thumb|300px|<center>De boargeroarloch wie ien fan de earste oarloggen dêr't foto's fan binne De Amerikaanske boargeroarloch wie fan 1861 oant 1865 en gie tusken de noardlike steaten (de Uny) en súdlike steaten (de Konfederaasje) fan de Feriene Steaten. Yn dizze kriich foelen in protte slachtoffers, de troepen fan it noarden ferlearen 359.000 man, dy fan it suden 288.000.
Yn 1860-1861 skiede in kloft súdlike steaten har ôf fan de Feriene Steaten. De noardlike en súdlike steaten ferskilden fan inoar, omdat de noardlike steaten sterk yndustrialiseare wienen, wylst it suden benammen agrarysk wie. It suden freze de tanimmende macht fan it noarden en wie benaud foar herfoarmingen en ôfskaffing fan de slavernij.
Mei de oanfal fan de Konfederaasje op it Fort Sumter yn Charleston yn Súd Karolina begûn de boargerkriich. De striid einige mei de oerwinning troch de Uny.
Kategory:Oarloch fan de Feriene Steaten Kategory:Oarloch fan de Konfederearre Steaten fan Amearika Kategory:Oarloch fan de Yndianen yn Noard-Amearika Kategory:Boargeroarloch Kategory:Opstân Kategory:Oarloch yn Noard-Amearika Kategory:Oarloch yn de 19e iuw Kategory:Militêr treffen yn 1861 Kategory:Militêr treffen yn 1862 Kategory:Militêr treffen yn 1863 Kategory:Militêr treffen yn 1864 Kategory:Militêr treffen yn 1865