right|thumb|Byld fan de tetrarchen dy't har ûnderlinge ferbûnens foarstelle moat. De tetrarchy is in term út de Romeinske tiid en hâlde yn dat it bewâld oer it hiele Romeinske ryk troch fjouwer persoanen droegen waard. Dy foarm fan regearjen waard troch keizer Diokletianus ynsteld en duorre fan 285 oant 313.

Untstean en ein Al gau nei syn beneaming as keizer yn 284, belûkt Diokletianus Maksimianus by it regear, ynearsten as Caesar, letter as mei-keizer. Fan 285 ôf waard it Romeinske Ryk yn twa besjoerlike helten ferparte. Maksimianus krige de ferantwurdlikheid oer it westlik part, wylst it eastlik part ûnder it gesach fan Diokletianus bleau.

Yn 293 waard it Keizerryk op 'e nij organisearre ta fjouwer bestjoerlike dielen dy't ek wer ûnderferparte waarden yn 12 diosesen en 101 provinsjes. De fjouwer dielen waarden bestjoerd troch respektivelik in keizer, Diokletianus (Augustus Senior), in meikeizer, Maksimianus (Augustus Junior), en twa Caesars: Konstantius Klorus Caesar Senior en Galerius, Caesar Junior. As gefolch fan de nije struktuer wie Rome net langer it sintrum fan it Ryk, omdat it bestjoer no festige wie yn fjouwer haadstêden: Nikomedia: wichtichste haadstêd setel fan it betsjoer fan Diokletianus Tessaloniky: setel fan Galerius Trier: setel fan Konstantius I 'Klorus' Milaan: setel van Maximianus

Yn 305 komt der in ein oan de Earste Tetrarchy. De twa keizers loeken har werom en de twa Caesars waarden de nije keizers. Der komme twa nije Caesars foar har yn it plak. De twadde Tetrarchy wurdt ynsteld ûnder lieding fan keizer Konstantius Klorus. As dy keizer it jier derop komt te ferstjerren wurdt op 11 novimber 308 de Tredde Tetrarchy ynsteld tidens de Konferinsje fan Karnuntum, diskear ûnder lieding fan Galerius. Mei syn dea yn 311 komt ek in ein oan dizze bestjoersfoarm yn it Romeinske ryk.

Nei de Tredde Tetrarchy foel it keizerryk útien yn twa parten. De westlike helte wie fan Konstantyn de Grutte en it easten fan Lisinius. Dy twa keizers hienen gauris spul en lang om let krige Konstantyn de Grutte yn 324 de oerhân en waard allinnich hearsker.

Tiidrekken Under de Tetrarchy wienen de wichtichste tiidrekken: Diokletianus 285-305 Ferdieling East en West 285-293 Diokletianus 285-286 (Augustus); 286-293 (Augustus Senior) - Eastlik diel Maksimianus (Caesar) 285-286; (Augustus Junior) 286-293 - Westlik diel Earste Tetrarchy 293-305 Diokletianus (Augustus Senior) - Aazje Maksimianus (Augustus Junior) - Sintraal/East-Jeropa Konstantius Kloarus (Caesar Senior) - West-Jeropa Galearius (Caesar Junior) - Sintraal/East-Europa Konstantius Kloarus 305-306 Konstantius Kloarus (Augustus Senior) 305-306 - West-Jeropa Galearius (Augustus Junior) 305-306 - Aazje Sevearus II (Caesar Senior) 305-306 - Sintraal/East-Jeropa Maksiminus Daia (Caesar Junior) - Aazje Galearius 306-311 Galearius (Augustus Senior) 306-311 - Aazje Sevearus II (Augustus Junior) 306-307 - Sentraal-Jeropa Maksiminus Daia (Caesar Senior) 306-310; (Augustus) sûnt 310 - Aazje Konstantyn de Grutte (Caesar Junior) 306-310; (Augustus) sûnt 310 - West-Jeropa Lisinius (Augustus Junior) sûnt 308 - Sintraal-Jeropa Maksentius (usurpator) 306-312 - Sintraal-Jeropa Maksimianus (usurpator) 307-308 - Sintraal-Jeropa

Kategory:Romeinen Kategory:Steatsfoarm