Husum (Noardfrysk: Hüsem) is de haadstêd fan Noard-Fryslân yn Sleeswyk-Holstein. Yn Husum wennen 22.338 minsken yn 2007 en yn 2020 23.249.
Skiednis De namme Husum wurdt yn 1409 foar it earst neamd.
De âldste stedskronyk giet werom nei it jier 1252. Kening Abel fan Denemark besocht in nije belesting yn Noard-Fryslân yn te fieren, mar de Friezen wegeren dy te beteljen. Abel besleat om de Friezen oan te pakken en stoar yn 'e striid by Husembro (Hüsembrêge). thumb|left|Husum yn 1598. Lykas de measte plakken oan 'e Noardsee binne Husum en omkriten tige beynfloede troch stoarmfloeden. By de ellindige stoarmfloed fan 1362, de Grutte MandrenkeOantsjutting foar de stoarmfloeden fan 1362 en 1634, strûpte de stêd ûnder en ûntstie der in ynholte yn it lân. Foar dy tiid lei Husum net oan 'e kust. De stêd die syn foardiel mei de ynholte en waard in havenstêd. No't Husum tagong ta de see hie waard der ek in Merkplein oanlein. De hannelswaar koe fuort út fiere oarden mei it skip oanlevere wurde en de stêd makke in tiid fan ekonomyske opgong mei. Tusken 1372 en 1398 groeide de befolking fan Husum bot en der waarden twa doarpen stifte, Oster-Husum (East-Husum) and Wester-Husum (West-Husum).
Twadde Wrâldoarloch Yn 1940 waarden ferskate ûnderdielen fan 'e kriichsmacht fan nazy-Dútslân yn en om Husum legere; der wie ûnder oare in militêr fleanfjild (in Fliegerhorst), in kazerne fan 'e Kriegsmarine en in offisiersoplieding (Kriegsschule).
It 5 km noardeastlik fan 'e stêd lizzende kamp Husum-Schwesing (Dútsk: Konzentrationslager Husum-Schwesing) yn 'e gemeente Schwesing, wie fan septimber oant ein desimber 1944 in bûtenkamp (Aussenlager) fan it konsintraasjekamp Neuengamme.
De finzenen moasten ûnder tige swiere yn taaie klaaigrûn allinne mei de skeppe in 4 meter brede en 3 meter djippe tankgrêft, de "Friesengraben", oanlizze. Dêrby waarden se troch de sadistyske kampbewakers faak mishannele.Sjoch ûnder oare: Frank Krake: De laatste getuige. Biografy fan in Amsterdammer, Wim Alosery, dy't as jongfeint û.o. de konsintraasjekampen Neuengamme en Husum-Schwesing, en ek noch de skipsramp fan de Cap Arcona oerlibbe. Utj. Achtbaan, 2018. ISBN 978 90 824 7641 5 Doe 't ein 1944 bliken die dat dy tankgrêft militêr-strategysk om 'e nocht oanlein wie, waard it Aussenlager sletten en waarden de finzenen werombrocht nei Neuengamme. Yn Husum-Schwesing binne nei skatting 297 finzenen om it libben kaam. Op it plak is in betinkingsgebou oanwêzich (Haus der Gegenwart). Yn maaie 1945 waard de kazerne oan 'e Britske besettingstroepen oerdroegen.
Geografy Husum leit oan 'e Noardsee, 43 km súdeastlik fan Flensboarch.
Stedsdielen thumb|250px|Twatalich boerd (Dútsk - Noard-Frysk) fan de plysjedireksje yn Hüsem De wichtichste stedsdielen fan Husum binne: Innenstadt Nordhusum Porrenkoog Osterhusum, Osterhusumfeld Altstadt Norderschlag Dreimühlen Rödemis Fischersiedlung Neustadt Gewerbegebiet Ost Kielsburg Rosenburg Schobüll Halebüll Hockensbüll Lund
Befolkingsûntwikkeling Jier 1769 1864 1875 1885 1895 1905 1914 1933 1950 Ynwenners 3.384 5.000 6.913 7.600 8.900 10.800 10.000 13.380 24.867 Jier 1961 1970 2000 2010 2018 Ynwenners 23.813 24.963 22.611 22.084 23.158
Musea It Theodor-Storm-Haus is in museum oer Theodor Storm. It Noard-Fryske Museum Ludwig-Nissen-Haus hat histoaryske keunst- en kultuerûnderwerpen. It Schloss vor Husum kin yn 'e König-Friedrich-V.-Allee besjoen wurde. Skipfeartmuseum. It Ostenfelder Bauernhaus is it âldste Dútske iepenloftmuseum It Poppenspäler Museum hat poppeteäter as tema.
Underwiis Gymnasium Hermann-Tast-Schule, humanistysk gymnasium sûnt 1527. Theodor-Storm-Skoalle
Middelbere skoallen thumb|260px|Deenske skoalle, Hüsem Gesamtschule Husum-Nord Ferdinand-Tönnies-Skoalle Husum Danske Skole (Deenske skoalle)
Basisskoallen Iven-Agßen-Schule, sûnt 1619, ien fan 'e âldste legere skoallen fan Dútslân. Boargerskoalle Klaus-Groth-Skoalle Bornskoalle yn Schobüll
Ferneamde ynwenners
Hermann Tast (1490−1551), Protestantsk reformatorRiewerts, (1969) Johannes Mejer (1606–1674), kartograafRiewerts, (1969) Peter Axen (1635–1707), jurist, filolooch, humanist en diplomaat(ADB). Bd. 1 Nicolaus Bruhns (1665-1697), hie in protte ynfloed op Johann Sebastian Bach, wie oargelist yn Husum fan 1689 oant 1697. Theodor Storm (1817−1888), Dútsk romanskriuwer Janina Uhse (1989), aktrise Wiebke Puls (1973), aktrise en sjongster Fanny zu Reventlow (1871-1918), Dútsk skriuwer en oersetter Oskar Vogt (1870-1959), Dútsk neuro-anatoom/breinwittenskipper Jan Wayne (* 1974) DJ, sjonger en plateprodusint The Destiny Program (earder Destiny), in hardcore/metalcore band op it heden Nuclear Blast neamd
Sjoch ek Husum (Washington)
Kategory:Noard-Fryslân Kategory:Dútske havenstêd Kategory:Plak yn Sleeswyk-Holstein Kategory:Gemeente yn Sleeswyk-Holstein