Swipedei is in dei yn july as op De Jouwer riden wurdt om de Gouden Swipe. Yn 2016 waard fan dit evenemint de 30e edysje holden. De dei wurdt organsearre troch de Hurddraverij en Rinferiening De Jouwer dy't al sûnt 1885 bestiet. De feriening is dêrmei ien fan de âldste draafsportferienings fan Nederlân. Sûnt 1928 wurde de draverijen op de Nutsbaan fan de Jouwer hâlden. Dêrby kin middels de toto ek jild ynsetten wurde. Der binne meardere soarten draverijen lykas in stayerskoers en in monteedraverij foar amazônes. Sûnt 2007 is der ek in Friezerace "ûnder de man", de ruters ride dan ûnder seal. Der is ek in ponyrace, hjirby wurdt ek striden om in lytse Jouster stuoltsjesklok.

Der wurdt twa kear yn it jier koerse. Begjin july de “Swipedei” en ein septimber of begjin oktober de Jouster merkekoersen dêr't de winnende eigener/of pikeur (elk jier om bar) in spesjaal makke Jouster stuoltsjesklok yn ûntfangst nimme mei. De Gouden Swipe binne iepenbier tagonklik.

As priis stelde direkteur fan Douwe Egberts, Hessel Douwes de Jong destiids de Gouden Swipe beskikber. At in dielnimster de swipe trije kear efter elkoar of fiif kear yn totaal wûn, dan mocht se de wikselpriis hâlde. Yn 1985 barde dat. Frou Janna Dragt-Peenstra út Sonnegea fersloech doe de oare pikeurs foar de fyfde kear en mocht se de Gouden Swipe hâlde. Dêrnei waard in nije swipe beskikber steld, mei de betingst dat it altyd in wikselpriis bliuwe soe. Yn 2006 stoppe Douwe Egberts mei de sponsoring en joech de Gouden Swipe yn eigendom fan de organisearjende Jouster Hurddraverij- en Rinferiening. De eardere gemeente Skarsterlân naam de sponsoring oer (sûnt 2014 gemeente De Fryske Marren). Yn it ferline krigen de winnaressen fan de Gouden Swipe de trofee in jier lang mei nei hûs ta. De Jouster Hurddraverij- en Rinferiening hat lykwols oanjûn de swipe op in iepenbier plak oan it publyk toane te wollen. Sûnt jannewaris 2012 stiet de trofee yn it gemeentehûs.

By it 100-jierrich bestean fan de feriening waard in reüny hâlden foar alle winneressen fan de Gouden Swipe.

Winneressen fan de Gouden Swipe 1971 - Gré Bakker 1972 - Janna Dragt-Peenstra 1973 - Janna Dragt- Peenstra 1974 - Nancy van Ooyen 1975 - Marleen Imming 1976 - Ria Ast 1977 - Ria Pools 1978 - Miep Elzinga 1979 - Janna Dragt-Peenstra 1980 - Janna Dragt-Peenstra 1981 - Gertien Bosma 1982 - Mieke van der Werf 1983 - Sonja Suykerbuyk 1984 - Ineke den Besten 1985 - Janna Dragt-Peenstra 1986 - S. Volgers-Calis 1987 - M. de Rijk-France 1988 - frou Schokker 1989 - K. Smits 1990 - E.G. Hagenau 1992 - J.M.J. van der Meer 1993 - M. Mol 1995 - Agnes Beerda 1996 - M.J.C. Middelweerd 1997 Ellen Schagen 1998 - Debbie Post 1999 - Debbie Post 2000 - Ellen Schagen-Imming 2001 - Annemiek Beekman 2002 - Gaby Hendriks 2003 - Mariel Mol 2004 - Gaby Hendriks 2005 - Hilda Hofstra 2006 - Mariel Mol 2007 - Mariel Mol 2008 - Hiltsje Tjalsma 2009 - Hiltsje Tjalsma 2010 - Annicka Duijf 2011 - Paula Bakker 2012 - Chantal van Ooyen 2013 - Hiltje Tjalsma 2014 - Karen Schagen 2015 - Hiltsje Tjalsma 2016 - Hiltsje Tjalsma 2017 - Lotte de Vlieger 2018 - Hiltsje Tjalsma 2019 - </ol> Kategory:Evenemint op De Jouwer Kategory:Hynstesport yn Nederlân Kategory:Sportevenemint yn Fryslân Kategory:Weromkearend evenemint ynsteld yn 1986