Fâltum (Nederlânsk: Fatum) is in nei de útbuorren Fâltum ferneamde poldermole en ryksmonumint súdeast fan Tsjom yn de gemeente Waadhoeke .
By Tsjom stiet noch in twadde spinnekopmole, Teatlum.
Stifting Fâltum bemealle oant de ruilferkaveling in polder mei deselde namme. De fjouwerkante ûndertoer mei houten dielen fan dizze spinnekopmole is mooglik út de 18e iuw. Yn 1914 en 1915 waard de mole troch brân ferwoaste en wer opboud. Fan de brân binne ûnder yn de mûne noch spoaren te sjen.Friese Molens, 1995, ISBN 90 330 1522 6, side 194
Oant in restauraasje oan de ein fan de jierren sechtich hie Fâltum in selsswichting. Yn 1989 is de mole op 'e nij restaurearre.
Yn 2022 is de skroef fan de mûne langer makke en de skroefbak ferfongen. De kosten fan de restauraasje bedroegen 80.000 euro. De skroef is no djipper, sadat de mûne wer by it lege grûnwetter kin en helpe kin by it bemeallen fan de polder.Ljouwerter Krante, 3 oktober 2022 Ljouwerter Krante, 5 oktober 2022
Keppeling om utens Moledatabank - 'Tsjom, Fâltum' De Hollandsche Molen - 'Fâltum yn Tsjom'
Kategory:Tsjom Kategory:Mole yn De Waadhoeke Kategory:Ryksmonumint yn De Waadhoeke Kategory:Poldermole Kategory:Bouwurk út de 18e iuw Kategory:Bouwurk sloopt yn 1914 Kategory:Bouwurk út 1915 Kategory:Mole yn Frjentsjerteradiel Kategory:Ryksmonumint yn Frjentsjerteradiel