thumb|right|200px|Jan Brander Jan Brander (Wergea, 1946) is in Fryske amateurhurdfytser, dy't sûnt april 2007 hâlder is fan it UCI wrâldoererekord foar sechtich-plussers (42,370 km).
Brander is berne yn Wergea, mar groeide op yn Hilfertsom en letter Duerswâld (sûnt 1974 diel fan Wynjewâld). Hy is makeler yn Drachten en wennet tsjintwurdich yn Oerterp. Op sportyf mêd wie hy yn it earstoan aktyf as amateur-fuotballer, mar yn 1996, doe't hy fyftich jier wie, begûn hy mei hurdfytsen.
Hy wûn ûngefear 120 weiwedstriden en tiidritten en waard twa kear Nederlânsk kampioen tiidriden yn de kategory 50+. Brander die tsien kear mei oan it Nederlânsk Kampioenskip op de wei, wêrby't hy njoggen kear yn de top-10 einige. Yn april 2007 helle hy op de fytsbaan fan Alkmar it wrâldoererekord yn de kategory 60+ (42,370 km), wêrmei't hy teffens € 12.000 foar in goed doel ophelle.
Resultaten 2005 Kampioen Open NK Masters 50+ 4e plak UCI WK Masters 50+ Time Trial
2006 Kampioen Open NK Masters 50+ 2e NK Masters 50+ 3e UCI WK Masters 50+ Time Trial
2007 Wrâldoererekord kategory 60+ 2e UCI WK Masters 60+ Time Trial
2008 Kampioen Open NK Masters 60+ 3e UCI WK Masters 60+ Time Trial
2009 Kampioen Open NK Masters 60+ 9e UCI WK Masters 60+ Time Trial (lekriden)
Boarne Johan Rijwielen - Profyl Jan Brander Frysk Deiblêd, 21 april 2007 - Line Atsma: Brander snelt naar werelduurrecord Frysk Deiblêd, 18 april 2007 - Ron Hemmink: Trainingsbeest van zestig op recordjacht De Krant, 10 april 2007 - Wielrenner gaat voor werelduurrecord en Toermalijn Roden
Kategory:Frysk hurdfytser Kategory:Frysk makeler Kategory:Nederlânsk hurdfytser Kategory:Nederlânsk makeler Kategory:Nederlânsk persoan fan Frysk komôf Kategory:Persoan berne yn Wergea Kategory:Persoan berne yn 1946