It Frysk Fassisten Front (FFF) waard oprjochte yn maaie 1933 troch de dichter en feedokter Rintsje Piter Sybesma út Tsjerkgaast en J.M. van der Goot (kandidaat-notaris fan Sondel).
De 'Foarhammer' wie it krantsje fan de FFF. De ienichste bekende aktiviteit fan dizze faksistyske organisaasje is de begjinselferklearring, mei in lytse koarte taljochting. Dy ferklearring waard op 27 juny 1933 opnaam yn de Nieuwe Rotterdamsche Courant. Der wurdt oannomd dat it Frysk Fassisten Front yn de earste helte fan 1934 opgien is yn de Nasjonaal-Sosjalistyske Beweging (NSB) fan yr. A.A. Mussert.
Sjoch ek Fryske Folkspartij (FFP)
Kategory:Faksisme yn Nederlân Kategory:Eardere Fryske politike partij Kategory:Organisaasje oprjochte yn 1933 Kategory:Organisaasje opheft yn 1934