Julius Juw Dekema fan Baard (of Julius Dekama toe Beard, of Juw Hettes Dekama) (Weidum?, 1449 of 1450 - Frjentsjer?, 24 oktober 1523) wie in Fryske haadling. Hy wenne yn de buert fan Weidum en Baard.
Yn 1494 waard hy as potestaat fan Fryslân keazen yn Snits, mar waard allinnich troch de Skieringers erkend. Yn 1498 frege hy Albrecht III fan Saksen it lân te lieden, neidat hy gjin kontrôle mear hie oer it troch twisten tusken de Skieringers en Fetkeapers ferskuorde lân.
Juw tsjinne tusken 1500 en 1515 as riedsman oan it Hof fan Fryslân en wie tusken 1510 en 1512 grytman fan Baarderadiel.
Kategory:Frysk abbekaat Kategory:Frysk politikus Kategory:Grytman fan Baarderadiel Kategory:Potestaat fan Fryslân Kategory:Haadling Kategory:Fryske adel Kategory:Persoan berne yn Weidum Kategory:Persoan stoarn yn Frjentsjer Kategory:Persoan berne yn 1449 Kategory:Persoan berne yn 1450 Kategory:Persoan stoarn yn 1523 Kategory:Hof fan Fryslân Kategory:Skiednis fan Fryslân