Ol’ Dirty Bastard (pseudonym fan Russell Tyrone Jones) (Brooklyn, 15 novimber 1968 – New York City, 13 novimber 2004) wie in Amerikaansk rapper en in mei-oprjochter fan de Wu-Tang Clan.

Ol’ Dirty Bastard kaam faak yn 'e problemen, de swierrichheden foar ODB begûnen yn 1994, doe't er by in sjitpartij mei in oare rapper yn de mage sketten waard. Yn 1997 waard ODB foar it earst oanklage troch in eardere freondinne omdat er gjin alimintaasje foar harren dochter betelle. Yn 1998 folgen ferskate rjochtsaken tsjin syn eks-frou, rekke by in mislearre rôfoerfal ODB ferwûne, waard arrestearre foar winkelstellerij en fanwegen it meardere kearen uterjen fan terroristyske bedrigingen by dronkenskip. By in rûtinekontrôle troch de plysje waard er letter arrestearre foar it besykjen ta moard en ferbean wapenbesit. Wêr't dizze oanklachten krekt op basearre wiene, is nea dúdlik wurden en ODB waard hjir dan ek foar frijsprutsen. Net folle letter waard er lykwols arrestearre foar it riden sûnder jildich rydbewiis, it dragen fan in kûgelfrij fest en it by him hawwen fan kokaïne, crack en marihuana.

Nettsjinsteande alle rjochtsaken brocht ODB yn 1999 in nij album út, mei de titel Nigga Please. Net folle letter flechte ODB in troch de rjochtbank oplein rehabilitaasjeprogramma en wie er in moanne spoarleas. Uteinlik waard er arrestearre en feroardiele ta twa ta fjouwer jier finzenisstraf. Yn 'e finzenis besocht er om it sels tekoart te dwaan. Ol' Dirty Bastard stoar yn 2004 yn 'e âldens fan 35 jier oan in oerdosis drugs. ODB wurke op dat stuit oan syn tredde soloalbum, titele A son unique dat útbrocht wurde soe by Roc-A-Fella Records. Troch it útinoar gean fan de lieding fan it label waard de ferskiningsdatum lykwols meardere kearen útsteld. Oant no ta is it album noch hieltyd net offisjeel útbrocht, hoewol't it yn 2006 koarte tiid te krijen wie op iTunes.

Albums Album Utbrocht op Band Single(s) Enter the Wu-Tang (36 Chambers)9 novimber 1993Wu-Tang ClanProtect Ya Neck,Method Man,C.R.E.A.M.,Can It Be All So SimpleReturn to the 36 Chambers: The Dirty Version28 maart 1995Ol' Dirty BastardBrooklyn Zoo,Shimmy Shimmy YaWu-Tang Forever3 juny 1997Wu-Tang ClanTriumph,It's Yourz,ReunitedNigga Please14 septimber 1999Ol' Dirty BastardGot Your MoneyThe W21 novimber 2000Wu-Tang ClanProtect Ya Neck (The Jump Off),Gravel Pit,Careful (Click, Click)Iron Flag18 desimber 2001Uzi (Pinky Ring),Rules,Back in the Game

Kategory:Amerikaansk rapper Kategory:Amerikaansk hiphopartyst Kategory:Amerikaansk muzikant fan Afro-Amerikaansk komôf Kategory:Persoan berne yn 1968 Kategory:Persoan stoarn yn 2004