right|thumb|250px|Buste fan Gordianus III Markus Antonius Gordianus Pius (20 jannewaris 225 - 11 febrewaris 244), better bekend as Gordianus III, wie in Romeinske keizer fan 238 oant 244.

Ofkomst Gordianus wie de soan fan Antonia Gordiana,Dat wie in dochter fan Gordianus I. De Historia Augusta (Gordianus III 4.2.) jout de namme Maesia Faustina, mar dizze namme is omstriden. dy't de dochter wie fan Gordianus I en suster fan Gordianus II. De namme fan syn heit is ûnbekend. Guon boarnen sizze dat syn eigen namme ek net seker is, omdat er bekend wurden is mei de namme dy't er yn 238 fan syn pake oernaam.

Op de leeftyd fan trettjen waard hy ta keizer kroand, neidat syn foargongers Balbinus en Pupienus fan kant makke wienen. Under ynfloed fan syn learaar, grutbringer en riedjouwer Timestus waard hy it Romeinske folk tige dierber. Hy koe de grinzen fan it Romeinske ryk op 'e nij feilich stelle, in opstân yn Afrika del slaan en de Goaten en Sarmaten oerwinnen. Doe Timestus kaam te ferstjerren, beneamde hy Markus Iulius Philippus Arabs ('de Arabier') as rieDsjouwer. Nei alle gedachten spile dizze in wichtige rol yn syn dea.

Fuotnoot

Keppeling om utens , artikel oer Gordian III (238-244 A.D.), yn DIR (2001).

Kategory:Romeinsk politikus Kategory:Keizer fan it Romeinske Ryk Kategory:Persoan yn de Romeinsk-Perzyske Oarloggen Kategory:Romeinsk misdieslachtoffer Kategory:Persoan dy't omkommen is by in moardoanslach Kategory:Fergoade persoan Kategory:Persoan berne yn 225 Kategory:Persoan stoarn yn 244