De Tenach, yn it Hebriuwsk: תַּנַ"ךְ, Ṯěnaḵ, is de joadske Bibel, besteande út wat de kristenen it Alde Testamint neame, sij it mei in radikaal oare yndieling en oardering fan 'e ûnderskate boeken. Om dat ferskil oan te jaan, wurdt der (troch kristenen) ek wol de oantsjutting "Hebriuwske Bibel" foar brûkt. De namme "Tenach" is in akronym fan 'e trije tradisjonele ûnderferdielings fan 'e joadske Bibel: de Torah ("Leare" of "Wet"), de Neḇi'im ("Profeten") en de Ḵeṯuḇim ("Geskriften"), dêrfandinne: TeNaCh (Om't yn it Hebriuwsk gjin lûden skreaun wurde, hawwe de 'e' en de 'a' hjir gjin betsjutting). De Tenach wurdt ek wol oantsjut as de Masoretyske Tekst of de Miqra ("Wat Lêzen Wurdt").
Yndieling fan de Tenach de Torah (תּוֹרָה; "Leare" of "Wet") Ḇerešiṯ (בראשית; Genesis) Šemot (שמות; Exodus) Vayikra (ויקרא; Leviticus) Ḇamidḇar (במדבר; Numeri) Deḇarim (דברים; Deuteronomium) de Neḇi'im (נְבִיאִים; "Profeten") de Neḇi'im Rišonim (נביאים ראשונים; "Eardere Profeten") Yehošua (יהושע; Jozua) Šofṭim (שופטים; Rjochters) Šmu'el (שמואל; Samuël) Melaḵim (מלכים; Keningen) de Neḇi'im Aḥaronim (נביאים אחרונים; "Lettere Profeten") Yešayahu (ישעיהו; Jesaja) Yirmiyahu (ירמיהו; Jeremia) Yeḥezq'el (יחזקאל; Ezechiël) Ṯrei Asar (תרי עשר; De Tolve (lytse profeten), gearboske yn ien boek) Hošea (הושע; Hoséa) Yoel (יואל; Joël) Amos (עמוס; Amos) Oḇadyah (עבדיה; Obadja) Yonah (יונה; Jona) Miḵah (מיכה; Micha) Naḥum (נחום; Nahum) Ḥaḇakuk (חבקוק; Habakuk) Ẓefanya (צפניה; Sefanja) Ḥagay (חגי; Haggai) Zeḵaryah (זכריה; Sacharja) Malaḵi (מלאכי; Maleächy) Ḵeṯuḇim (כְּתוּבִים; Geskriften) Ruṯ (רוּת; Ruth) Ṯehillim (תְהִלִּים; Psalmen) Iyyoḇ (אִיּוֹב; Job) Mišlei (מִשְלֵי; Spreuken) Qoheleṯ (קהלת; Preker) Šir Hašširim (שִׁיר הַשׁשִׁירִים; Heechliet) Eiḵah (איכה; Kleilieten) Dani’el (דָּנִיֵּאל; Daniël) Esṯer (אֶסְתֵר; Ester) ͑Ezra (עזרא; Ezra) Diḇrei ha-Yamim (דברי הימים; Kroniken)
Kategory:Alde Testamint Kategory:Bibel Kategory:Hebriuwsktalich non-fiksjewurk Kategory:Klassyk Hebriuwske literatuer Kategory:Arameesktalich non-fiksjewurk Kategory:Joadsk non-fiksjewurk Kategory:Non-fiksjewurk út de Aldheid Kategory:Bibeloersetting