thumb|upright|Hermann Hupen op it Festival d'Angoulêmeyn, 2017 Hermann Huppen (Malmedy, 17 july 1938 - 22 maart 2026 ) wie in Belgyske striptekener dy't foaral bekend is ûnder syn pseudonym Hermann. Hy is bekend fanwegen syn populêre post-apokalyptyske rige Jeremiah dêr't ek in telefyzjerige fan makke is. De realistyske wize fan tekenjen dy't Hermann brûkte is tige werkenber en wurdt ek wol as filmysk omskreaun.

Biografy Hy groeide op yn Bévercé, tichteby Malmédy, dat yn de Twadde Wrâldoarloch troch Nazy-Dútslân anneksearre wie. Letter ferhuze hy mei syn mem nei Sint-Gillis dêr't er in beropsoplieding ta skrynwurker folge. Nei syn stúdzje folge er noch in jûnsoplieding arsjitektuer en binnenhûsdekoraasje oan'e Brusselse Akademie voor Schone Kunsten. Op syn achttjinde ferhuze syn húshâlding nei Kanada, mar nei trijenheal jier kaam er mei syn mem werom nei België. Nei syn houlik kaam er fia syn sweager Philippe Vandooren yn kontakt mei it stripferhaal. Dy lêste frege Hermann om in strip foar it scoutsblêd Plein-Feu te meitsjen.

Huppen debutearre as striptekener yn 1964 by de studio fan Greg. Yn 1966 begûn er mei de rige Bernard Prince te tekenjen (letter oernaam troch Dany) neffens in senario fan Greg, yn it eartiidske tydskrift Kuifje. Yn 1969 begûn er mei it meitsjen fan de western-rige Comanche, allyksa op senario's fan Greg. Dy rige heart krekt as oare western-riges lykas Blueberry ta de stripklassikers.

Sûnt 1977 makke Hermann meastal stripferhalen op senario's dy't er sels skriuwt, lykas de rige Jeremiah dy't noch altiten rint en sûnt 1983 in oare yn de Midsiuwen situearre rige De tuorren fan Skimerwâlde, allegearre aksjestrips.

Hermann makke ek ferskate grafyske novelles. Hjirfoar wurke er faak op senario fan syn soan Yves H. Yn 2016 begûn er in nije westernstrip Duke ek op in senario fan Yves H..

In soad fan de lettere strips fan Hermann binne in utering fan lilkens by de leffens en de misdieden fan de minske. Dat is it gefal foar syn strips yn de kolleksje Vrije Vlucht fan Dupuis, lykas Missie Vandisandi (korrupsje en yllegale hannel yn it postkoloniale Kongo), Sarajevo Tango (de leffe hâlding fan de Feriene Naasjes ûnder de belegering fan Sarajevo) en Caatinga (de útsichtleaze situaasje fan de befolking fan it noardeasten fan Brazilië yn de jierren 1930).

Yn 2016 wûn Hermann de Grand Prix de la ville d'Angoulême

Bibliografy Kar-út: Jugurtha, 2 titels, rige, senario Jean-Luc Vernal, letter oernaam troch Franz Drappier, Bernard Prince, 13 titels, rige, senario troch Greg, letter oernaam troch Dany & Aidans Comanche, 10 titels, rige, senario troch Greg, letter oernaam troch Rouge Jeremiah, 28 titels, rige De tuorren fan Skimerwâlde, 13 titels, rige, twa lêste albums op senario fan Yves H. Nick, 3 titels, rige, skenario troch Morphee Missié Vandisandi, lossteand ferhaal Sarajevo Tango, lossteand ferhaal De Bloedbruiloft, senario troch Van Hamme. Caatinga, lossteand ferhaal De Bloedbanden, senario troch Yves H. Wild Bill is vermoord, lossteand ferhaal Manhattan Beach 1957, senario troch Yves H.. Zhong Guo, lossteand ferhaal, senario troch Yves H.. The girl from Ipanema, lossteand ferhaal, senario door Yves H.. Dracula, Vlad de Spietser, trijelûk, senario fan Yves H. De Duivel van de zeven zeëen'', trijelûk, senario fan Yves H.

Keppelingen om utens Webstee fan Hermann Huppen , 75 jier Hermann, fraachpetear mei Hermann Huppen

Kategory:Waalsk striptekener Kategory:Waalsk persoan fan Dútsk komôf Kategory:Persoan fan Eastkantonster-Dútsk komôf Kategory:Persoan berne yn 1938 Kategory:Persoan stoarn yn 2026