De Japanske See is in binnensee yn it westen fan de Stille Oseaan. Om de see hinne lizze de Japanske eilannen Hokkaido, Honsjû en Kjûsjû, it Russyske eilân Sachalin en fierders it Koreaansk Skiereilân en it Russyske fêstelân fan it Kustterritoarium. Tusken Sachalin en it fêstelân fan Sibearje troch rint yn it noarden de Tataresont, in seestrjitte dy't de Japanske See ferbynt mei de See fan Ochotsk. Yn it suden wurdt de Japanske See fia de Koreästrjitte, tusken de súdein fan it Koreaansk Skiereilân en de Japanske Eilannen troch, ferbûn mei de Eastsineeske See.
Namme De lokale nammen fan de see binne net allegear itselde. Yn it Japansk wurdt de see Nihonkai neamd, (日本海) en yn it Russysk Japonskoje more (Японское море) wat beide oersetten wurde kin as Japanske see. Yn it Koreaansk wurdt de see lykwols Eastsee (東海) neamd (yn Noard-Koreä Eastsee fan Koreä).
Oar Fan de Japanske See wurdt wol sein dat it in Duvelske see is. Krekt as de Bermudatrijehoeke stiet er bekend om mysterieuze ferdwinings.[boarne?]
Kategory:Rânesee fan de Grutte Oseaan Kategory:See yn Aazje Kategory:Wetter yn Japan Kategory:Wetter yn Noard-Koreä Kategory:Wetter yn Súd-Koreä Kategory:Wetter yn Sibearje