It Greefskip Eastfryslân wie in greefskip (sûnt 1662 lykwols regearre troch in foarst) yn de streek East-Fryslân, yn wat hjoed-de-dei it noardwesten fan de Dútske dielsteat Nedersaksen is.
Skiednis Eastfryslân hearde oarspronklik ta it wengebiet fan de Friezen en yn de midsiuwen hiene de Friezen gjin lânshearlik gesach. Dy snuorje waard de Fryske Frijheid neamd. Wol wiene der rike famyljes, de haadlingen, dy't nei it útwreidzjen fan harren lokale macht stribben. Yn 'e 15e iuw slagge de skaai Sirksena en bring hiel East-Fryslân ûnder harren macht. Yn 1464 waard Ulrik I troch keizer Freark III fan it Hillige Roomske Ryk ta de grevestân ferheft en sadwaande waard Eastfryslân in greefskip.
Untstean fan it greefskip It ûntstean fan it greefskip sette sa stadichoan útein yn 'e 14e iuw mei it opkommen fan de macht fan Edzard Sirksena dy't haadling fan Norden, Greetsiel, Manslagt, Berum en Pilsum wie. De skaai Tom Brok, fan oarsprong út it Brokmerlân, hiene harren macht yn Emsigerlân, Norderlân en Auwerkerlân fêstige. Okko I tom Brok akseptearre yn 1381 Albrecht fan Beieren, as greve fan Hollân, de hearskippij oer de Fryske lannen. Dat waard troch de Eastfriezen as in skeining fan de Fryske Frijheid sjoen, en fermoarden him by syn state by Auwerk. Okko II tom Brok koe mei help fan de skaai Ukena syn macht yn gâns East-Fryslân en Westerlauwersk Fryslân fêstigje. Lang om let late it ta in skeel tusken him en Fokko Ukena, dêr't er troch Ukena twaris, yn 1426 yn de Slach by Detern en yn 1427 yn de Slach op de Wylde Ikkers ferslein waard. Fokko Ukena waard troch Enno Sirksena bystien.
Ta grutte teloarstelling fan Enno Sirksena joech Fokko Ukena de haadlingen harren tradisjonele frijheden net werom en loek de macht nei himsels ta. Yn 1430 waard it Frijheidsbûn fan de Sân Eastfryslannen ûnder lieding fan de haadling Edzard Sirksena fan Greetsiel sletten, dy't rjochte wie tsjin de hearskjende haadling Fokko Ukena. Edzard en syn broer Ulrik koene doe in ein oan 'e macht fan de Ukena's meitsje.
Nei it boaskjen yn 1455 fan Ulrik Sirksena, mei Theda Ukena, de pakesizzer fan syn tsjinstanner, waard it grutste part fan East-Fryslân feriene. Allinnich de hearlikheden Jever en Friedeburg koene harren selsstannigens hâlde. Sibet Attena, in neef en bûnsmaat fan Ulrik, krige de hearlikheden Esens, Stedesdorf en Wittmund, dy't mei-inoar it Harlingerlân foarmen. It Harlingerlân bleau lykwols ûnder it heechste gesach fan de Sirksena's.
Ambysje om út te wreidzjen thumb|Greve Ulrik I (1464-1466) thumb|Greve Edzard de Grutte (1491-1528) Yn 1464 waarden de Sirksena's mei it Ryksgreefskip Norden, Emden en Emsigonien yn East-Fryslân, ofwol it Ryksgreefskip Eastfryslân, beleanne. Nei it ferstjerren fan Ulrik I yn 1466 wiene syn trije bern Enno, Edzard en Uko wiene noch minderjierrich. Syn widdo Theda regearre doe foar har bern. Hja koe de drigings fan Karel de Stoute fan Boergonje en greve Gerd fan Aldenburch wjerstean. Yn 1481 waard de hearlikheid Friedeburg oan it greefskip taheakke. Har âldste soan Enno hie gjin ynteresse te regearjen en doe waard Edzard de opfolger. Edzard besocht syn ynfloed yn it easten fan East-Fryslân oant de Weser ûnder syn gesach te bringen. Dat late ta konflikten mei de haadlingen fan Harlingerlân en Jeverlân. Hy slagge der lykwols net yn en bring se ûnder syn kontrôle. Boppedat besochten de greven fan Aldenburch harren macht yn East-Fryslân te fergrutsjen. Yn 1500 koe Edzard Bûtjadingen en Stêdlân, parten fan de eardere goa Rjustringen, fan de greven fan Aldenburch bemachtigje en ûnder syn kontrôle bringe.
