De Lorentzslûzen is in slûzekompleks yn de Ofslútdyk by Koarnwertersân. De bouwurken binne wichtich foar it peil op de Iselmar en de skipfeart fan en nei de Waadsee. By Den Oever, oan 'e Noardhollânske kant fan de Ofslútdyk, binne de Stevinslûzen.
Skiednis De Lorentzslûzen waarden yn desimber 1952 neamd nei de natuerkundige Hendrik LorentzBerends, Frits en van Delft, Dirk: Lorentz: gevierd fysicus, geboren verzoener, Prometheus, Amsterdam 2019 (, side 498. Syn presyzjeberekkeningen leine it oankomstplak fan de Ofslútdyk yn Fryslân by Surch ynstee fan Piaam, om it stoarmgefaar te ferlytsjen.
Yn it wurkplan 1924 foar de Ofslútdyk waard it definitive plak foar de Lorentzslûzen fêstlein: tusken de twa bochten yn 'e Ofslútdyk, op 'e rêch fan it Koarnwertersân. Een halve eeuw Zuiderzeewerken, útjouwerij: H.D. Tjeenk Willink, Grins (1974) siden 138-155 Yn totaal waarden dêr twa groepen silen oanlein en twa skutslûzen. Ut wetterkundich eachpunt wei wie der in lytse foarkar foar trije groepen silen by de Fryske kust, en twa by Den Oever, dochs it ministearje fan Definsje woe yn gefal fan in ynvaazje út it easten wei de grutste kapasiteit sa lang mooglik yn eigen hân hâlde en dêrom is de ferhâlding oarsom wurden. It skipfeartferkear foar de Fryske kust wie frij yntinsyf en twa skutslûzen waarden dêr boud. De djiptegong fan de skippen wie maksimaal likernôch trije meter en mei een drompeldjipte fan fjouwer meter koene sels de gruste skippen ek by tige leech wetter skut wurde. De krusings fan it autoferkear op 'e Ofslútdyk en it skipfeartferkear makken beweechbere brêgen nedich. Mei it each op definsjebelangen waarden dat draaibrêgen, want hege ophel- of baskulebrêgen koene in dúdlik doelwyt foar fijannige artillery wêze.
It kompleks waard boud yn 1928-1931 yn funksjonalistyske styl neffens ûnwerp fan Dirk Roosenburg yn gearwurking mei Buro Suderseewurken.Monumentenregister Lorentzsluizen, nr: 516527, sjoen op 26 novimber 2013
It slûzekompleks moast foar it ôfsluten fan 'e Sudersee dien wêze foar gebrûk. By it wurk oan de dyk soene de streamen troch de lytser wurdende slútgatten sa sterk wurde, dat der gjin feilich skipferkear mear mooglik wêze koe. De bouput foar de Lorentzslûzen wie yn maaie 1928 dien. De tastân fan 'e boaiem wie dêr minder geunstich as by dy fan 'e Stevinslûzen en ûnder betonnen fundearringsplaten waarden houten peallen oanheid. Yn juny 1928 waard mei de fundearring úteinset en op 15 july 1931 koene de skutslûzen brûkt wurde, dochs wie de offisjele iepening earst op 7 oktober 1931. De silen kamen yn maaie 1932 ree.
De slûzen It kompleks bestiet út: Silen. Twa bouwurken mei elts fiif spuikokers dy't it wetter losje fan de Iselmar op de Waadsee. Skutslûzen. In grutte en in lytse skutslûs dy't beëasten lizze fan de silen. Fan de skutslûzen makket de skipfeart tusken de Waadsee en de Iselmar gebrûk. It slûzekompleks is ryksmonumint.
Utwreiding Yn 2013 joech minister Schultz van Haegen it griene ljocht foar it útwreidzjen fan 'e grutte slûs en it ferdjipjen fan 'e farslinken yn 'e Iselmar. Dêr soene skippen fan 150 meter lang, 25 meter breed en 5 meter djip mei de Ofslútdyk passearje kinne. Yn 2020 hawwe it Ryk en de provinsje dêr ôfspraken oer makke. Dat oanpasjen kin dêr ta liede dat de hoemannichte sâlt dy't yn 'e Iselmar komt, ferdûbelje.Ryksoerheid Verruiming sluiscomplex Kornwerderzand - Eindrapportage Scenario-uitwerking Kornwerderzand, 27 septimber 2024 oproppen op 23 oktober 2024 Ek it djipper meitsjen fan 'e farslinke kin dêr ta liede dat it ynkommende sâlt him flugger en fierder yn 'e Iselmar ferspriedt en dêr nimt it risiko mei ta dat it de noarmen foar it drinkwetter te boppe giet. Om dat de baas te bliuwen, moatte ekstra foarsjennings nedich wêze en dat makket it projekt folle djurder.RTL Nieuws Strop van 375 miljoen dreigt bij verbouwing sluis in Afsluitdijk, 12 oktober 2024, oproppen op 23 oktober 2024
Sjoch ek Slûzen en keardamen yn Fryslân
Keppeling om utens Lorentzsslûzen op de side fan Rykswettersteat
Kategory:Koarnwertersân Kategory:Bouwurk yn Súdwest-Fryslân Kategory:Bouwurk yn Wûnseradiel Kategory:Slûs yn Fryslân Kategory:Ryksmonumint yn Wûnseradiel Kategory:Ryksmonumint yn Súdwest-Fryslân Kategory:Bouwurk út 1932