Foarfallen febrewaris 12 - Yn Ingelân is Henry Lindfield de earste minske dy't stjert by in auto-ûngemak. maart 24 - It Fryske Bûn wurdt stifte. april 25 - De Spaansk-Amerikaanske Oarloch brekt út as de Feriene Steaten tuskenbeiden komme yn 'e bloedige Kubaanske Unôfhinklikheidsoarloch tusken de Spaanske machthawwers en de Kubaanske rebellen. july 7 - De Amerikaanske anneksaasje fan Hawaï fynt plak. De Republyk Hawaï wurdt omfoarme ta it Territoarium Hawaï. 28 - Yn 'e Noardlike Iissee wurdt it Russyske eilân Victoria ûntdutsen troch de Noarske kapteins Johannes Nilsen en Ludvig Bernard Sebulonsen by harren jacht op walrussen. augustus 3 - Jan Reitsma, Johannes Douwes Bierma en Johannes Struiksma winne yn Frjentsjer de 47ste PC. Johannes Struiksma wurdt útroppen ta kening. 12 - De fijannichheden tusken de Feriene Steaten en Spanje yn 'e Spaansk-Amerikaanske Oarloch wurde beëinige. De Feriene Steaten hawwe Kuba, Porto Riko, de Filipinen en Gûam op 'e Spanjerts ferovere. septimber 6 - Yn de Nije Tsjerke yn Amsterdam wurdt Prinsesse Wilhelmina ynhuldige as keninginne fan Nederlân. 10 - Keizerinne Elisabeth fan Eastenyk (Sissi) wurdt troch de Italjaanske anargist Luigi Lucheni mei in file deastutsen. desimber 9 - John Patterson sjit de earste Tsavo-liuw dea. 10 - It Ferdrach fan Parys makket formeel in ein oan 'e Spaansk-Amerikaanske Oarloch. Spanje docht ôfstân fan alle ferlerne gebieten.
Berne jannewaris 11 - Hans Kirk, Deensk skriuwer († 1962) 13 - Kaj Munk, Deensk predikant en dichter († 1944) 21 - Sjoerd Hofstra, Frysk heechlearaar Afrikaanske folkekunde († 1983) 22 - Rinze Rinzes Yetsenga, Frysk keatser († 1973) 23 - Erich Schatzki, Dútsk yngenieur en fleanmasineûntwerper († 1991) febrewaris 5 - Jeanne Bieruma Oosting, Frysk keunstneresse († 1994) 10 - Bertold Brecht, Dútsk skriuwer († 1956) 16 - Jan van der Zee, Frysk grafikus († 1988) april 7 - Domenico Mordini, Italjaansk siler († 1948) 9 - Edward Jennings, Amerikaansk roeier († 1975) 30 - Johan Richthoff, Sweedsk wrakselder († 1983) maaie 3 - Golda Meir, Israelysk politika († 1978) 9 - Johannes Siebinga, Frysk dokter, amateur-archeolooch en fersetsstrider († 1969) juny 5 - Federico García Lorca, Spaansk toanielskriuwer († 1936) 17 - Maurits Cornelis Escher Frysk keunstner († 1972) 22 - Giacomo Prampolini, Italjaansk oersetter en dichter († 1975) 26 - Willi Messerschmitt, Dútsk fleanmasinefabrikant († 1978) 26 juny - Chesty Puller, Amerikaansk militêr († 1971) july 3 - Hendrik Douwes Lemstra, Frysk keatser († 1922) 7 - Giuseppe Novello, Italjaansk keunstner en yllustrator († 1988) 25 - Fedde Schurer, Frysk dichter, sjoernalist en taalaktivist († 1968) augustus 2 - Ernő Nagy, Hongaarsk skermer († 1977) 9 - Mariap fan Urk, Nederlânsk dichteres († 1966) 12 - Hendrik Christiaan van de Leur, Nederlânsk arsjitekt († 1994) 14 - Ernst Kyburz, Switsersk wrakselder († 1983) septimber 15 - J.J. Slauerhoff, Frysk dichter en skriuwer († 1936) oktober 15 - Ahmed Boughéra El Ouafi, Algerynsk lange-ôfstânsdraver († 1959) 17 - Simon Vestdijk, Nederlânsk skriuwer († 1971) novimber 8 - Katharine Mary Briggs, Ingelsk folkloriste († 1980) 11 - René Clair, Frânsk filmregisseur en skriuwer († 1981) 12 - Leon Štukelj, Sloveensk turner († 1999) 19 - Ugo Pignotti, Italjaansk skermer († 1989) 21 - René Magritte, Waalsk keunstskilder († 1967) desimber 17 - Loren Murchison, Amerikaansk sprinter († 1979) 26 - Gerhardus Jan Adema, Frysk keunstner († 1981) datum ûnbekend Lucie Burgers, Nederlânsk dieretúndirekteur († 1974) Ale Kerkhof, Frysk yngenieur en oersetter († 1969)
Ferstoarn 14 jannewaris - Lewis Carroll, Ingelsk berneboekeskriuwer en wiskundige (* 1832) 29 jannewaris - Dirk Fontein de Jong, Frysk ûndernimmer, bestjoerder en politikus (* 1836) 22 juny - Frederick Benteen, Amerikaansk militêr (* 1834) 3 july - Otto von Bismark, kânselier fan Dútslân (* 1815) 12 july - Willem Suringar, Frysk botanikus (* 1832) 10 septimber - keizerinne Elisabeth fan Eastenyk (Sissi) (* 1837)
Kategory:19e iuw