Nei de ein fan de Fryske Frijheid yn Westerlauwersk Fryslân en de Ommelannen yn 1498, besiket Edzard de Grutte fan Eastfryslân yn it begjin fan de 16e iuw syn macht nei it westen ta út te wreidzjen, om de eardere gebieten fan it Opstalbeambûn te werienigjen yn ien moderne Fryske steat. De stêd Grins en de doe noch frije Ommelannen ferbûnen harren yn 1506 mei Eastfryslân. Yn 1512 waard de primogenituer ynfierd om de ienheid te bewarjen. It konflikt einiget mei it Saksyske Skeel (1514-1517). It Saksyske Skeel rint min ôf foar Sirksena. Yn 1517 waard in oerienkomst sletten tusken Edzard en Karel V fan it Hillige Roomske Ryk. Eastfryslân soe tenei in greefskip bliuwe binnen it Hillige Roomske Ryk. Om't syn Fryske aventoer te djoer waard, ferkocht Joaris fan Saksen syn rjochten op de Fryske gebieten oan Karel V. Om't Edzard de middels net mear hie om Grins te beskermjen, besocht dy stêd doe de help fan Karel fan Gelre yn te roppen. Op 3 desimber sleat Edzard frede mei Aldenburch by it Ferdrach fan Zetel. Dêr soene Bûtjadingen en Stêdlân nei Aldenburch ta en Jeverlân soe ûnder Eastfrysk gesach komme.
Yn 1527 koe Edzard it Jeverlân ûnder syn macht bringe. Nei't Edo Wiemken, hear fan it Jeverlân, yn 1511 ferstoar, waard syn dochter Marije regintesse. Edzard sleat in houliksoerienkomst foar syn soan Enno mei Marije. Dy oerienkomst waard net neikaam, om't Enno yn 1529 Anna fan Aldenburch boaske, en de troepen fan de greve besetten it slot fan Jever. Marije frege doe help fan Karel V, hartoch fan Boergonje, dy't de hearlikheid dêrnei ynnaam en it oan har yn lien weromjoech. Nei har ferstjerren waard de hearlikheid neilitten oan greve Jehan VII fan Aldenburch, har neef fan memmekant. Dêrtroch rekke it Jeverlân tenei skaat fan Eastfryslân.
Ek it Harlingerlân wie in boarne fan argewaasje foar de Sirksena's. De haadlingen dy't oer dy hearlikheid regearren, Hero Oomkens en letter syn soan Baltasar stiene de ambysjes fan de Sirksena's, om it hearlikheid folslein yn it greefskip te ynkorporearjen, yn it paad. Boppedat makke Baltasar Oomkes in soad fijannen om't er de hannel op 'e Noardsee fersteurde troch kaperbrieven oan hannelsskippen oer te hannigjen. Om't er by de iere Reformaasje katolyk bleau, krige er stipe fan de aartsbiskop fan Bremen en de hartoch fan Gelre. Dat late ta it Gelderske Skeel yn 1531 dêr't de Eastfriezen belies jaan moasten. Dêrtroch waard it Harlingerlân lien fan it hartochdom Gelre. Nei de dea fan Baltasar Oomkens gie de lien fan it hearlikeid oer oan de greven fan Rietberg.
500px|thumb|center|It gebiet fan Edzard de Grutte yn syn grutste omfieming
Reformaasje thumb|Greve Enno II (1528-1540) Yn 1519 kaam de Reformaasje nei Eastfryslân. Ynearsten hie dy in tolerant karakter oangeande de katoliken. It Oldersumer Kollokwium fan 1526 regele de oergong fan it katolisisme nei it protestantisme yn Eastfryslân. Nei't Edzard yn 1528 troch syn soan Enno II opfolge waard, waarden de katoliken swierder ûnderdrukt. De measte Eastfryske kleasters waarden sekularisearre. Boppedat ûntstiene dêr ek grutte tsjinstellings tusken lutheranen en kalvinisten.
Emden waard in wichtich sintrum dêr't flechtelingen út 'e Nederlannen, dy't it Spaanske repressive gesach sûnt 1568 besochten te ûntflechtsjen, en fan dêr't de nije kalvinistyske ideeëen ferspriede koene. De earste synodale gearkomsten waarden yn Emden holden, dêr't letter de Nederdútsk Grifformearde Tsjerke út ûntstean soe. It westlik en súdwestlik part fan Eastfryslân soe him by dy tsjerke oanslute en it Nederlânsk waard dêr de preek- en bibeltaal dat oant fier yn 'e 19e iuw hanthavene wurde soe. It eastlike part fan Eastfryslân waard luthersk en har tsjerketaal waard it Heechdútsk.
