Auwerk (Dútsk en offisjeel: Aurich, Nedersaksysk en Eastfrysk Plat: Auerk, Sealterfrysk: Aurk) is in stêd yn Eastfryslân yn de Dútske dielsteat Nedersaksen. De stêd leit yn it noardwesten fan Nedersaksen. Auwerk is it haadplak fan it distrikt Auwerk. De stêd hat ynwenners () en is dêrmei it twadgrutste plak fan Eastfryslân.
Auwerk wie iuwenlang residinsjestêd fan de Eastfryske foarsten en de sit fan it Prusyske, Hannoveraanske en letter wer Prusyske bestjoer fan Eastfryslân. Ek nei de Twadde Wrâldkriich bleau de stêd it bestjoerlike sintrum fan it Distrikt Auwerk, oant dat yn 1978 gearfoege waard mei de bestjoersgebieten Aldenboarch en Osnabrück ta it Distrikt Wezer-Iems, mei sit yn Aldenboarch. Dat bestjoersgebiet waard yn 2004 opheft.
Oan 'e dei fan hjoed ta is Auwerk de sit fan in grut tal oerheidsynstellings, dêrûnder ferskate federale en dielsteatlike autoriteiten. Ek de Eastfryske Lânskip, it kulturele parlemint fan Eastfryslân, hat syn sit yn Auwerk.
Nei de Twadde Wrâldkriich ûntwikkele Auwerk him stadichoan fan in stêd dêr't benammen amtners wennen ta in mear yndustrialisearre en tsjinstferlienende stêd. Dy ekonomyske omslach waard benammen yn de jierren njoggentich sichtber troch de sterke groei fan Enercon, in fabrikant fan wynturbines dy't syn haadkantoar yn Auwerk hat. It bedriuw is mei mear as 2.800 wurknimmers de grutste partikuliere wurkjouwer fan de stêd.
Geografy Auwerk leit yn it sintrale part fan Eastfryslân, yn it noardwesten fan de Dútske dielsteat Nedersaksen. De stêd is de haadstêd fan it Lânkring Auwerk en leit op likernôch 25 kilometer besuden de Waadseekust. Mei in oerflak fan 197,29 km² is Auwerk ien fan de grutste gemeenten fan Eastfryslân. De stedskearn leit sa'n fjouwer meter boppe seenivo, wylst it heechste punt fan de gemeente by de Aaibergen om de 14,5 meter boppe seenivo leit.
It stedsgebiet leit op 'e grins fan de Eastfryske geast en de eardere feangebieten. De kearn fan Auwerk is ûntstien op in sânige geastrêch, dy't fanâlds in gaadlik plak foar bewenning wie tusken de grutte heech- en leechfeanen. Grutte parten fan de gemeente wurde noch altyd ynnommen troch lânbougrûn, wylst ek bosken en restanten fan feangebieten in wichtich part fan it lânskip foarmje. Auwerk hat yn ferliking mei oare gemeenten yn it binnenlân fan Eastfryslân in relatyf grut boskgebiet. De karakteristike Wallhecken (beamwâlen op ierden wâlen) foarmje op in soad plakken de skieding tusken greiden en boulân.
De gemeente Auwerk wurdt yn it noarden begrinzge troch Großheide en Südbrookmerland, yn it easten troch Wiesmoor, yn it súdeasten troch Großefehn, yn it suden troch Ihlow en yn it westen troch Krummhörn en Emden. Troch syn sintrale lizzing hat Auwerk fanâlds in wichtige funksje as bestjoerlik, ekonomysk en ferfiersknooppunt foar it grutste part fan East-Fryslân (it hiele skiereilân).
It klimaat is, krekt as yn de rest fan Eastfryslân, sterk beynfloede troch de see. Dat soarget foar mylde winters, ridlik koele simmers en in relatyf lykmjittige ferdieling fan de delslach oer it hiele jier. Troch de oerhearskjende westewinen is it waar gauris wikseljend.
Stedsyndieling De stêd dêr't Auwerk it kearnplak fan is, bestiet sûnt de gemeentlike weryndieling fan 1972 út 21 saneamde Ortsteilen. Dat binne sawol stedsdielen as gewoane doarpen. Al dy stedsdielen en doarpen ha in eigen dielried wêryn't de belangen fan it doarp behertige wurde.
De plakken binne:
|- valign=top | Brockzetel Dietrichsfeld Egels Extum Georgsfeld Haxtum Kirchdorf Langefeld Middels Pfalzdorf Plaggenburg || Popens Rahe Sandhorst Schirum Spekendorf Tannenhausen Walle Wallinghausen Wiesens Haadplak Auwerk
Namme Oer de namme fan Auwerk is yn it ferline in protte skreaun. Alde fermeldings oer de namme binne: Affrica (1289), buta Awerkera geste Londe (1300), Auwerk (1402), Awerke (1413), Auwerick (1415), Aurik (1419), Auwreke (1424) en Auwerck (1426). thumb|left|In plaknammeboerd mei de Dútske en Nedersaksyske namme fan Auwerk. De namme is yn twa stikken te knippen. It earste part kin oersetten wurde nei ‘awe’, fan it Germaanske wurd awjo dat wetterlân betsjutte soe. It twadde part, reke, moat dan ‘krite’ betsjutte. De namme betsjut dus ‘wetterryk gebiet’, of better: wetterlân.
