Dit jier makket ûnderdiel út fan it desennium fan 'e 1910-er jierren. Foarfallen jannewaris 1 - Formele oprjochting fan 'e Republyk Sina. 6 - It Territoarium Nij-Meksiko wurdt opheft en yn it plak dêrfan ûntstiet de Steat Nij-Meksiko, dy't as 47e steat opnommen wurdt yn 'e Feriene Steaten. 9 - Amerikaanske troepen dogge in ynfal yn Hondoeras, om't presidint Manuel Bonilla in spoarline en in skipswerf, dy't eigendom binne fan in Amerikaansk steatsboarger, fan doel is te nasjonalisearjen. 10 - Mongoalje wurdt in protektoraat fan Ruslân. 17 - De Britske ûntdekkingsreizger Robert Falcon Scott berikt de Súdpoal en konstatearret dêr ta syn teloarstelling dat de Noar Roald Amundsen him foar west hat. 25 - By Ryksdeiferkiezings yn Dútslân behellet de sosjalistyske SPD in grutte oerwinning. febrewaris 7 - De Twadde Alvestêdetocht wurdt wûn troch Coen de Koning út Arnhim yn in tiid fan 11 oeren en 40 minuten. 12 - Yn Sina wurdt de Sineeske Revolúsje foltôge mei de abdikaasje fan 'e tolvejierrige keizer Pu Yi. 14 - Arizona wurdt as 48e steat opnommen yn 'e Feriene Steaten. 26 - Yn it Feriene Keninkryk begjint in massale mynstaking, dêr't likernôch 425.000 mynwurkers oan meidogge. It is harren te dwaan om 'e ynfiering fan in minimumlean. maart 1 - Emmeline Pankhurst, ien fan 'e liedsters fan 'e Britske suffrazjettes, wurdt arrestearre foar it yngoaien fan 'e ruten fan 'e amtswente fan 'e Britske premier, op 10 Downing Street. 13 - Servje en Bulgarije slute it geheime Ferdrach fan Sofia, dat rjochte is tsjin it Osmaanske Ryk. 29 - Op harren weromwei fan 'e Súdpoal komme de Britske ûntdekkingsreizger Robert Falcon Scott en syn fjouwer selskipslju ûnder in oanhâldende sniestoarm om fan 'e honger en ûntbearings. 30 - Under it Ferdrach fan Fez wurdt it Sultanaat Marokko fanôf hjoed in Frânske protektoraat, Frânsk-Marokko. Yn 'e praktyk wurdt it gebiet frijwol itselde behannele as in koloanje. april 2 - Yn Sina wurdt troch Sun Yatsen, de earste presidint fan 'e Republyk Sina, de nasjonalistyske politike partij Guomintang oprjochte. 15 - Op syn earste reis komt it Britske passazjiersskip de RMS Titanic yn 'e noardlike Atlantyske Oseaan te sinken. By dy ramp komme 1.517 minsken om. 17 - By it Bloedbad fan Andrejevski falle op 'e goudfjilden fan Andrejevski, oan 'e rivier de Lena, yn Sibearje, 270 deaden as de Russyske plysje it fjoer iepenet op stakende mynwurkers. maaie 29 - Grikelân en Bulgarije slute it geheime Ferdrach fan Sofia, dat rjochte is tsjin it Osmaanske Ryk. 31 - Amerikaanske mariniers lânje op Kuba om 'e saneamde Negeropstân, in rebûlje ûnder swarte arbeiders op 'e sûkerreidplantaazjes op it eilân, te ûnderdrukken. july 21 - Yn Albaanje brekt de Albaneeske Opstân út tsjin 'e oerhearsking troch it Osmaanske Ryk. 31 - Rinse Jan Hendrik Brink, Sybolt Meyes Tigchelaar en Sikke de Vries winne yn Frjentsjer de 61ste PC. Sybolt Meyes Tigchelaar wurdt útroppen ta kening. augustus 3 - Yn in besykjen om 'e Albaneeske Opstân del te bêdzjen, ferlient it Osmaanske regear in beheinde foarm fan selsbestjoer oan Albaanje. 