Foarfallen 5 febrewaris - De Dútske keizer, Frankryk en Sweden tekenje de Frede fan Nimwegen. 23 augustus - Mei de ûndertekening fan it Ferdrach fan Fontainebleau komt der in ein oan de Skânske Oarloch. Denemark moat ûnder druk fan Frankryk it werovere gebiet wer oan de Sweden weromjaan. desimber - Yn it fuotspoar fan Simon van der Stel fêstigje har de earste kolonisten yn Stellenbosch, yn Súd-Afrika. sûnder datum - Antony van Leeuwenhoek ûntdekt de siedsel sûnder datum - De lêste Hear fan Vianen út it Hûs fan Bredero stjert sûnder mannelike neikommelingen. De frije hearlikheid giet yn 'e froulike line oer op it geslacht Von Lippe. sûnder datum - Willem van Haren wurdt grytman fan Doanjewerstâl.
Berne datum ûnbekend Willem Loré, Frysk wetterboukundige († 1744)
Ferstoarn 1 jannewaris - Jan Steen, Nederlânsk skilder (* 1625 of 1626) 5 febrewaris - Joost van den Vondel, Nederlânsk dichter en toanielskriuwer (* 1587)
Kategory:17e iuw