Dit jier makket ûnderdiel út fan it desennium fan 'e 1930-er jierren. Foarfallen jannewaris 4 - De nije ûnderkening fan Britsk-Ynje, Lord Willingdon, lit hûnderten lieders fan 'e Yndyske ûnôfhinklikheidsbeweging oppakke en fêstsetten, wêrûnder Mahatma Gandhi, Jawaharlal Nehru en Vallabhbhai Patel. 23 - By it Bloedbad fan Sonsonate wurde yn El Salvador by in demonstraasje tsjin harren ellindige libbensomstannichheden 4.000 earme boeren deasketten troch it leger. 28 - Japanske troepen dogge in ynfal yn 'e Sineeske havenstêd Sjanghai. Ta ferrassing fan alle waarnimmers stjitte se op fûleindich ferset fan it Sineeske leger. febrewaris 4-15 - De Olympyske Winterspullen wurde hâlden yn Lake Placid, yn 'e Feriene Steaten. 18 - Yn it troch Japan besette Mantsjoerije (in diel fan Sina) wurdt it Keizerryk Mantsjûkwo útroppen, dat in Japanske fazalsteat sûnder wiere selsstannigens wurdt. 25 - Adolf Hitler, de (Eastenrykske) lieder fan 'e ekstreem-rjochtse Nasjonaal-Sosjalistyske Dútske Arbeiderspartij, kriget de Dútske nasjonaliteit. 27 - Japan foltôget de besetting fan Mantsjoerije. maart 3 - Mei massale arrestaasjes wurdt yn Finlân, op beskuldiging fan it tarieden fan in steatsgreep, de ynfloedrike faksistyske Lapua-beweging oprôle. april 10 - By presidintsferkiezings yn Dútslân wurdt de âld-generaal en sittende presidint Paul von Hindenburg werkeazen mei 53% fan 'e stimmen. Syn útdager Adolf Hitler bliuwt stykjen op 36,8%. 13 - Yn Dútslân wurde de SA en de SS, de knokploegen fan 'e ekstreem-rjochtse politike partij NSDAP, ferbean. maaie 5 - Sina en Japan slute in fredesferdrach nei de Japanske besetting fan Mantsjoerije en Sjanghai. 7 - De Frânske presidint Paul Doumer wurdt fermoarde by in oanslach troch de geastlik steurde Russyske ymmigrant Paul Gorguloff. 10 - It Wilhelmus wurdt it Nederlânske folksliet. 16 - Yn Dútslân wurdt it ferbod op 'e SA en de SS, de knokploegen fan 'e ekstreem-rjochtse politike partij NSDAP, opheft yn ruil foar gedoochstipe fan 'e NSDAP foar it nije regear. 23 - Yn Nederlân wurdt it lêste gat yn 'e Ofslútdyk tichte. De Sudersee is de Iselmar wurden. juny 6 - By in steatsgreep yn Sily wurdt presidint Juan Montero ôfset. De sosjalist Carlos Davila nimt de macht oer. 15 - Tusken Bolivia en Paraguay brekt de Chaco-oarloch út, oer it besit fan 'e ierdoaljerike Gran Chaco-krite. Esso stipet Bolivia en Keninklike Shell subsidiëarret Paraguay. july 5 - Yn Portegal wurdt minister fan Finânsjes Antonio de Oliveira Salazar premier mei diktatoriaal grut foech. 13 - Yn Dútslân ûntstiet in politike krisis as presidint Paul von Hindenburg de ekstreem-rjochtse lieder Adolf Hitler ôfwiist as kandidaat foar it rykskânselierskip. 19 - De earste stien fan 'e Pelikaantsjerke yn Ljouwert wurdt lein. 28 - In massale demonstraasje fan wurkleaze feteranen út 'e Earste Wrâldoarloch yn 'e Amerikaanske haadstêd Washington, D.C. rint út op in botsing mei plysje en leger, wêrby't fjouwer deaden en in protte ferwûnen falle. 31 - By de Ryksdeiferkiezings yn Dútslân wurdt de ekstreem-rjochtsje NSDAP de grutste partij mei 37,3% fan 'e stimmen. augustus 3 - Klaas Kuiken, Sape de Haan en Jan van der Lei winne yn Frjentsjer de 81ste PC. Klaas Kuiken wurdt útroppen ta kening. septimber 1 - Yn Súd-Amearika brekt de Kolombiaansk-Perûviaanske Oarloch út. 2 - De swiere Labor Day-orkaan treft de Florida Keys, yn 'e Amerikaanske steat Floarida. Der falle mear as 600 deaden. 9 - It parlemint fan Spanje ferlient autonomy oan 'e regio Kataloanje 12 - Op 'e earste sitting fan 'e nije Dútske Ryksdei wurdt it foarstelde regear fan rykskânselier Franz von Papen by in moasje fan wantrouwen fuortstimd. Dêrop ûntbynt presidint Paul von Hindenburg daliks it parlemint wer en skriuwt nije ferkiezings út. 23 - It Keninkryk fan de Hidjas en de Nêzjd wurdt omfoarme ta Saûdy-Araabje. oktober 1 - De Britske faksistyske foaroanman sir Oswald Mosley rjochtet in nije politike partij op, de Briske Uny fan Faksisten (BUF). 3 - Irak wurdt ûnôfhinklik fan it Feriene Keninkryk. novimber 6 - By de Ryksdeiferkiezings yn Dútslân ferliest de ekstreem-rjochtse NSDAP 4% fan 'e stimmen (yn ferhâlding ta de ferkiezings fan july) en komt út op 33,1% fan 'e stimmen. De kommunistyske KPD giet fan 14,3% nei 16,9%. 8 - By de presidintsferkiezings yn 'e Feriene Steaten ferslacht de Demokratyske kandidaat Franklin D. Roosevelt de sittende Republikeinske presidint Herbert Hoover. datum ûnbekend - Genetikus J.B.S. Haldane ferbynt de teoryen fan 'e genetika en de evolúsje.
