Fuotbalferiening Haulerwyk wie in fuotbalklup út Haulerwyk, oprjochte op 30 novimber 1936. It earste team spile yn 2008 yn de 4e Klasse Snein, dêr't it yn 2006 hinne promovearre wie fan de 5e klasse. Tegearre mei Haulerwykske Boys hie VV Haulerwyk in jeugdferiening HJC, Haulerwykse-Jeugd-Combinatie.
De sportakkomodaasje hie 3 fjilden en in treningsfjild (4 fjilden), De klupkleuren fan de klup bestie út in read shirt, wite broek en read-wyt streepte sokken. Op 1 july 2015 fusearre VV Haulerwyk mei Haulerwykske Boys ta Sportferiening Haulerwyk.
Earelist Kampioen Fjirde klasse: 1953, 1954, 1964, 1972 Kampioen Fyfde klasse: 2014 Winner Eaststellingwerfcup: 2008, 2009
Kategory:Haulerwyk Haulerwyk Kategory:Organisaasje oprjochte yn 1936 Kategory:Organisaasje opheft yn 2015