DelfsylLjouwerter bedrige yn Delfsyl, op Omrop Fryslân (Nederlânsk en offisjeel: Delfzijl; Grinslânsk: Delfsiel) is in havenstêd yn it noardeasten fan de provinsje Grinslân oan de mûning fan de Iems.

Delfsyl hat de de grutste haven fan Noard-Nederlân mei 12 % fan de gemy fan Nederlân. Delfsyl is de fjirde stêd fan de provinsje Grinslân en is de lêste stêd yn Nederlân dy't offisjeel stedsrjochten krigen hat, yn 1825.

Skiednis Iere skiednis Yn de prehistoarje wennen der al minsken yn de omkriten fan Delfsyl. Yn 1982 waard in hunebêd yn de wier fan Heveskeskleaster, justjes súdeastlik fan Delfsyl, fûn. Delfsyl ûntstie yn de trettjinde iuw as in syl (slûs) yn de Delf, de âlde namme fan it Damsterdjip. Delfsyl wurdt foar it earst neamd yn in oarkonde fan 19 juny 1303.Rondom de Delfzijlen Geertsema, H. Brontsema, J.B. Roggenkampen, C. - van der Veen - Wynskoat Ynearsten wiene der trije silen yn de Delf. Dy waarden de Slochter-, Skarmer en Dorpstersyl neamd. Der wurdt ek wol fan "de trije Delfsilen" sprutsen. De trije silen foelen ûnder it Generale Sylfest fan de Trije Delfsilen. By dy silen ûntstie al rillegau bewenning en doe waard der in slûswachter oansteld. Dat wie suver it begjin fan Delfsyl. Der stiene yn de omkriten fan Delfsyl ferskate boargen, benammen by Uitwierde.

Fêsting Delfsyl Midsiuwen De trije silen yn de Delf wiene fan strategysk belang. Se waarden net allinnich brûkt en lit it binnenwetter nei bûten rinne, mar koene ek brûkt wurde en lit it lân ûnderstrûpe troch it seewetter. By Delfsyl koe it hannelsferkear út de stêden Grins of Emden wei neisjoen wurde en boppedat koe de haven fan it plak as in ynfalsbasis foar in grutte striidmacht út de see wei tsjinje.

Om 1414 hinne liet de Eastfryske haadling Keno tom Brok in stins yn Delfsyl bouwe, dy't nei alle gedachten it folgjend jier wer ôfbrutsen waard. Yn 1499 liet greve Edzard I fan Eastfryslân dêre in blokhûs bouwe. Yn 1501 bemachtigen Grinzer troepen de skâns, dochs Eastfryske troepen koene de skâns itselde jiers fannijs oermasterje. Hartoch Joaris mei it Burd fan Saksen stjoerde 4000 Aldenburchske troepen en namen de skâns yn. Hja plonderen it en stieken it yn 'e brân. Yn 1515 koene de striidkrêften fan de Eastfyske foarst de fêsting fannijs ynnimme. Yn 1516 nei syn delslach yn it Saksyske Skeel by Detern liet er de skâns ûntromje. De Grinzers brutsen de skâns dêrnei ôf. Yn 1534 plonderen Eastfryske troepen Farmsum en lieten se by Delfsyl in nije fêsting bouwe. Yn 1536 waard de fêsting troch steedhâlder Georg Schenk fan Toutenburch, fjildhear fan keizer Karel V, ynnommen.

Tachtichjierrige Kriich thumb|left|In plattegrûn fan Delfsyl út 1649 Nei de Seeslach op de Iems kaam Alva op 25 july 1568 op besite yn Delfsyl. Hy seach it strategysk belang fan it plak en makke plannen foar in grutte fêsting, mei Farmsum ynbegrepen, tsjin in mooglike driging fan de wettergeuzen. Der waard yn 1569 in skâns mei fjouwer dwingers en in grêft fan 30 meter breed opwurpen. Yn 1572 liet Caspar de Robles de skâns fersterkje troch yn it gebiet tusken de skâns en de slûzen ek dwingers en grêften te meitsjen. Mei de Pasifikaasje fan Gint yn 1576 liet de greve fan Rennenberch de skâns yn 1577 ynnimme op de Spaanske troepen ûnder lieding fan De Robles dy't er dêrnei nei Ljouwert stjoerde. Rennenberch liet de skâns ûntmantelje en in sterkere skâns, de Alde Skâns, bouwe dy't 100 by 100 meter mjitte op it plak kaam dêr't it lettere sintrum fan Delfsyl ûntstean soe. De fêsting waard nei it oerrrinnen fan Rennenberch nei de Spaanske kant troch Spaanske troepen by it Belis fan Delfsyl (1580) ynnommen.

