Foarfallen Ein fan it kleaster Vinea Domini, noardwest fan Penjum en stifte fanút it kleaster Lidlum. It Knillesdjip wurdt om dizze tiid hinne oanlein troch Kolonel Caspar de Robles. 1 novimber - de (tredde) Alderheljenfloed teisteret de Nederlânske kusten en fernielt in protte diken en oare wetterkearings. Gefolch: hûnderten deaden, tsientûzenen dakleazen, ferswolge fee en winterfoarrieden. De earste Brandaris fjoertoer op Skylge stoart yn see.
Johan fan Oldenbarnevelt wurdt advokaat by it Hof fan Hollân, dêr't er him taleit op dingen dy't mei diken en ôfwettering te meitsjen hawwe. Don Frederik bemasteret it Hûs te Kleef ûnder Haarlim. De earste strjitferljochting yn de wrâld wurdt yn De Haach oanlein.
Berne Gaspar Fernandes, Portegeesk komponist Carel Georg fan Burmania, Frysk ealman († 1634)
Ferstoarn Francesco Primaticcio (66), Italjaansk skilder
Kategory:16e iuw