Foarfallen 24 juny - Fenezuëla wurdt selsstannich nei de oerwinning op Spanje yn 'e Slach by Carabobo. 28 july - Perû ferklearret him ûnôfhinklik fan Spanje. 10 augustus - Missoery wurdt as 24e steat talitten ta de Amerikaanske Uny. 15 septimber - Sintraal-Amearika wurdt ûnôfhinklik fan Spanje. 27 septimber - Meksiko, yn 'e foarm fan it earste Meksikaanske Keizerryk, wurdt ûnôfhinklik fan Spanje.

Berne 27 jannewaris - John M. Chivington, Amerikaansk militêr († 1894) 4 april - Heinrich Band, Dútsk útfiner fan 'e bandonéon († 1860) 6 juny - François-Marie Luzel, Bretonsk folklorist en dichter († 1895) 8 july - Peter Wilhelm Janssen, Eastfrysk-Nederlânsk keapman en filantroop († 1903) 4 augustus - Louis Vuitton, Frânsk ûndernimmer († 1892) 14 augustus - Waling Dykstra, Frysk skriuwer († 1914) 11 novimber - Fjodor Dostojevski, Russysk skriuwer († 1881) 30 desimber - Jacobus van Loon, Frysk ûndernimmer, politikus en frisiast († 1903) datum ûnbekend Swarte Moanne (Black Moon), opperhaad fan 'e Lakota († 1893)

Ferstoarn 23 febrewaris - John Keats, Ingelsk dichter (* 1795) 26 jannewaris - Johan Valckenaer, Frysk heechlearaar en politikus (* 1759) 2 april - Titia Bergsma earste westerske frou yn Japan (* 1786) 5 maaie - Napoleon Bonaparte, keizer fan Frankryk (* 1769) 13 augustus - Baudina Stinstra, Frysk tekeneresse (* 1739)

Literatuer poëzij Percy Shelley, Adonaïs (oerset yn it Frysk as Adonéïs)

Kategory:19e iuw