thumb|Brêge oer de Petsleat besuden Driezum De Petsleat is in feart yn de gemeente Dantumadiel dy't oan 'e eastlike útein in stikje de grins mei Kollumerlân foarmet. De feart is de fuortsetting yn noardlike rjochting fan de Nije Feart, en giet by de krusing mei de Strobosser Trekfeart oer yn 'e Nije Swemmer. It foarmet de grins mei Kollumerlân oant de Lange Brêge yn de Trekwei westlik fan Westergeast. Oan de noardlike ouwer fan de Petsleat leit Rinsma Pôle.
Kategory:Kanaal yn Dantumadiel Kategory:Kanaal yn Kollumerlân Kategory:Kanaal yn Noardeast-Fryslân