Marten Klasema (Drachten, 12 maaie 1912 - Leersum, 1 novimber 1974) wie in Nederlânsk atleet en haad fan de tsjinst Suderseewurken.

Nei de HBS yn syn berteplak gie er nei Delft om dêr oan de Technyske Hegeskoalle wetterbou te studearjen. Nei syn stúdzje kaam er yn 1937 yn tsjinst by it 'waterloopkundig laboratorium' yn Delft. In jier letter kaam er yn tsjinst by de ôfdieling dikenbou fan de Suderseewurken.

Fia haad fan de ôfdieling dikenbou (1956), haadyngenieur-direkteur, haad fan de ôfdieling Ynrjochting Iselmarpolders, waard er yn 1967 beneamd ta haad fan de tsjinst Suderseewurken. Marten Klasema is ferstoarn op 1 novimber 1974 oan de gefolgen fan kanker. Hy waard begroeven yn Drachten.

Foar syn grutte fertsjinsten yn binnen- en bûtenlân waard er beneamd ta Ridder yn de Oarder fan de Nederlânske Liuw en kommandeur yn de Oarder fan de Liuw fan Finlân. In Lelystêd stiet de Ir. M. Klasemabeam; de wylch set yn 1950, is de âldste beam fan de provinsje.

Sport Klasema wie in echte sportman. Yn syn berteplak spile er yn it alvetal fan de fuotbalklub 'Drachten', yn syn studintetiid makke er diel út fan it alvetal fan 'Concordia' yn Delft. Foar de Olympyske Spullen fan 1936 yn Berlyn waard er opnommen yn de seleksjeploech atletyk. Marten Klasema ried de Alvestêdetocht fjouwer kear. Marten Klasema ferstoar op 1 novimber 1974 yn de âldens fan 62 jier.

Persoanlike rekords UnderdielPrestaasjeDatumPlakfierspringe7,285 m1936heechspringe1,83 m1933hink-stap-springe14,55 m6 augustus 1936Berlyn

Kategory:Frysk fierspringer Kategory:Frysk hink-stap-springer Kategory:Frysk Olympysk dielnimmer Kategory:Frysk yngenieur Kategory:Frysk wetterboukundige Kategory:Nederlânsk persoan fan Frysk komôf Kategory:Persoan berne yn Drachten Kategory:Ridder yn de Oarder fan de Nederlânske Liuw Kategory:Persoan berne yn 1912 Kategory:Persoan stoarn yn 1974