It Wiersylster Rak is in feart fan sa'n 1 kilometer lingte yn de gemeente De Waadhoeke. De feart rint fan Wier nei it noarden oant it mei de Lytse Blikfeart opgiet yn de Blikfaart.

De namme Wiersylsterrak jildt sûnt 15 maart 2007 as de offisjele namme, as ferfanging foar de eardere offisjele namme Wierzijlsterrak.

Kategory:Wier Kategory:Kanaal yn Menameradiel Kategory:Kanaal op It Bilt Kategory:Kanaal yn De Waadhoeke