thumb|Right|200px|Herberch De Krúswei oan de Haadwei 42 De Strjitten yn Damwâld:
A Achterwei - ek Efterwei Ald Mear - Oan de Ald Mear is de wenningbou sûnt 1992 hurd ynfold. De Alde Mear wie in sleat en grinsskieding tusken Dantumawâld en Moarrewâld. A. Prakkenstrjitte - strjitte yn de nijbouwyk fan Moarrewâld krige op 26 maart 1968 de namme A. Prakkenstrjitte. Arnoldus Prakken wie fan 1872 - 1917 ynwenner fan de Wâlden en sûkereifabrikant en boer.
B Badhúswei - De gemeenteried besleat op 26 april 1951 fan de Haadwei ôf yn Moarrewâld ûngefear 120 meter wei oan te lizzen fan wat letter in stikje Badhúswei waard. Nei 120 meter bûgde de wei noardlik ôf nei wat de Nijewei waard. It diel Badhúswei fanôf de Nijewei is yn 1956 oanlein. It badhús mei dêrby de gymseal waard yn 1956 yn gebrûk nomd. De strjitnamme is op 4 april 1960 troch de gemeenteried fêststeld. Bakkerswei - nei Harke Jans Hofman, hy waard Harke 'bakker' neamd. Neist Bakkersreed wie de wei bekend as 2e Halereed. Harke Jans Hofman wie 43 jier bakker op de hoeke Mounewei mei de Bakkerswei, dêr't yn 1950 de wenning Mounewei 9 setten waard. Harke troude yn 1874 mei Jinke Everts de Jong út Driesum, se ferstoar nei 10 jier houlik. Dêrnei troude Harke mei Hiltsje Hedmans Annema. Yn de begjinjierren besoarge 'Harke bakker' bôle yn in sek, dy't er op de rêch droech. Letter hied er in kroade en dêrnei sutele er mei in karre en kêd. Begjin 1875 waard de bakkerij eigendom fan Harke Jans Hofman. Yn de nacht fan 5 op 6 maaie 1943 is de bakkerij ôfbaarnd. Blauhússtrjitte - Oan de súdkant fan de Doniaweg begûn de bebouwing mei it hûs fan dokter Berend van der Sluis. Oan it eardere 'Blauwhús' op dit terrein is de namme Blauwhússtrjitte ûntliend. Njonken it 'Blauhús' stie in pleats dy't sloopt waard doe't de Rabobank boud waard. De pleats stie op it plak dêr't no it parkearplak by de bank is. Foardat de Blauhússtrjitte yn 1968 oanlein waard stie dêr it houten kantoargebou fan de gemeenteûntfanger. De grûn fan dêr't no de Blauhússtrjitte is, wie yn de oarlochsjierren sa'n oardel meter ôfgroeven foar de Ljouwerter fleanbasis. Boarkensloane - rint oan de westside fan Damwâld fan de Hearewei nei de Koarndyk. De Borken hat in ryk ferline, oan de ein fan de dearinnende 'Borkensreed' wie eartiids in grutte poel, mei reiden en greiden der om. As it simmerdeis lang drûch wie, koe men troch de poel wâdzje. Oan de súdwestside wie in djippe poel, dêr't in soad snoek yn siet. Der is ea in otter fongen. Oan de Borkensreed stie eartiids in wynmotor dy't it wetteroerskot fan de Borken yn de Dongfeart pompte. By de Wynmotor wie ek in einekoai. Yn desimber 1920 binne alle beammen om de koai rûge en ferkocht. Foar de poel, oan 'e ein fan de Borkensreed lei in grut stik lân dat 'It âlde tsjerkhôf' neamd waard. Der waard beweard dat dêr eartiids in tsjerkhôf west hawwe moat. Archeologen hawwe it lân alris ûndersocht en der yn om dold, mar hawwe neat fûn. Tsjintwurdich rint de Lauwersseewei troch dit persiel lân. Winterdeis koe op it lâniis oan de Borkensreed riden wurde. Der waarden dan om 1920/1930 faak hurdriden foar skoalbern hâlden. Broekhústerpaad - Broekpôlen - Bûterblom - wylde plant Bûterblom
C Camstrastrjitte -It aadlike laach Camstra hie in soad besittings yn Dantumadiel. Conradi-Veenlandstrjitte - Jikke Ubelina Sijke Willemina Conradi-Veenland helle as baakster mear as 5000 poppen op de wrâld. Yn it begjin fan har baakstertiid yn 1895 yn Moarrewâld hat se wiidweidige oantekeningen byhâlden. Se wie troud mei Egbert Johannes Conradi, de lettere postkantoarhâlder. Yn 1898 wie Jikke ien fan de earsten yn de Dokkumer Wâlden dy't in fyts kocht. Oant dy tiid rûn se fan Moarrewâld nei Rinsumageast, Driesum en soms ek De Westerein foar de soarch, meidat hja neist partikulier- ek gemeentebaakster wie. Op 12 septimber 1972 is Jikke Conradi-Veenland yn de âldens fan 100 jier yn Ljouwert ferstoarn. Hja kaam te hôf yn Damwâld.
