thumb|De flagge fan de eardere feriening De Nederlandse Padvinders wurdt brûkt as Noardlik PinksterKamp wedstriidflagge
thumb|250px|Op it NPK 'Nei de iepening ta'. It Noardlik Pinksterkamp (NPK) wurdt alle jierren hâlden mei Pinkster op de Marnewaard, in oefenterrein fan definsje, by Lauwerseach yn Grinslân. It kamp wurdt hâlden foar leden fan Scouting út de noardlike provinsjes fan Nederlân; Fryslân, Grinslân en Drinte.
It Pinksterkamp is it grutste jierliks weromkearende scoutingkamp fan Nederlân en ien fan de grutsten yn Jeropa.
Opset Mei it NPK wurdt er ien in oantal dagen in hyl doarp fan tinten opset foar (neffens 2007) san 3500 minsken dy’t der allegear in oantal dagen wenje. Op it grutte kale fjild krijt eltse fan de 4 leeftydskategorien (spultûken) har eigen plak oanwizen wêr’t sy harren subkamp opsette kinne. Oan it kamp hinget ek in oantal wedstriid fest, it NPK is it momint dat de Skouts sjen litte kinne, wat se kinne oan scoutingtechniken. By de tsjinhanger fan it NPK, it Pinksterkamp Dwingeloo (PKD) is disse kompetysje folle minder wichtich.
Subkampen Alle subkampen fiere harren eigen tema oanpast op de leeftyd. Sa kin it tema by de allerjongsten, de Esta’s (7-11 jier) Smurfen wêze wylst de âldsten, de Stam (18+) harren stoarte yn de tiid fan de Flower Power (tema’s 2008) om it foar eltsenien nei it sin te meitsjen.
Fan de Skouts (11-15 jier) wudt ferwachte dat sy in oantal kearen op it kamp op iepen fjoer iten siere om sjen te hoe goed sy dit kinne.
Sintrale terrein Op it NPK wurdt elts jier ek wer in soart fan sintrum opboud dy’t fan alle ‘moderne’ gemakken foarsjoen is. Sa is der de snackbar ‘it Seapeard’ dat elts jier wer op e nij boud wurdt. Mar ek binne der foarsjenningen op byfoarbyld te pinnen, der is in kommunikaasje sintrum foar ynformaasje nei bûten, in grutte keuken foar de jongste bern, in brânwacht en sa fierder.
List fan alle Noardlike Pinksterkampen Tusken de heakjes it tal dielnimmers. 1920 - Sellingen 1924 - Diever 1925 - Diever 1926 - Hooghalen 1927 - Diever 1928 - Diever 1929 - Schoonoord 1930 - Odoorn (265) 1931 - Hooghalen 1932 - Hooghalen 1933 - Hooghalen 1934 - Hooghalen 1935 - Hooghalen 1936 - Hooghalen 1937 - Hooghalen 1938 - Drouwen (450) 1939 - Drouwen (500) |Yn de oarloch in tal jierren oerslein. 1946 - Anloo (1515) | tuskenlizzende jierren wierskynlik ek yn Anloo. 1962 - Anloo (1750) | tuskenlizzende jierren ek yn Anloo, tal meidoggers net bekend, mar meast om de 2500. 1986 - Anloo (2587) 1987 - Anloo (2782) 1988 - Anloo (2614) 1989 - Anloo (2818) 1990 - Anloo (2986) 1991 - Anloo (3081) 1992 - Anloo (3489) 1993 - Anloo (3509) 1994 - Anloo (3383) 1995 - Anloo (3473) 1996 - Anloo (3582) 1997 - Anloo (3542) 1998 - Marnewaard (3545) 1999 - Marnewaard (3424) 2000 - Marnewaard (3374) 2001 - Gjin NPK fanwege MKZ-krisis 2002 - Marnewaard (3058) 2003 - Marnewaard (net witten) 2004 - Marnewaard (net witten) 2005 - Marnewaard (3732) 2006 - Marnewaard (3474) 2007 - Marnewaard (3494) 2008 - Marnewaard (3516) 2009 - Marnewaard (3644) 2010 - Marnewaard 2011 - Marnewaard 2012 - Marnewaard 2013 - Marnewaard 2014 - Marnewaard 2015 - Marnewaard 2016 - Marnewaard (3600) 2017 - Marnewaard (3818) 2018 - Marnewaard 2019 - Marnewaard (3783) 2020 - ôflast omreden fan koroanafiruspandemy 2021 - alternatyf evenemint omreden fan koroanafiruspandemy
Keppeling om utens Offisjele webstee Noardlik Pinksterkamp (Nederlânsk)
Kategory:Scouting yn Nederlân Kategory:Weromkearend evenemint ynsteld yn 1920