great Cause), bûgd hie, dat de Skotske troan oan Jan fan Balliol jûn wurde moast, dat in efterneef fan Robert syn pake oan heitekant wie. Syn pake, Robert fan Bruce, 5e hear fan Annandale, joech suver fuort dêrnei net inkeld syn oanspraak op 'e Skotske troan, mar ek syn hearskippij oer Annandale op, mooglik sadat er net trou hoegde te swarren oan syn efterneef. Sadwaande waard Robert syn heit, Robert fan Bruce, 6e hear fan Annandale doe regearjend hear oer Annandale, en joech er syn regear oer Carrick, it greefskip fan syn frou, op, dat doe oan 'e jonge Robert tafoel.
By de kroaning fan Jan fan Skotlân, te Berwick-upon-Tweed, twong Edwert fan Ingelân lykwols foar himsels erkenning ôf as "alderheechste hear" (Lord Paramount) fan Skotlân, wat derop delkaam dat hy tenei de lienhear fan 'e kening fan Skotlân wie. Om't Robert syn pake en heit har eigen oanspraak op it keningskip as de iennichste jildige beskôgen en Jan fan Balliol as in usurpator seagen, dy't ûnrjochtlik de Skotske troan beset hold, stipen de leden fan it Hûs Bruce Edwert by it ûndergraven fan it gesach fan 'e nije kening. Jan wie dêrtroch twongen om him, ta argewaasje fan 'e measte Skotten, wat langer wat mear as in fazal fan 'e Ingelske kening te hâlden en dragen.
Yn 1294 easke Edwert I fan 'e Skotske kening en eallju dat se yn it Ingelske leger tsjinje soene, dat op it fêstelân fan Jeropa tsjin 'e Frânsen focht. Dat wie sels foar Jan ûnakseptabel, dat ynstee sleat er in bûnsgenoatskip mei Frankryk, dêrby stipe troch syn regearingsrie, dy't dominearre waard troch it mei him ferbûne Hûs Comyn. Dat betsjutte oarloch mei Ingelân, mar doe't it oare jiers it Skotske leger oproppen waard, wegeren de leden fan it Hûs Bruce en de greven fan Angus en March om oan dy oprop te foldwaan. Ynstee loek it Hûs Bruce him tydlik út Skotlân werom nei harren lânerijen yn Ingelân, en Annandale en Carrick waarden dêrop troch kening Jan yn beslach nommen en oan syn bûnsmaat Jan Comyn, greve fan Buchan jûn. Yn dy ûnlijige snuorje fûn de jonge Robert noch tiid om tusken de bedriuwen troch mei syn earste frou te trouwen, Isabella fan Mar, de dochter fan Donald I, greve fan Mar, mei wa't er yn 1296 in dochter, Marjorie, krije soe.
It begjin fan 'e Skotske Unôfhinklikheidsoarloggen De Earste Skotske Unôfhinklikheidsoarloch begûn op 26 maart 1296 mei in Skotske oanfal op 'e Ingelske fêstingstêd Carlisle, yn Kumbria. Dat wie net sasear in oanfal fan Skotlân of Ingelân, as wol in oanfal fan it Hûs Comyn op it Hûs Bruce. Sawol Robert syn pake as syn heit wiene nammentlik (efterinoar) warder (foar de Ingelske kening) fan it Kastiel fan Carlisle, en nei it ferlies fan Annandale en Carrick oan 'e Comyns, yn 1295, wie Carlisle de wichtichste sit fan 'e Bruces wurden. Robert moat grif holpen hawwe om dizze oanfal ôf te slaan, en dêrby yngeande kennis oangeande de ferdigeningswurken fan Carlisle opdien hawwe. De folgjende kears dat de Skotten foar dizze stêd belis sloegen, wie yn 1315, en doe stie Robert oan it haad fan 'e belegerers.
De oanfal op Carlisle waard troch Edwert I beäntwurde mei de ferovering fan 'e grinsstêd Berwick-upon-Tweed, wêrnei't er yn 'e Slach by Dunbar it Skotske ferset hielendal de kop yndrukte. Neitiid ûnttroane er Jan fan Balliol, en sette er dy finzen yn 'e Toer fan Londen. Skotlân waard fan doe ôf oan oerhearske troch in Ingelsk besettingsleger en regearre troch Ingelske bestjoerders dy't Edwert sels oansteld hie. As oanhingers fan 'e Ingelsen krigen de Bruces harren Skotske besittings werom, en de jonge greve fan Carrick en syn heit, de hear fan Annandale, wiene ûnder mear as 1.500 Skotske eallju dy't yn augustus 1296 te Berwick in eed fan trou oan 'e kening fan Ingelân swarden.