D Dirk Fontein de Jongstrjitte - Dirk Fontein de Jong wie boer, lid fan de Steaten fan Fryslân fan 1871 oant 29 jannewaris 1898 en lid fan Deputearre Steaten fan 8 novimber 1881 oant 29 jannewaris 1898. Hy hat him tige ynsetten foar de belangen fan Ikkerwâld. Dammeloane - Damwâldsterreedsje - paad tusken Dokkum en Dantumawâld De Coninckstrjitte - Justus Bartholomeus de Coninck hearde ta de famyljes mei oansjen yn Drinte. Hy wie midden 18e iuw dykgreve fan Easter Nij-Krúslân en Boerumerlân en ferstoar op 10 maart 1771 op 53-jierige leeftiid. Troch syn frou, Theodora Sufrida fan Unia, hie hy in tal pleatsen yn Moarrewâld súd fan de hjoeddeiske Doniawei. De Halewei - De Halen is in sawat twa meter hege sânrêch súd fan de doarpen Driezum-Ikkerwâld. De Halereed en de Halepaden wienen simmerdeis earttiids moudige ferbinings en min te beriden. Yn de hjerst en winter wienen stikken fan de reden en paden bytiden drek- en modderpuollen. De wei is sûnt 1954 befluorre. Yn 1927 wienen der ek al plannen om 450 meter fan de Halereed te ferhurdzjen. Alhoewol't de boargemaster en wethâlders net ûntkenden dat de dyk oan ferhurding ta wie, besleaten se dat het net oan de gemeente wie om de Halereden en -paden te ferbetterjen. Wannear't men der by de Halereed oan begjinne soe, soe der gjin ein oan komme, want yn de gemeente leinen frijwat sânpaden. Pas 27 jier letter waard ynstimd mei weiferhurding. De Moarrewei - Dokter Olijslagerstrjitte - Doniawei - De wei fan Ikkerwâld oant Driezum wie foar de gearfoeging fan Ikkerwâld, Moarrewâld, Dantumawâld yn Damwâld de Foarwei. Sûnt begjin santiger jierren hjit de wei fan de Krúswei oant Wâlterswâld de Doniawei. De namme komt fan Doniastate yn Dantumawâld. De eardere state stie op it persiel dêr't no de wenningen Doniawei 111 en 113 steane. Oan de súdkant derfan, tsjin de doarpswei, is noch in restant te sjeen fan de eardere brede grêften, krektas dat it gefal is ten easten fan Doniawei 113. De wei hjitte earder de Macadamwei. De minne dyk bestie út stienslach, de saneamde makadam. As de stienslach wer fernijd waard, wie der op de fyts hast net oer te kommen en yn de hjerst wie it in moddertroep troch it ferfier fan sûkereiwoartels op de weinen nei de fabriken yn Dantumawâld. By teiwaar yn winter en maitiid wie der troch it opteien foar weinen ek hast gjin trochkommen oan. De betonwei fan Dantumawâld nei Driezum waard ± 1938 ferbettere. Yn oktober 1953 waard de wei fan de Krúswei oant Dantumawâld ferbrede, wat nochris barde yn 1985. Dr. Jacob Botkepaad - geakunde leafhawwer en Frysksinnige Jacob Botke Ds. Germswei - Yn 1960 waard besluten in lange strjitte yn Ikkerwâld-Moarrewâld de namme ds. Germswei te jaan. Oant 1965 wie it lykwols gjin lange wei, omdat pas yn 1965 it gedielte tusken De Halewei en de J.R. Kloostermanstrjitte oanlein is. Dûmny Frederik Hendrik Germs, wie fan 1897 - 1929 predikant oan de herfoarme gemeente yn Ikkerwâld. Op 20 febrewaris 1902 waard yn Ikkerwâld de CHU-ôfdieling Dantumadiel oprjochte, dêr't dûmny Germs sekretaris fan waard. Yn maaie 1918 kaam der ek yn Ikkerwâld sa'n ôfdieling dêr't er ek foarsitter fan waard. Germs sette him yn 1919 yn foar de oprjochting fan de Kristlike ULO. De skoalle gie iepen yn 1920. De dûmny die ek war om yn Moarrewâld en kristlike skoalle te stiftsjen, útgeande fan de Nederlânsk Herfoarmen en Kristlik Grifformearden. De skoalle, Foarwei 54, wie yn july 1926 klear. Dwarsloane - In tige âlde wei is de Dwarsloane. Theunis Eintes Teunissen makket yn 1938 yn 'Ald Dantumadiel. De Dokkumer Wâlden' melding fan de loane yn de 17e iuw 'nei de Broek en it fean'. Jierrenlang wie de strjitte fan de noardkant ôf oant it Halepaad bestrjitte mei balstienen, fierder wie it in modderreed. Om 1920 besleat men dat in klinkerwei better wêze soe, mar doe't de balstienen ferfongen wurde moasten sieten de stiennen troch de iere froast yn de grûn fêstferzen. Wachtsje op teiwaar? Boargemaster Thys Nauta wist wol rie. It moast en it koe en sa waard der turf op de wei ferbaarnd sadat de waarmte de keien yn de grûn losweakke. Dochs wie it mar de fraach oft it idee it winske resultaat hawwe soe, want de bewenners hellen de hiele of heal ferbaarnde turven fan de wei en stookten der thús de kachel mei oan. It westlike diel fan de Dwarsloane leit yn Broeksterwâld en hjit de Oasterloane. Yn Broeksterwâld wie sprake fan 'yn 't oasten' en 'febryksloane', ûntliend oan de sûkereidrûgerij 'It nij febryk,' no Dwarsloane 4, rjochting de Mieden. De strjitte hie gjin namme oant de gemeente yn 1964 foar it strjittegedielte ûnder Dantumawâld en Wâlterswâld de namme Dwarsloane fêststelde. Soks barde mei omdat dit de yn de folksmûle brûkte namme wie.
