Foarfallen Afrika Falerianus I organisearet Legio III Augusta op 'en nij mei auxilia (hiertroepen) út Raetia. Sy moatte yn Africa in koälysje fan opstannige Berbers delbêdzje. Etioopje wurdt rekke troch de pest dy't him ferspraat oer it Romeinske Keizerryk. De epidemy sil 15 jier duorje en in protte slachtoffers easkje.
Perzje Kening Sjapûr I slacht in opstân yn Korasan (Iran) del en falt Armeenje yn. Hy makket syn soan Hormazd fazalkening fan Grut Armeenje.
Syrje Keizer Trebonianus Gallus ferdigenet de eastgrins (limes) oan de Eufraat tsjin de Perzen. Yn Syria mobilisearret er in Romeinsk leger foar de oanfal.
Berne
Ferstoarn Sun Kwan (70), keizer fan it Keninkryk Wu
Kategory:3e iuw