12 - It regear fan Bulgarije easket fan it Osmaanske Ryk selsbestjoer foar Masedoanje. 14 - Amerikaanske mariniers dogge in ynfal yn Nikaragûa, om in opstân tsjin it rezjym fan presidint Adolfo Díaz te ûnderdrukken. 15 - Oan 'e grinzen fan it Keninkryk Montenegro mei it Osmaanske Ryk fine skermutselings plak tusken troepen fan 'e beide lannen. 24 - It Distrikt Alaska, in ûnorganisearre territoarium fan 'e Feriene Steaten, wurdt bestjoerlik herfoarme ta it Territoarium Alaska. 30 - Servje, Bulgarije, Grikelân en Montenegro kundigje de mobilisaasje ôf yn ferbân mei de oanboazjende spannings mei it Osmaanske Ryk. septimber 3 - De regearings fan Servje, Bulgarije, Grikelân en Montenegro stjoere it Osmaanske Ryk in ultimatum, wêryn't easke wurdt dat Albaanje, Ald-Servje en Masedoanje binnen trije dagen selsbestjoer krije moatte. 4 - It regear fan it Osmaanske Ryk wiist it utimatum fan 'e Balkansteaten ôf. oktober 8 - Utbraak fan 'e Earste Balkanoarloch: Montenegro ferklearret de oarloch oan it Osmaanske Ryk. 17 - Bulgarije, Grikelân en Servje ferklearje de oarloch oan it Osmaanske Ryk. 18 - De Italjaansk-Turkske Oarloch einiget yn in klinkende oerwinning foar Itaalje. It Osmaanske Ryk moat by it Ferdrach fan Lausanne Tripolitaanje en de Syrenaika yn Noard-Afrika ôfstean, dy't omfoarme wurde ta de koloanje Italjaansk-Lybje. Fierders wurdt ek de Dodekanesos, in eilannegroep yn 'e Egeyske See, in Italjaanske koloanje. 26 - Servyske troepen feroverje yn it ramt fan 'e Earste Balkanoarloch de Osmaanske stêd Üsküp (Skopje). novimber 5 - Woodrow Wilson, de kandidaat fan 'e Demokratyske Partij, wurdt by presidintsferkiezings ûnferwachts keazen ta presidint fan 'e Feriene Steaten. 5 - De Amerikaanske steaten Arizona, Kansas en Wiskonsin fiere it frouljuskiesrjocht yn. 8 - Grykske troepen feroverje yn it ramt fan 'e Earste Balkanoarloch de Osmaanske stêd Thessaloniki. 11 - By in oanslach yn Madrid wurdt de Spaanske premier José Canalejas y Mendez fermoarde troch in anargist. 27 - Spanje reorganisearret syn koloniale besittings yn Marokko ta de koloanje Spaansk-Marokko. 28 - Albaanje ropt de ûnôfhinklikheid út. desimber 3 - Tusken de stridende partijen yn 'e Earste Balkanoarloch wurdt in wiffe wapenstilstân sletten. 3 - De Dútske rykskânselier Theobald von Bethmann-Hollweg warskôget yn in taspraak oan 'e Ryksdei Ruslân dat Dútslân syn bûnsgenoat Eastenryk-Hongarije militêr bystean sil as it ea ta in oarloch tusken dat lân en Ruslân komt oer in kwestje dy't mei Servje te krijen hat. 7 - De Dútske argeolooch Ludwig Borchart ûntdekt yn Egypte de Búste fan Nefertiti. 16 - Yn ferbân mei de oanboazjende spannings mei it Keninkryk Servje giet Eastenryk-Hongarije oer ta it ôfkundigjen fan 'e mobilisaasje. datum ûnbekend july - Tibet ferklearret him ûnôfhinklik fan Sina, yn 'e foarm fan 'e Steat Tibet.
