Ferbean, offisjeel ‘Duo Ferbean', is in Fryske muzykformaasje besteande út Bertus Klazinga fan Feanwâlden en Anko Bouma fan Warten. De formaasje begûn yn 1999 en stiet bekend om harren dûbelsinnige teksten. Ferbean makket gebrûk fan in ferskaat oan muzykstilen, lykas 'rock&roll’ en ‘shanty’. Se songe benammen twastimmige, humoristyske lietsjes en begeleide harsels op gitaar, ukelele, mûleharmoanika, tamboerijn, strykplanke, 'waskbortaar' en kokosnuten.

It duo besjongt in protte maatskiplike problemen. Harren earste optreden wie yn 1999 op it muzykfestival Tsjong yn Aldegea. Bouma en Klazinga wurken mei oan in cd fan Nanne en Ankie.

Diskografy Albums Lik op stik (2002) Altyd wat (2007)

Singels Lik op stik (2002)

Ferneamde nûmers Lik op stik Hynstetemmer Fryske Diken

Ek stiet Ferbean op inkele Fryske sammel skiven: Fryslân muzyklân 5 (in sammelskiif fan Fryske artysten) Frysk hit festival, part 3 (2005; in sammelskiif fan Fryske artysten) It bêste út de Fryske top 100 fan Omrop Fryslân 2

Kategory:Fryske rockband Kategory:Band oprjochte yn 1999