Yn 1591 waard de skâns by it ynnimmen fan Delfsyl troch Steatske troepen ûnder lieding fan Maurits fan Oranje oermastere. Hy liet de skâns fersterkje en waard omkringe troch in nije fêsting mei oan de lânkant fiif dwingers (bolwurken) omjûn troch in wide grêft. Dy wiene it Skippersbolwurk (noardeast), Holwierderbolwurk (noard), Uitwierderbolwurk (noardwest), Kommandeursbolwurk (west), Damsterbolwurk (súdwest) en Farmsumerbolwurk (súd). Oan de seekant waard by de haven del in brede boarstwar mei de Grutte Wetterpoarte boud. De skâns krige in 40 meter brede grêft deromhinne. Oan de súdkant waard de haven dutsen troch it bolwurk Kostverloren yn it suden en in heale dwinger yn it súdeasten. Tusken de bolwurken waarden ferskate poarten boud.

Yn 1594 besocht Francisco Verdugo mei 1000 manlju de skâns yn te nimmen. Dat wie lykwols om 'e nocht. Nei de Reduksje fan Grins dat jiers wie der yn de fêsting oant 1643 in Fryske besetting legere. [red.], Atlas van historische verdedigingswerken in Nederland. Groningen, Friesland, Drenthe. Stifting Menno van Coehoorn (2013), Objectbeschrijvingen Groningen en Oost-Friesland: Vesting Delfzijl, siden 82-87.

Lettere ûntjouwings thumb|Oanfal troch Spanjerts ûnder Verdugo op Delfsyl dy't om 'e nocht wie thumb|De Grutte Wetterpoarte Yn it Rampjier (1672) besocht de Múnsterske biskop Kristoffel Bearend fan Galen (Bommen Bearend) Delfsyl yn te nimmen, dochs waard er behindere omreden de Steatsen it gebiet súdlik fan de fêsting ûnder wetter strûpe lieten troch de slûzen iepen te setten en de diken fan it Damsterdjip troch te stekken. Yn 1686 spielde ien fan de bolwurken fuort troch de Sint-Martensfloed. Yn 1696 waard de fêsting troch Menno fan Coehoorn fersterke. Yn de fêstng leine de huzen oan twa haadstrjitten (Landstraat en Waterstraat) mei guon dwersstrjitten, lykas de Marktstraat. Noardlik fan de fêsting wie it oefenterrein De Vennen foar de garnizoensoldaten. De garnizoentsjerke fan Delfsyl waard yn 1616 boud op it lytse eilân Conijnenbergh yn de fêsting, dochs bûten de âlde fêsting. Yn 1715 waard der in nije wetterpoarte boud dy't de âlde ferfange moast. Twa jier letter rekke de fêsting skeind by de Krystfloed.

Yn de Frânske tiid waard der in Frânsk garnizoen yn de fêsting legere. Dêr waarden fjouwer batterijen yn pleatst om dekking te jaan oan it front fan Kostverloren, en ek Farmsum yn de fêsting te lûken. In fyfde batterij waard op it bûtenwurk fan de lofterdwinger pleatst en foar it Uitwierderbolwurk waard tsjin de dyk oan de Noardbatterij oanlein. Yn 1796 kamen dy fersterkings ree. Yn 1799 waard der in kazerne boud. Lykwols de bêste ferdigening fan de fêsting wie dochs de ynundaasje. By it Belis fan Delfsyl (1813-1814) besochten Russyske Kozakken, Prusen en Nederlanners ûnder lieding fan Marcus Busch de fêsting yn te nimmen. De belegerders laten grutte ferliezen, dochs de Frânsen joegen harren op 23 maaie 1814 oer nei't de befelhawwer in offisjele brief krigen hie dat keizer Napoleon ferslein wie. It belis late ta grutte skea oan Delfsyl en de plakken yn de omkriten. Ek de garnizoentsjerke moast weropboud wurde.

Yn 1819 krige Delfsyl fan kening Willem I stedsrjochten, dy't yn 1825 tegearre mei Wynskoat formalisearre waarden. Dy stedsrjochten hiene lykwols mar symboalyske wearde, om't de stedsrjochten yn de Frânske tiid opheft waarden.

