One World Trade Center (âldere namme en bynamme Freedom Tower, "Frijheidstoer") is de namme fan in gebou yn New York City dat yn 2013 reekaam en yn 2014 iepene waard. It stiet deunby it plak dêr't foarhinne de beide tuorren fan it World Trade Center stienen, dy't troch terroristyske oanslaggen op 11 septimber 2001 (9/11) ynstoarten. De toer is in ûntwerp fan boumaster Daniel Libeskind. Neist One World Trade Center binne 5 oare tuorren boud: WTC 7 dy't der al stie, 200 Greenwich, 175 Greenwich, 150 Greenwich en Tower 5.

Skiednis Yn 't earstoan soe de toer de namme Freedom tower ("Frijheidstoer") krije. Yn maart 2009 keas de eigner, de havenautoriteit fan New York en New Jersey, foar de namme One World Trade Center omdat dat kommersjeel better wêze soe. 'One World Trade Center' valt slecht, 27 maart 2009, Trouw. Sjoen op 5 januari 2010. Dêr wie in protte krityk op.

Eigenskippen De toer is boud yn 'e noardwesterhoeke yn in gebiet fan 6,5 hektare dêr't eartiids it World Trade Center stie. De toer is 1776 foet heech wurde, dat ferwiist nei it jier 1776, doe't it Amerikaanske Kongres de ûnôfhinklikens fan 'e Feriene Steaten útrôp. Nei it heechste dak is de toer 415 meter heech. Op 27 april 2006 waard begûn mei de fundearrings.

Yndieling De toer hat 108 ferdjippings. De yndieling fan de toer is as folgetOne World Trade Center by skyscraperpage.com, sjoen op 25 jannewaris Ferdjippings 1-19: sokkel fan de toer 20-63: buro's 64: Skylobby 65-88: Buro's 89-99: Meganyk 100–101: Restaurant 102: Utsichtplatfoarm 103–108: Meganyk / Kommunikaasjeapparatuer Dak: Iepen útsichtplatfoarm

Nijsgjirrichheden Der is in monumint komme foar de Twin Towers. It monumint hjit reflecting absence en is ûntwurpen troch Michel Arad. Der binne romtes yn de etaazjes ûnder de grûn dêr't minsken hinne kinne om 11 septimber te betinken. De twa kelderetaazjes binne oanlein op itselde plak dêr't de Twin Towers stienen.

Gallery

Keppeling om utens

World Trade Center Hiemside foar it World Trade Center kompleks. www.wtcprogress.com Webside oer de fuortgong fan de bou

Kategory:Bouwurk yn New York (stêd) Kategory:Bouwurk yn New York (steat) Kategory:Wolkekliuwer yn de Feriene Steaten Kategory:9/11 Kategory:Bouwurk út 2014