De Dútske Demokratyske Republyk (Dútsk: Deutsche Demokratische Republik, DDR) of East-Dútslân wie in lân dat ûntstie op 7 oktober 1949 as satellytsteat fan de Sowjetuny. De DDR bleau bestean oant de werieniging fan West- en East-Dútslân op 3 oktober 1990.

It grûngebiet fan de DDR besloech de hjoeddeiske dielsteaten Meklenburch-Foarpommeren, Brandenburch, Saksen-Anhalt, Saksen, Tueringen en it eastlike part fan Berlyn.

It Sorbysk krige fan de Sowjets bysûnder omtinken as minderheidstaal.

Sjoch ek Berlynske Muorre Dútslân

Kategory:Kâlde Kriich Kategory:Skiednis fan Dútslân Kategory:Histoarysk lân yn Jeropa Kategory:Republyk Kategory:Bestjoerlike ienheid oprjochte yn 1949 Kategory:Bestjoerlike ienheid opheft yn 1990