Yn 1833 waard de Wetterpoarte fan 1715 ferfongen toch de hjoeddeistige Grutte Wetterpoarte. De fêsting hold nettsjinsteande de Kringewet syn status, dochs by de Fêstingwet fan 1874 waarden alle fêstingwurken oerstallich fûn en waarden tusken 1877 en 1886 ôfbrutsen. Yn 1878 waard de noardlike fêstingsgrêft tichtsmiten. Allinnich in part fan de westlike grêft bleau bewarre.

Untjouwing fan de stêd thumb|Waterstraat om 1900 hinne thumb|Stienbakkerij Fivelmonde thumb|Ien fan de bunkers fan de Twadde Wrâldkriich Yn de twadde helte fan de njoggentjinde iuw woeks de stêd bûten de âlde fêstingwâlen en ûntjoech de haven him en waard in konkurrint yn it neidiel fan it oanbuorjende Appingedam. De haven waard al brûkt foar de seeskipfeart fan de turffeart fan de Grinzer Feankoloanjes dy't Delfsyl as harren haven brûkte. Ek waard de haven brûkt foar it ferhanneljen fan nôt, hout, keunstdong, stienkoal en yndustryguod. Yn dy snuorje fêstigen der bûten de fêsting by it Damsterdjip del kalkûnen, mûnen, skipswerven en stienbakkerijen. Yn 1857 waarden op De Vennen ienfâldige wenten boud.

Yn 1845 giene fjouwer ynzjenieurs meiïnoar oparbeidzjen: twa Delfsylster bruorren Balkema en twa neven út Luik, Xavier Tarte en Castillion du Portail, dy't harren warber makken foar de spoarûntjouwing yn Noard-Nederlân. Oant 1900 gou Harns as de wichtichste seehaven yn it noarden. Troch it oerheidsbelied fertutearze dy status om't dy mear omtinken joech oan de ûntjouwing fan de seehavens yn de Rânestêd, dêr't de belangen fan Harns en Delfsyl by tsjin inoar útspile waarden. Delfsyl, mank mei Harns en Flissingen, gouwen as in better te berikken alternatyf as de havens fan Amsterdam en Rotterdam. Dy havens wiene troch fersâning oant 1860 minder te berikken en net gaadlik fûn foar de ûntjouwings fan de skipfeart fan dy tiid. Nei 1860 kaam der in nasjonaal belied oangeande it oanlizzen fan it nasjonaal spoar. Foar Harns wie dat lykwols 20 jier te let. Tusken 1863 en 1876 waard Harns lykwols oansletten mei Dútsklân troch Steatsline B. Delfsyl waard pas yn 1884 mei Grins ferbûn, troch it spoar fan Grins nei Delfsyl.

Yn 1876 waard it Iemskanaal groeven fan Grins nei Delfsyl, om't it Damsterdjip net gaadlik mear wie foar de hieltyd grutter wurdende skippen. Dat kanaal skate Delfsyl fan Farmsum. De gemeente Delfsyl hat dêrfoar soarge dat it nije kanaal konkurrint Appingedam net oandie. Dêrtroch naam it belang fan Delfsyl as havenstêd fierder ta. Nije skipswerven en fabriken fêstgen harren by dat kanaal. De befolking naam yn dy snuorje ek ta, en der waarden wiken bûten de âlde fêstingswâlen boud. Nei 1900 waard de haven in ynternasjonale opslachhaven foar hout, stienkoal en silisalpeter en trochfierhaven fan lânbouprodukten fan it Aldamt en de Grinzer Feankoloanjes, lykas nôt, ierappels, ierappelmoal en striekarton. Yn 1910 waard it spoar fan Súdbroek nei Delfsyl fan de NOLS, dy't ferbining brocht mei de Feankoloanjes en Drinte, boud. Yn 1929 kaam de Woldjerspoarwei nei Grins oer de Woldstreek. Dy linen waarden respektivelik yn 1934 en 1941 wer opheft. Yn 1919 waard de steamtramline Wynskoat-Delfsyl oanlein. Delfsyl wie no in stêd fan 10.000 ynwenners en nije wiken westlik en súdwestlik fan it sintrum waarden boud. De neogoatyske Sint-Joazeftsjerke waard yn 1924 boud.

By de befrijing fan Delfsyl op 1 en 2 maaie 1945 yn de Twadde Wrâldkriich waard slim fochten en rekke in grut part fan it sintrum swier skeind.

Nei de Twadde Wrâldkriich thumb|Gemypark Delfsyl Yndustriële ûntjouwing