De autonome mienskip Falinsia (Spaansk en Falinsiaansk: Valencia) is ien fan de 17 Spaanske regio's, en is as sadanich oprjochte yn 1982. De haadstêd is Falinsia. Yn it Spaansk is de namme fan de regio folút Comunidad Valenciana, en yn it Falinsiaansk (de regionaal foarm fan it Katalaansk) Comunitat Valenciana Yn it noardeasten grinzet de regio oan Kataloanje, yn it noardwesten oan Aragon, yn it westen oan Kastylje-La Mansja en yn it suden oan Mursia.
Klimaat De regio leit oan de Middellânske See. Troch de ynfloed fan de see is it klimaat ek frij myld neffens regio's as Madrid dy't fierder it lân yn lizze. De lange strannen en de sinne lûke alle jierren dan ek in soad toeristen.
Bestjoerlike yndieling De regio Falinsia is ûnderferparte yn trije provinsjes:
ProvinsjeBefolkingHaadstêdYnwennersAlicante 1.732.389Alicante 319.380Castellón 543.435Castellón de la Plana 167.455Falinsia 2.416.628Falinsia 807.396Totaal4.692.449
150px|thumb|right|Flagge fan Falinsia op in wachttoer
Kategory:Autonome mienskip fan Spanje Kategory:Bestjoerlike ienheid oprjochte yn 1982