Doede Bleeker (Starum, 14 augustus 1952 - dêre, 18 maart 2018)Troubadour Doede Bleeker op 65 jarige leeftijd overleden wie in Frysk sjonger, dichter en skriuwer, dy't de bynamme de Staverse Misthoarn hie. Hy wie benammen bekend fan feestferskes as Switsokken en Skouderham, mar wie dêr net alhiel gelokkich mei, om't er ek serieuzere nûmers skreau en song. Njonken syn libben as artyst hie Bleeker yn Starum in fiskhannel.

Libben Bleeker waard yn 1952 yn Starum berne en bleau dêr syn hiele libben te wenjen. Hy wie fan berop fiskboer, mar sette begjin jierren tachtich, doe't er gjin wurk hie, útein mei it skriuwen fan ferskes, gedichten en ferhalen, benammen yn it Starumer dialekt fan it Stedsk, dat syn memmetaal wie. In earste optreden op 'e strjitte yn Snits smakke him nei mear, en sadwaande begûn er faker as sjonger op te treden, wylst him ek frege waard en nim in LP op.[boarne nedich] Yn 1993 hied er in lytse rol yn 'e film De Kleine Blonde Dood fan Jean van de Velde.

Dêrnei waard Bleeker ferneamder en syn muzyk, dy't goed oansloech, waard draaid op 'e tillefyzje en de radio. Op it Frysktalige muzykfestival Aaipop bêde er in oproerige dronken kliber jongerein del mei in spontaan optreden, en yn Beetstersweach rêde er krektsa in popfestival doe't dat troch min waar drige te bedjerren. Op Omrop Súdwest hied er it radioprogramma Buutenstaanders, dêr't er 'ûnderwurdearre' muzyk draaide dy't net op lanlike stjoerders te hearren wie.[boarne nedich] Bleeker neamde himsels in Stedfryske trûbadoer, of ek wol de Singende Fisboer. Syn bekendste bynamme wie de Staverse Misthoarn, in oantsjutting dy’t troch himsels yntrodusearre waard neidat er yn de Ljouwerter Krante de Fryske Urbanus neamd waard.[boarne nedich]

Meitiid begûn Bleeker lykwols in tsjinsin by syn imago as feestfierder te krijen, en teffens by it lûdroftige feestpublyk. Behalven feestnûmers as Switsokken en Skouderham hied er altyd ek al serieuzere ferskes skreaun, mar yn 2007 brocht er in cd út (syn lêste), mei inkeld fan sokke nûmers. Dy cd krige as titel Omarmd op Texel, en omfieme sawol âld as nij wurk. Dêrûnder wiene Bliif Nyt Soa Lang Fut, oer in freon fan sines dy't út it libben stapt wie, en Sij Ging Fut, oer de ein fan syn eigen houlik, yn 2001. Bleeker wie der ûngelokkich mei dat Omrop Fryslân syn serieuzere muzyk negearre, sadat er tsjin wil en tank de man fan Switsokken bleau. Mei dêrom sette er de lêste tsien jier fan syn libben syn artystekarriêre op in leech pitsje en lei er him benammen ta op syn fiskhannel.

Bleeker kaam op 18 maart 2018 yn de âldens fan 65 jier hommels te ferstjerren oan hertfalen.

Diskografy Langspylplaten: 1984 – Foor de fatsoensrakkers (Frigram) 1987 – Rauwkost (Firgram)

Cd's: 1991 – Ik bin in brulkikker 1994 – Ontspoard 1997 – Mengde gefoelens 1998 – Foor de fatsoensrakker 1998 - Sweefteef 2007 – Omarmd op Texel

Ek is hy te hearren op tal fan oare cd's fan en mei oare sjongers.

Bibliografy Pretletters op de klaagmuur - Dichtbondel Kopziekte - Ferhalebondel

Keppeling om utens De webstee fan Doede Bleeker. Streektaalsang

Kategory:Frysk ûndernimmer Kategory:Frysk keapman Kategory:Frysk dichter Kategory:Frysk lietsjeskriuwer Kategory:Frysk kollumnist Kategory:Skriuwer yn it Stedsk Kategory:Frysk sjonger Kategory:Sjonger yn it Stedsk Kategory:Frysk radiopresintator Kategory:Persoan berne yn Starum Kategory:Persoan berne yn 1952 Kategory:Persoan stoarn yn 2018