Berne jannewaris 2 - Hisakichi Toyoda, Japansk swimmer († 1976) 3 - Tibor Berczelly, Hongaarsk skermer († 1990) 6 - Frederick Manfred, Amerikaansk skriuwer († 1994) 19 - Bernardus Nieuwenhuis, Frysk keunstskilder († 2001) 23 - Georgia Coleman, Amerikaansk keunstdûkster († 1940) 28 - Tante Leen, Nederlânsk sjongeres († 1992) febrewaris 12 - Pieter Wijbenga, Frysk sjoernalist en fersetsstrider († 1990) 13 - Marco Cimatti, Italjaansk hurdfytser († 1982) 20 - Pierre Boulle, Frânsk skriuwer († 1994) maart 14 - Richard Degener, Amerikaansk keunstdûker († 1995) 15 - Lightnin' Hopkins, Amerikaansk sjonger († 1982) 16 - Sake Lieuwe Tiemersma, Frysk komponist, oargelist en dirigint († 1987) 16 - Pat Nixon, Amerikaansk presidintsfrou († 1993) 23 - Wernher von Braun, Dútsk raketlearde († 1977) 27 - James Callaghan, premier fan it Feriene Keninkryk († 2005) 29 - Jaap Romijn, Nederlânsk skriuwer en museumdirekteur († 1987) 29 - Willy van Hemert, Nederlânsk akteur en regisseur († 1993) 29 - Jules de Corte, Nederlânsk sjonger en pianist († 1996) april 5 - John Le Mesurier, Ingelsk akteur († 1983) 5 - William Roberts, Ingelsk atleet († 2001) 6 - Jan Brzák-Felix, Tsjechysk kanoër († 1988) 8 - Sonja Henie, Noarsk keunstrydster († 1969) 23 - Santiago Lovell, Argentynsk bokser († 1966) maaie 2 - Marten Toonder, Nederlânsk skriuwer en striptekener († (2005) 6 - Ellen Müller-Preis, Eastenryksk-Dútsk skermster († 2007) 15 - Winslow Hall, Amerikaansk roeier († 1995) 17 - Jacob Ritzema van Ikema, Nederlânsk ûndernimmer († 1983) 25 - Marshall Wayne, Amerikaansk keunstdûker († 1999) juny 2 - Pier Feddema, Frysk skriuwer en keunstner († 1983) 8 - Roger Michelot, Frânsk bokser († 1993) 10 - Sven Johansson, Sweedsk kanoër († 1953) 18 - Glenn Morris, Amerikaansk atleet († 1974) 21 - Amy van Marken, Nederlânsk letterkundige en oersetter († 1995) 23 - Alan Turing, Ingelsk wiskundige († 1954) 30 - Ludwig Bölkow, Dútsk loftfeartpionier († 2003) july 7 - S.J. van der Molen, Frysk skriuwer en sjoernalist († 1995) 15 - Earnest Goodsir-Cullen, Yndiaask hockeyer († 1993) 17 - Pál Kovács, Hongaarsk skermer († 1995) 31 - Milton Friedman, Amerikaansk ekonoom († 2006) augustus 2 - Jalke Klijnsma, Frysk politikus († 1984) 6 - Tabe Beintema, Frysk boekhanneler, frisiast en oersetter († 1991) 10 - Nol Gregoor, Nederlânsk dichter († 2000) 10 - Carel Steensma, Frysk piloat en fersetsstrider († 2006) 15 - Naoto Tajima, Japansk atleet († 1990) 16 - Marga Klompé, Nederlânsk politika († 1986) 23 - Gene Kelly, Amerikaansk akteur en dûnser († 1996) 28 - Ruurd Faber, Nederlânsk politikus († 1992) 29 - Sohn Kee-chung, Koreaansk maratonrinner († 2002) septimber 5 - John Cage, Amerikaansk komponist († 1992) 8 - W. Richard West sr., Amerikaansk keunstner († 1996) 13 - Carmen Barth, Amerikaansk bokser († 1985) oktober 5 - Horace Gwynne, Kanadeesk bokser († 2001) 14 - Albert Richter, Dútsk hurdfytser († 1940) 17 - paus Jehannes Paulus I († 1978) 28 - Richard Doll, Britsk epidemiolooch († 2005) novimber 1 - Ahmed Khan, Pakistaansk hockeyer († 1967) 1 - Bill Miller, Amerikaansk heechljepper († 2008) 16 - Anton Koolhaas, Nederlânsk skriuwer († 1992) 21 - Tine Winters-Van Asperen, Frysk toanielspylster († 1987) 23 - Lieuwe Brolsma, Frysk skriuwer († 1976) 25 - Johannes Doedes de Jong, Frysk fotograaf, filmmakker, sjoernalist en dichter († 1996) desimber 6 - Frank Lewis, Amerikaansk wrakselder († 1998) 15 - Ru van Veen, Nederlânsk musikus († 1988) 20 - Art Mollner, Amerikaansk basketballer († 1995) 22 - Lady Bird Johnson, Amerikaansk presidintsfrou († 2007) datum net bekend Krijn van den Helm, Nederlânsk amtner en fersetsstrider yn de Twadde Wrâldkriich († 1944)
Ferstoarn 14 maaie - August Strindberg, Sweedsk skriuwer en skilder (* 1849) 30 maaie - Wilbur Wright, Amerikaanske loftfeartpionier (* 1867) 2 juny - Tsjalling Eeltsjes Halbertsma, Frysk skriuwer en ûnderwizer (* 1848) 25 juny - sir Lourens Alma-Tadema, Frysk-Ingelsk keunstskilder (* 1836) 20 augustus - William Booth, Ingelsk predikant, stifter fan it Leger des Heils (* 1829) datum ûnbekend Kriehûn (Crow Dog), opperhaad fan 'e Lakota (* 1833)
Literatuer romans Edgar Rice Burroughs, Tarzan of the Apes
Kategory:20e iuw