E Eintemastrjitte - Yn Moarrewâld wie de namme Eintemastrjitte ferbûn oan in stimdragende sate, dy't oan de súdkant fan de hjoeddeiske Doniawei stie. De strjitte is ein sechtiger jierren oanlein.
F Fermanjepaad - rint nei de meniste tsjerke Fermanje. Eartiids wie men net sa romtinkend yn opfetting yn in soad saken as tsjintwurdich. Der wie in tiid dat de menisten gjin yngong of útgong fan harren fermanje fan en nei de iepenbiere wei hawwe mochten. It gebou moast fan de oare kant nadere wurde. Der rûn in paad fan d haadwei ôf nei it suden en dat bûgde ôf nei it Fermanjegebou. Omdat eartiids net ien wei ferhurde wie makke it net folle út oft de fermanje fan de noard- of súdkant benadere waard. Oant yn de sechtiger jierren bleau it paad ûnferhurde, it wie in paad foar klompen en learzen. Nei in tiid fan drûchte wie it paad, dat fan de Tramwei en de Dammeleane te berikken wie, in moaie wannelrûte. Mar as it hurd reind hie wie it paad sa goed as ûnbegeanber en moasten de bewenners as se mei drûge fuotten nei de Tramwei woenen, wachtsje op in foarbykommende trekker. Yn 1961 waard in sânbêd makke en waard de ôfwettering fan it paad ferbettere. It soe noch oant 1975 duorje eardat in asfaltwei oanlein waard. Finnewei - wie fanâlds de Sintelwei, in wetterskipswei fan wetterskip 'De Finne en Hoogfinne'. It wetterskip is yn 1876 oprjochte en bestie oant 1968. Foarwei - Frijstêd - De Frijstêd rint fan it súdwesten fan Damwâld en wie yn eardere tiden in âlde ûnferhurde reed. De Frijstedsjers wienen neffens de ferhalen in fjochtlustich folkje en stiene gau mei messen klear. De measte bewenners fan de Frijstêd hienen in earmoedich bestean en wiene mollefanger, murdejeier of aaisiker fan berop. De grûn om de hjoeddeiske Frijstêd wie eartiids net folle wurdich en te skraal om der bou op te hawwen. De eigeners fan de lannen wennen meast op ôfstân fan it gebiet en hienen gjin omsjen nei de heidegrûn dy't dochs gjin fertuten die. Sa barde it faak dat minsken dy't gjin jild hienen om in hûs te keapjen sa'n lape grûn ynnommen en der in planke- of seaddehutte op setten. As de hutten klear wienen waarden de strûken om it hûs oprêden en waarden der túntsjes oanlein. De seadden waarden út de tichtby lizzende Broekpôlen helle. De spitketen wienen de basis fan de Frijstêd. Doe't der letter belesing fan de boude keten betelle wurde moast waard dy meast troch de persoanen betelle dy't de grûn yn besit nomd hienen. Dêrtroch hienen de bewenners ek wat rjocht op de grûn. By in proses dat letter om it besit fan de grûn fierd is waarden de belestingbetellers yn it gelyk steld. Sa bestie de buert út in achttal wenningen dêr't letter op wettige wize de lettere huzegroep boud waard. Troch dizze kwestje waard de huzegroep de Frijstêd neamd.
G Gerben Postmastrjitte - Gerben Postma, ( Dantumawâld, 6 juny 1847 - Moarrewâld, 13 juny 1925 ), wie in ûnderwizer-auteur. Gerben is in soan fan kastlein en keapman Jan Wiegers Postma en Lysbeth Gerbens de Vries. Earst ûnderwizer, letter Frysk skriuwer. As er him letter yn Moarrewâld nei wenjen set lit er oan de hjoeddeiske haadwei in nije wenning sette.