Dat falt te ferklearjen as wy nei de omkriten fan Auwerk sjogge sa't dat der yn de skiednis by lei. Yn de midsiuwen bestienen de omkriten fan Auwerk út grutte moerassen. De namme Aurich is in foarm dy’t ûntstien is troch ynfloeden fan it Heechdútsk.
Yn it distrikt is it sûnt 2004 tastien om twatalige plaknambuorden te brûken, yn it Dútsk en it Eastfrysk Plat.
Skiednis Midsiuwen De namme fan Auwerk komt foar it earst foar yn in Fryske rjochterlike tekst út de 13e iuw. Yn de saneamde Brookmerbrief út 1276 wurdt it plak neamd as Aurechove. It âldste spoar fan bewenning yn 'e binnenstêd fan Auwerk (fragminten fan skippen) datearret út 'e 9e iuw en waard ûntdutsen by opgravings yn 2009.Ostfriesischer Kurier, 27. jannewaris 2009, side 12
De delsetting ûntstie om de Lambertustsjerke, dy't nei alle gedachten yn de 12e iuw stifte waard troch greve Maurits I fan Aldenburch. De tsjerke waard wijd oan de hillige Lambertus, de biskop fan Maastricht, dy't yn 703 de marteldea stoar. De frijsteande klokketoer fan de tsjerke is tsjintwurdich ien fan de bekendste bylden fan de stêd.
Yn de tiid fan de Fryske Frijheid ûntjoech Auwerk him ta in bestjoerlik sintrum. Om 1350 hinne kamen ferskate Haadlingefamyljes oan de macht yn Eastfryslân. Dy ynfloedrike grûnbesitters bouden yn en om Auwerk ferskate stinzen en ferdigeningswurken. Under de striid tusken de ferskillende haadlingefamyljes waard it plak ferskate kearen troffen troch kriichshannelingen.
Grevetiid thumb|Edzard de Grutte (1462-1528)) Yn it begjin fan de 16e iuw waard Eastfryslân rekke troch de Saksyske Skeel, dêr't hartoch Hindrik I fan Brunswyk-Wolfenbüttel in grut part fan it gebiet besette. Nei't de fijân him weromluts, liet greve Edzard I fan Eastfryslân Auwerk fan 1517 ôf op 'e nij ynrjochtsje. Yn dy tiid krige it plak in planmjittich strjittepatroan, dat foar in grut part noch altyd yn it hjoeddeistige stedssintrum werom te kennen is.
Yn 1539 waard Auwerk de fêste sit fan de lânsregearing fan it Greefskip Eastfryslân. Fan dat stuit ôf ûntjoech de stêd him ta it politike sintrum fan it greefskip en, fan 1654 ôf, fan it Foarstendom Eastfryslân. Yn de 16e iuw waard it paleis fan de greven en letter foarsten fan Eastfryslân útwreide ta it hjoeddeistige Slot Auwerk. Ek fêstigen it Hofgerjocht, de Rekkenkeamer en oare bestjoersynstellings har yn de stêd.
Nei't foarst Karel Edzard fan Eastfryslân yn 1744 sûnder erfgenamt ferstoar, foel Eastfryslân ta oan it Keninkryk Prusen. Auwerk bleau de haadstêd fan de Prusyske provinsje Eastfryslân en behâlde syn bestjoerlike funksje.
Under frjemd bewâld Yn de Napoleontyske tiid feroare it bestjoer ferskate kearen. Tusken 1807 en 1810 hearde Eastfryslân by it Keninkryk Hollân en dêrnei, oant 1813, by it Earste Frânske Keizerryk. Auwerk wie yn dy tiid it haadplak fan it arrondissemint Eastfryslân. Nei it Kongres fan Wenen kaam Eastfryslân yn 1815 by it Keninkryk Hannover, dêr't Auwerk op 'e nij de haadstêd fan de provinsje Eastfryslân waard. Nei de Eastenryksk-Prusyske Oarloch waard Hannover yn 1866 troch Prusen anneksearre. thumb|Merkeplein yn 'e Auwerker binnenstêd om 1900 hinne Yn de 19e iuw groeide Auwerk út ta in wichtich bestjoers- en garnizoensplak. Nije oerheidsgebouwen, skoallen en kazernes waarden boud en mei de komst fan it spoar yn 1883 waard de stêd better ferbûn mei de rest fan East-Fryslân (it hiele skiereilân) en Dútslân.