Minder as in jier letter, yn maaie 1297, briek der lykwols ûnder in William Wallace, in man fan nederich komôf, in opstân tsjin 'e Ingelske oerhearsking út. Robert syn heit naam gjin diel oan dy rebûlje, en loek him op 'e nij werom yn Carlisle. Ut brieven is dúdlik dat er syn soan der mei oandriuw ta besocht te bewegen om Jan fan Warenne, greve fan Surrey te stypjen, de Ingelske befelhawwer yn Skotlân, dy't yn 'e fierte oan 'e Bruces besibbe wie. De jonge Robert, lykwols, skynt tsjin dy tiid ûnder de ynfloed rekke te wêzen fan syn pake' freonen, Jakobus Stewart, 5e grutsteedhâlder fan Skotlân en Robert Wishart, de biskop fan Glasgow, dy't har yn july by de opstannelingen joegen. Robert wie doedestiden 22 jier âld en harke net mear nei syn heite oarders. Hy bejoech him nei Annandale, dêr't er de lienlju fan syn famylje gearrôp en him by de opstân oansleat.
Op 7 july sleaten Robert-en-dy in ferdrach mei de Ingelsen dat bekend kaam te stean as de Kapitulaasje fan Irvine. Dêrby waard fêstlein dat Skotske eallju nea tsjin har wil oersee yn it Ingelske leger hoege soene te tsjinjen, en waard de oangeande hearen harren opstannigens ferjûn, yn ruil foar it swarren fan in nije eed fan trou oan Edwert. Biskop Wishart, Jakobus Stewart en Aleksander Lindsay fan Barnweill stiene boarch foar Robert oant er syn jonge dochter Marjorie as gizelster oan Edwert útleverje soe. Dat barde lykwols nea, om't Robert koarte tiid letter alwer yn 'e opstân behelle wie.
It is mooglik dat Robert koart nei't de Skotten de Ingelsen ûnder Surrey yn 'e Slach by Stirling (1297) ferslein hiene, fannijs in oerienkomst mei de fijân sleat. In sterke oanwizing dêrfoar kin wêze dat Edwert nei de Skotske nederlaach yn 'e Slach by Falkirk (1298) Annandale en Carrick net konfiskearre, sa't er dat wol die mei de besittings fan oare opstannige eallju. Ien histoaryske boarne wol hawwe dat de reden dêrfoar wie dat Robert by Falkirk foar de Ingelsen focht, mar oan 'e oare kant is syn namme net te finen op 'e saneamde Falkirk Roll, dêr't alle by de slach oanwêzige eallju yn it Ingelske leger yn neamd wurde. Boppedat paste Robert nei de slach yn Annandale de taktyk fan 'e ferskroeide ierde ta om foar te kommen dat de Ingelsen baat hawwe soene fan harren oerhearsking fan it gebiet, en stiek er om dyselde reden it Kastiel fan Ayr yn 'e brân.
Nei de nederlaach by Falkirk stapte William Wallace op as beskermhear fan Skotlân, en waard er opfolge troch Robert en Jan III Comyn, hear fan Badenoch. De beskermhearen wiene reginten, dy't it lân bestjoerden yn 'e ôfwêzigens fan 'e kening, mar it twatal Bruce en Comyn krige datoangeande neat foarinoar, mei't de beide rivalen net oer harren skeel hinne stappe koene. Uteinlik waard yn 1299 Willem fan Lamberton, de biskop fan St. Andrews, as trêde beskermhear tafoege om as midsman te fungearjen tusken de oare beide. Doe't dat ek net holp, stapte Robert yn 1300 op as beskermhear en waard er ferfongen troch Ingram fan Umfraville. Noch wer in jier letter treden Comyn, Lamberton en Umfraville ek ôf en waarden se ferfongen troch de neutrale Jan fan Soules, in Skotsk patriot dy't útkeazen waard om't er neutraal wie yn 'e striid tusken de Comyns en de Bruces. Soules sette him derfoar yn om Jan fan Balliol wer op 'e Skotske troan te krijen.
Nei't yn 'e simmer fan 1301 in nije Ingelske ynfaazje fan Skotlân mislearre wie, waard der in wapenstilstân fan njoggen moannen ôfkundige. Om dy tiid hinne ûnderwurp Robert him mei ferskate oare Skotske eallju oan Edwert fan Ingelân, mooglik om't derfan grute waard dat Jan fan Balliol mei koarten frijlitten wurde soe om wer kening te wurden. Dêr bliek lykwols neat fan oan te wêzen. Datselde jiers troude Robert ek mei syn twadde frou, Elizabeth fan Burgh, de dochter fan Richard fan Burgh, 2e greve fan Ulster. Mei har krige er fjouwer bern: de twilling David (dy't him letter opfolgje soe) en Jan (dy't as bern stoar), en fierders twa dochters, Matilda en Margareta.
Yn 1303 wist Edwert einlings en te'n lêsten hiele Skotlân te feroverjen, en alle Skotske lieders, mei útsûndering fan William Wallace, joegen har by in plechtichheid yn febrewaris 1304 formeel oan him oer. Hoewol't de Ingelske kening bearde dat Skotlân no weromkeare soe nei de stân fan saken ûnder it regear fan Aleksander III, wie de Skotske ynbring yn it bestjoer fan har eigen lân minym en inkeld foar de foarm, wylst it fannijs Ingelske bestjoerders wiene dy't it foar it sizzen krigen. Doe't op 5 augustus 1305 de fuortflechtige William Wallace troch de Ingelsen oppakt waard yn 'e neite fan Glasgow en op 23 augustus te Londen terjochtsteld waard, liek de Ingelske oerwinning finaal te wêzen.
De moard of Jan Comyn