Foarfallen 6 april - De Ferklearring fan Arbroath, de earste ûnôfhinklikheidsferklearring út 'e dokumintearre skiednis, wurdt troch de Skotten opstjoerd nei paus Jehannes XXII. 9 septimber - 17 parochys yn Stellingwerf slute mei Freark fan Sierk, de biskop fan Utert, in oerienkomst. Yn dizze oarkunde wurde foar it earst Nijeholtwâlde en Aldeholtwâlde neamd, en ek Aldetrine, as Oldentrinde. 21 augustus - Greve Reinald II fan Gelre jout de bewenners fan 'e Bommelerwaard tastimming foar it graven fan 'e Drylske Wjittering, om oerstallich wetter ôf te fieren nei de Maas.
Berne 8 april - kening Piter I fan Portegal († 1367)
Ferstoarn 12 jannewaris - John Dalderby, biskop fan Lincoln (* 12??)
Kategory:14e iuw