20e en 21e iuw Yn de tiid fan it Nasjonaal-sosjalisme waarden ek yn Auwerk Joadske ynwenners en politike tsjinstanners ferfolge. By de Kristallnacht yn 1938 waard de synagoge fernield. Yn de Twadde Wrâldkriich bleau Auwerk foar in grut part sparre foar swiere bombardeminten, sadat it histoaryske stedssintrum mar beheind skea oprûn.
Nei de oarloch naam de befolking yn koarte tiid sterk ta troch de komst fan flechtlingen en ferdreaunen út de eardere Dútske eastgebieten. It tal ynwenners groeide yn 1945 fan goed 7.000 oan it begjin fan it jier nei mear as 10.000 oan de ein fan datselde jier.
Oant 1945 wie Auwerk de haadstêd fan de Prusyske provinsje Eastfryslân. Nei de opheffing fan Prusen kaam de stêd yn de nije dielsteat Nedersaksen te lizzen. Fan 1948 oant 1978 wie Auwerk de sit fan it bestjoersgebiet Auwerk. Nei de bestjoerlike herfoarming fan 1978 waard dy bestjoerslaach opheft en opnommen yn de bestjoerskrite Weser-Ems, dy't op syn bar yn 2004 opheft waard.
By de gemeentlike weryndieling fan 1972 waarden in tal omlizzende doarpen by Auwerk foege, wêrtroch't it grûngebiet fan de gemeente flink útwreide waard. Sûnt dy tiid hat de stêd har fierder ûntwikkele as it bestjoerlike, ekonomyske en kulturele sintrum fan Eastfryslân.
Auwerk ûnderhâldt sûnt 1989 in stêdebân mei Appingedam yn de provinsje Grinslân en sûnt 2002 mei Kępno yn Poalen.
Befolkingsûntwikkeling Om 1900 hinne lei it ynwennertal ridlik stabyl om de 5.000 ynwenners hinne. Nei de Twadde Wrâldkriich kamen der in protte Dútske lânferhuzers nei Auwerk ta. Dy lânferhuzers wienen ferdreaun út de eardere Ryksdútske gebieten yn East-Europa, of se kamen op eigen inisjatyf nei Auwerk. Troch weryndielingen yn it jier 1972 binne ferskillende gemeenten bestjoerlik ynlive by de stêd Auwerk, wat in positive útwurking hân hat op it ynwennertal fan de stêd.
Polityk Troch syn rol as histoaryske haadstêd fan Eastfryslân hat Auwerk al iuwenlang in wichtige bestjoerlike funksje. Fan de tiid fan de greven en foarsten fan Eastfryslân ôf oant hjoed-de-dei ta is de stêd in sintrum fan bestjoer, rjochtspraak en regionale gearwurking. Nei de oergong nei Prusen yn 1744 en letter nei Nedersaksen bleau Auwerk in wichtich bestjoersplak.
Tsjintwurdich is Auwerk in selsstannige stêd (Stadt) en tagelyk it haadplak fan de Lânkring Auwerk. Yn de stêd binne ferskate regionale oerheidsynstellingen fêstige, wêrûnder it bestjoer fan de lânkring, rjochtlike ynstellingen en regionale autoriteiten. Dêrmei hat Auwerk noch altyd in sintrale politike funksje yn it noarden fan Eastfryslân.
It stedsbestjoer fan Auwerk bestiet út de gemeenteried (Auwerk omfiemet net allinnich de stêd) en de boargemaster. Yn Auwerk binne, lykas yn oare Dútske gemeenten, benammen de grutte nasjonale partijen aktyf. De gearstalling fan de gemeenteried feroaret nei elke gemeentlike ferkiezing.
Tradisjoneel hawwe de SPD en de CDU in wichtige rol spile yn de Eastfryske polityk. Dêrnjonken binne ek de Grienen, de FDP, de Die Linke, de AfD en regionale kiesferienings fertsjintwurdige. De lêste jierren hawwe ek nije politike tema's, lykas klimaat, kriminaliteit, wynenerzjy, wenningbou, migraasje, en de takomst fan it plattelân, in grutter plak yn de pleatslike polityk krigen.
Njonken de gemeentlike en lânkringpolityk spilet Auwerk ek in wichtige rol yn de regionale gearwurking fan Eastfryslân. De stêd is de sit fan de Eastfryske Lânskip, in histoaryske en kulturele ynstelling dy't de belangen fan de regio op kultureel mêd fertsjintwurdiget. De Eastfryske Lânskip giet werom op de âlde lânsstannen fan Eastfryslân en hat tsjintwurdich in funksje op it mêd fan kultuer, taal, wittenskip en erfgoed. De ynstelling wurket gear mei gemeenten, ûnderwiisynstellingen en kulturele organisaasjes yn hiel Eastfryslân.
Hoewol't bestjoerswerfoarmings yn de 20e en 21e iuw in part fan de âlde bestjoerlike funksjes feroare hawwe, is Auwerk oant hjoed-de-dei it politike hert fan it binnenlân fan Eastfryslân.
Ekonomy