De palmgier (Gypohierax angolensis) is in soarte út de ûnderfamylje fan de gieren fan de Alde Wrâld (Aegypiinae en Gypaetinae). Yn it Ingelsk wurdt der ek wol 'vulturine fish eagle' neamd, dus as in giereftige earn. Oanlieding hjirfoar binne syn itensgewoanten, dy't net oerienkomme mei dy fan de oare gieren.

Foarkommen De fûgel is sa'n 56 oant 65 sm. grut en waacht in 1,3 oant 1,8 kg. De wjukspanwiidte leit tusken de 130 en 150 sm. Palmgieren binne ien fan de pear gieresoarten mei fearren op de hals, wylst sy hast net fan grutte kadavers ite en dêrtroch ek gjin bloed yn de fearren krije. De keale hûd om de eagen is meast wat readeftich. De snaffel en de eagen binne giel, ek de poaten binne giel as ek wol fleiskleurich. De fûgel hat swarte en wite fearren. thumb|left|Palmgiere-aaien.

Iten It iten fan de Palmgier bestiet foar it grutste part út de nuten fan de oaljepalm, mar ek wol dadels en oare fruchten. It is de iennigste rôffûgel dy't dit docht. Hy hinget by it iten fan de fruchten fan de palmbeammen faak ûnderstboppe yn de oan de takken. Fierder ite de fûgels ek wol libbene fisken dy't se yn it wetter fange mar ek wol oare ynsekten en lytse dieren, sa no en dan ite se ek wol aas.

Fersprieding De Palmgier komt foar yn Afrika, súd fan de Sahara. De fûgel ferbliuwt it leafst oan de wetterkant en der moatte ek oaljepalmen foarkomme.

Fuortplanting It nêst is meast ien yn in hege beam op 10 oant 30 meter hichte, somtiden ek wol yn in hoale. It nêst wurdt makke fan tûken fan oaljepalmen en wurdt faak alle jierren wêr brûkt. Oan de binnenkant wurdt it nêst beklaaid mei gers en dong. It wyfke leit ien wyt aai mei in protte donkerbrune oant lila plakken. It aai wurdt yn fiif wike útbret. De jongen fleane nei sa'n trije moanne út mar bliuwe meast wol yn itselde gebiet.

Kategory:Fûgelsoarte Kategory:Palmgier Kategory:Lânseigen fauna yn Angoala Kategory:Lânseigen fauna yn Benyn Kategory:Lânseigen fauna yn Boerkina Faso Kategory:Lânseigen fauna yn Boerûndy Kategory:Lânseigen fauna yn Botswana Kategory:Lânseigen fauna yn Ekwatoriaal-Guinee Kategory:Lânseigen fauna yn Gabon Kategory:Lânseigen fauna yn Gambia Kategory:Lânseigen fauna yn Gana Kategory:Lânseigen fauna yn Guinee Kategory:Lânseigen fauna yn Guinee-Bissau Kategory:Lânseigen fauna yn Ivoarkust Kategory:Lânseigen fauna yn Kameroen Kategory:Lânseigen fauna yn Kenia Kategory:Lânseigen fauna yn Kongo (Demokratyske Republyk) Kategory:Lânseigen fauna yn Kongo (Republyk) Kategory:Lânseigen fauna yn Lesoto Kategory:Lânseigen fauna yn Libearia Kategory:Lânseigen fauna yn Malawy Kategory:Lânseigen fauna yn Maly Kategory:Lânseigen fauna yn Mozambyk Kategory:Lânseigen fauna yn Namybje Kategory:Lânseigen fauna yn Nigearia Kategory:Lânseigen fauna yn Niger Kategory:Lânseigen fauna yn Rûanda Kategory:Lânseigen fauna yn Sambia Kategory:Lânseigen fauna yn Sao Tomee en Prinsipe Kategory:Lânseigen fauna yn Senegal Kategory:Lânseigen fauna yn Sierra Leöane Kategory:Lânseigen fauna yn Simbabwe Kategory:Lânseigen fauna yn de Sintraal-Afrikaanske Republyk Kategory:Lânseigen fauna yn Súd-Afrika Kategory:Lânseigen fauna yn Súd-Sûdan Kategory:Lânseigen fauna yn Swazylân Kategory:Lânseigen fauna yn Tanzania Kategory:Lânseigen fauna yn Togo Kategory:Lânseigen fauna yn Tsjaad Kategory:Lânseigen fauna yn Uganda