Berne jannewaris 5 - Umberto Eco, Italjaansk skriuwer en filosoof († 2016) 16 - Dian Fossey, Amerikaansk biologe en natoerbeskermster († 1985) 24 - Donald Jones, Amerikaansk dûnser († 2004) 24 - Rients Gratama, Frysk kabaretier en akteur († 2017) febrewaris 12 - Astrid fan Noarwegen, Noarsk prinsesse († 2026) 22 - Johann Frank, Noardfrysk stedsbesjoerder en bibeloersetter († 2023) 22 - Ted Kennedy, Amerikaansk politikus († 2009) 26 - Johnny Cash, Amerikaansk sjonger († 2003) maart 4 - Hessel Rienks, Frysk politikus († 2014) 11 - Jan van der Meer, Frysk politikus († 2016) 22 - Els Borst, Nederlânsk politika († 2014) 23 - Bernhard van Haersma Buma, Nederlânsk politikus († 2020) 25 - Penelope Gilliatt, Ingelsk skriuwster en filmkritika († 1993) 29 - Gerben Abma, Frysk skiedkundige en skriuwer († 2016) april 1 - Debbie Reynolds, Amerikaansk aktrise († 2016) 4 - Dennis L. McKiernan, Amerikaansk skriuwer 10 - Omar Sharif, Egyptysk akteur († 2015) 24 - Coen Flink, Nederlânsk akteur († 2000) maaie 7 - Hans Boskamp, Nederlânsk fuotballer en akteur († 2011) 16 - Herman Gordijn, Nederlânsk keunstskilder († 2017) 22 - Tavo Burat, Italjaansk skriuwer en sjoernalist. († 2009) 25 - Henk Smit, Frysk operasjonger († 2010) juny 9 - Marko Fondse, Nederlânsk dichter en oersetter († 1999) 18 - Rink van der Velde, Frysk skriuwer en sjoernalist († 2001) july 1 - Jan Postma, Frysk âld-plysjeman en skriuwer († 2015) 11 - Hans van Manen, Nederlânsk koreograaf († 2025) 20 - Hielke Nauta, Frysk politikus († 2020) augustus 2 - Peter O'Toole, Iersk akteur († 2013) 5 - Gy Waldron, Amerikaanske produsint en regisseur 7 - Rien Poortvliet, Nederlânsk yllustrator († 1995) 12 - Sirikit fan Tailân, keninginne fan Tailân († 2025) 15 - Hindrik Gosses de Jong, Frysk ûnderwiiskundige († 2011) septimber 26 - Vladimir Voijnovitsj, Russysk skriuwer en dissidint († 2018) oktober 3 - Joe Morgenstern, Amerikaansk filmkritikus 18 - Vytautas Landsbergis, presidint fan Litouwen 30 - Gerriet Postma, Frysk keunstskilder († 2009) novimber 13 - Olga Fikotová, Tsjechoslowaaksk-Amerikaansk diskussmiter († 2024) 14 - Gunter Sachs, Dútsk-Switsersk fotograaf († 2011) 22 - Robert Vaughn, Amerikaansk akteur († 2016) 26 - Annemarie Prins, Nederlânsk aktrise († 2026) 29 - Jacques Chirac, Frânsk presidint († 2019) desimber 3 - Corry Brokken, Nederlânsk sjongeres, presentatrise, abbekate en rjochter († 2016) 8 - Charly Gaul, Lúksemboarchsk hurdfytser († 2005) 20 - John Hillerman, Amerikaansk akteur († 2017) 21 - Cornelius Rogge, Nederlânske byldzjend keunstner († 2023)
Ferstoarn jannewaris 7 - Max Tetzner, Dútsk-Nederlânsk fuotballer en reedrider (* 1896) febrewaris 12 - Charles Le Goffic, Bretonsk dichter, skriuwer en skiedkundige (* 1863) maart 4 - Sjirk Linses van der Burg, Frysk beweger en notaris (* 1863) april 1 - Edward S. Godfrey, Amerikaansk militêr (* 1843) maaie 11 - William S. Hofstra, Amerikaansk ûndernimmer en filantroop (* 1861) 22 - Augusta Gregory - Ierske skriuwster (* 1852) juny 16 - Frederik van Eeden, Nederlânsk skriuwer (* 1860) july 6 - Klaas Willems Boorsma, Frysk keatser (* 1849) 9 - King Camp Gillette, Amerikaansk útfiner (* 1855) augustus 28 - Virginie Hériot, Frânsk sylster (* 1890) septimber 22 - Outram Bangs, Amerikaansk biolooch (* 1863) desimber 31 - Jan Tjerk Oreel, Frysk hurdfytser (* 1838) datum ûnbekend Mannich Kûp (Plenty Coups), opperhaad fan 'e Krieën (* 1848)
Literatuer prizen De Britske skriuwer John Galsworthy wint de Nobelpriis foar de Literatuer romans Elizabeth Bowen, To the North Jan Jacob Slauerhoff, Het Verboden Rijk ferhalebondels Ernest Hemingway, Winner Take Nothing toaniel T.S. Eliot, Sweeney Agonistes
Muzyk Benjamin Britten komponearret it Double Concerto, foar altfioele, fioele en orkest
Byldzjende keunst
Boukeunst
Kategory:20e iuw