De Hiemerter Mole (ek: Hiemertmole), tusken Burchwert en Wytmarsum, yn 'e himrik fan Wytmarsum, is in poldermole fan it type spinnekop.

Skiednis De mole is yn 1811 boud foar it bemeallen fan de Hiemerterpolder en hat oant 1957 de polder op wynkrêft bemeald. Yn dat jier waard yn de mole in diselmotor ynboud. Sûnt 1969 is net mear op de wyn meald en rekke de Hiemerter yn ferfal. Yn 1973 kocht de feriening de Hollandsche Molen de Hiemerter Mole oan en liet dy restaurearje. De mole is sûnt 1988 eigendom fan Stifting De Fryske Mole. It is in ryksmonumint.

De dieselmotor is der út helle en de Hiemerter bemealt no (2007) op frijwillige basis de polder. De mole is op ôfspraak te besichtigjen.

Tichteby stiet rjochting Wytmarsum de Pankoekstermole.

Sjoch ek Mole yn Fryslân

Kategory:Wytmarsum Kategory:Mole yn Súdwest-Fryslân Kategory:Ryksmonumint yn Súdwest-Fryslân Kategory:Spinnekopmole Kategory:Poldermole Kategory:Bouwurk út 1811 Kategory:Mole yn Wûnseradiel Kategory:Ryksmonumint yn Wûnseradiel