thumb|It earste alvetal fan LAC Frisia mei links steande mr ME Hepkema, ca. 1910. LAC Frisia 1883 is in Fryske fuotbalklup út Ljouwert. Frisia is ien fan de âldste fuotbalklups yn Fryslân en waard oprjochte op 25 april 1883. It earste alvetal komt út yn de Tredde klasse fan de KNVB. Frisia spilet ek ynternasjonale wedstriden. De klupkleuren binne giel en marineblau, en de thúsbasis fan de fuotbalklup is it moderne sportpark De Meagere Weide. De klup wûn ferskate prizen en toernoaien. It klupblêd hjit De Frisiaan en De Lacskûn is de bynamme fan de feriening.

Earelist Kampioen fan it Noarden 1904, 1908, 1909, 1911, 1925 Kampioen Twadde klasse 1942, 1943, 1944

Klupkultuer Skiednis LAC Frisia 1883 waard op 25 april 1883 oprjochte as cricketklup ûnder de namme Cricketclub Frisia, troch P.A.V. baron van Harinxma thoe Slooten, de lettere Kommissaris fan de Keninginne yn Fryslân. Yn febrewaris 1894 krige de cricketklup ek in fuotbalôfdieling. Al gau waard de namme feroare yn Cricket en Footballclub Frisia. Twa jier letter ferdwûn de cricketôfdieling en bleau der allinnich noch fuotbal oer. De klup feroare har namme yn "Leeuwarder Athletische Club Frisia" en spile yn de earste Noardlike kompetysje, mei tsjinstanners as Quick en Achilles. It earste tenu bestie út in wite trui mei in blau giele sjerp en in blauwe broek en in blauwe pet.

Rekords Earste ynternasjonale wedstryd: Frisia - Bremer Fußballclub 2-1 (25 april 1908). Earste wedstryd damesteam: Frisia - SC Twizel 0-1 (28 septimber 1985). Grutste útsege: Read-Giel - Frisia 1-9 (û.o. 5x K. Wetting); kompetysje (9 septimber 2007) 4.000ste doelpunt foar Frisia: Marciano Kasijo yn de wedstryd tsjin Velocitas (2005).

Clubliet It clubliet fan LAC Frisia 1883: Wij zullen altijd strijden, voor Frisia’s oude naam. Wij zullen steeds verbreiden, haar roemrijk fiere faam. Niets zal ons kunnen scheiden, Wij blijven hecht tezaam.

Frisia zal blijven leven. We strijden alleen met haar mee. De club waarvoor we alles geven, Dat is onz’ L.A.C.

Bestjoerders Foarsitter: S.A. Bosma Eare-Foarsitter: F. Popma Sekretaris: H.Terpstra Ponghâlder: R. Onderstijn Technyske Saken: J. Schotanus Kontribúsje saken: G. Oosterop

Bekende (âld-)spilers Spiler Steven Berghuis (jeugd) Reza Ghoochannejhad (jeugd) Martijn Roosenburg (jeugd) Mark Diemers (jeugd) Haijo Apotheker Marciano Kasijo

Keppeling om utens Offisjele L.A.C. Frisia 1883 clubsite Webstee oer LAC Frisia.

Kategory:Fryske fuotbalklup Kategory:Sportferiening yn Ljouwert Kategory:Organisaasje oprjochte yn 1883