Tydlik ferpartsjen fan it greefskip thumb|left|It greefskip Eastfryslân om 1550 hinne Yn 1540 kaam Enno II te ferstjerren en waard syn widdo Anna fan Aldenburch de regintesse foar har minderjierrige soannen. Yn 1558 besleat se de yn Eastfryslân gongbere primogenituer te negearjen en it greefskip te ferpartsjen ûnder har soannen Edzard II en Jehan II. Dat late ta negative gefolgen. Edzard wie luthersk, wylst Jehan kalvinistysk wie. Edzard boaske yn 1559 Katarina fan Sweden In fûleindige striid folge tusken de twa bruorren om de macht fan it greefskip. Hja koene it net iens wurde en brochten it yn 1570 by de Roomsk-Dútske keizer op it aljemint. In spesjale kommisje waard stjoerd, mar dat wie om 'e nocht en it skeel waard trochwiisd nei de Eastfryske stannen. Dy kamen yn 1589 oerien it greefskip te ferpartsjen. De amten Greetsiel, Stickhausen en Lier, dy't benammen kalvinistysk wiene, giene nei Jehan en de rest, dat luthersk wie, nei Edzard. Nei it ferstjerren fan Jehan yn 1591 kaam it gânse greefskip ûnder Edzard.
Edzard syn âldste soan Enno III boaske yn 1581 Walburgis fan Rietberg, de erfgenamt fan it Harlingerlân en it greefskip Rietberg. Hy folge yn 1599 syn heit op as greve fan Eastfryslân. Yn it Ferdrach fan Berum fan 1600 wie it Harlingerlân tenei fannijs feriene mei it Ryksgreefskip Eastfryslân. It wie lykwols in ienheid as personele uny, want it Harlingerlân bleau bûten de macht fan de Eastfryske stannen. De broer fan Enno, greve Jehan waard yn 1601 greve fan Rietberg en nei syn dea yn 1625 syn trije soannen. Yn 1690 stoar dy sydtakke fan de Sirksena's út.
Enno III wie de lêste greve dy't it Eastfrysk machtich wie.
Striid mei Emden en de Nederlannen thumb|Emden yn 1575, troch Braun en Hogenberg thumb|Greve Enno III (1599-1625) Binnen Eastfryslân slagge it de grevefamylje Sirksena nea om in absolút bewâld te konsolidearjen. Yn de belieningsbrief dêr't de famylje mei ta greve fan Eastfryslân beneamd waard, waarden de eardere haadlingen nammentlik yn harren rjochten befêstige, mits hja it oerhearskjende gesach fan de grevefamylje Sirksena erkenden. Dêrtroch beholden sy in grut part fan harren ynfloed yn de eigen gebieten, dy't letter as amten yn it Greefskip Eastfryslân opnommen waarden.
Ek de Eastfryske stannen hiene in sterke posysje. Sy mochten fiergeand meikedize oer wichtige bestjoerlike en finansjele saken. Dat late yn de rin fan de tiid ta weromkearende konflikten tusken it grevehûs en de stannen oer de ferdieling fan de macht.
It hichtepunt fan dy machtsstriid wie de Emder Revolúsje oan 'e ein fan de 16e iuw. Dêrby ferjagen de ynwenners fan Emden de greve út syn residinsje, de Boarch fan Emden. Nei bemiddeling troch de Steaten-Generaal fan de Republyk fan de Sân Feriene Nederlannen waard op 21 maaie 1611 it Easterhuzer Akkoart sletten troch fertsjintwurdigers fan de Eastfryske stannen en greve Enno III.
It Easterhuzer Akkoart lei de fiergeande rjochten fan de stannen fêst en stelde fêst dat sy meibeslute soene oer de wetjouwing, de belestingheffing en de rjochtspraak. Dêrmei waard de machtsferhâlding tusken de greve en de stannen formeel regele. Benammen de stêd Emden krige troch it ferdrach in tige sterke, hast selsstannige posysje binnen it Greefskip East-Fryslân. It akkoart bleau oant fier yn de 18e iuw de grûnslach fan it steatsrjocht yn Eastfryslân.
Ek de Republyk besocht syn ynfloed yn Eastfryslân te fergrutsjen. Der wiene Nederlânske garnizoens stasjonearre yn Emden en Leerort. Eastfryslân waard wynliken in de facto fazalsteat fan de Republyk. Lykwols it besykjen om it greefskip yn 'e Republyk op te nimmen mislearren.
Eastfryslân hat bot te lijen hân fan de Tritichjierrige Kriich. It greefskip waard mannich kear plondere, it iene kear troch troepen fan de Protestantske Uny en it oare kear troch troepen fan de Katolike Liga. Militêre lieders, lykas Ernst fan Mansfeld, besochten harren macht yn it greefskip te fergrutsjen. Ek de Republyk bleau it greefskip algeduerigen útrûpeljen.
Foarstedom Eastfryslân thumb|Foarst Enno Loadewyk (1651-1660)