Foarfallen febrewaris - Ingelân ferklearret Spanje de oarloch; dit is it begjin fan 'e Ingelsk-Spaanske Oarloch (1625-1630). 13 april - Johannes Faber betinkt in nij wurd: "mikroskoop". 23 april - De Hollânske steedhâlder Maurits fan Oranje-Nassau stjert sûnder wettige neiteam. Syn jongere healbroer Freark Hindrik is syn erfgenamt. 2 juny - Freark Hindrik fan Oranje-Nassau wurdt beneamd ta steedhâlder fan Hollân en Seelân. 5 juny - Spaanske troepen ûnder Ambrogio Spinola feroverje Breda nei in belis fan njoggen en in heale moanne. 6 july - Freark Hindrik fan Oranje-Nassau wurdt beneamd ta steedhâlder fan Oerisel. 9 july - Freark Hindrik fan Oranje-Nassau wurdt beneamd ta steedhâlder fan Utert. 26 july - Freark Hindrik fan Oranje-Nassau wurdt beneamd ta steedhâlder fan Gelderlân. 6 augustus - De Fryske steedhâlder Ernst Kasimir fan Nassau-Dietz wurdt beneamd ta steedhâlder fan Grinslân. 16 augustus - De Fryske steedhâlder Ernst Kasimir fan Nassau-Dietz wurdt beneamd ta steedhâlder fan Drinte. sûnder datum - Rembrandt foltôget syn Stienniging van Stefanus. In soad sjogge der in ferwizing nei de dea fan Johan van Oldenbarnevelt yn. sûnder datum - Vondel jout de Palamedes út. Dat dichterlik drama oer in gerjochtlike moard, mei Agamemnon yn de rol fan Maurits, giet sels de Amsterdamske ried te fier en hy wurdt beboete. sûnder datum - Epemastate yn Ysbrechtum wurdt boud. sûnder datum - De Hoogeveenske Feart wurdt groeven, en der wurdt begûn mei de turfwinning yn de Ychtense Feanen.
Berne 8 juny - Giovanni Domenico Cassini, Italjaansk astronoom († 1712) 24 septimber - Johan de Witt, Nederlânsk politikus († 1672) mids novimber - Paulus Potter, Nederlânsk keunstskilder († 1654) datum ûnbekend Miguel de Barrios, Spaansk dichter, toanielskriuwer en skiedkundige († 1701)
Ferstoarn 10 jannewaris - Sybrandus Lubbertus, Eastfrysk teolooch en heechlearaar (* 1556) 23 april - Maurits fan Oranje-Nassau, steedhâlder fan Hollân, Seelân, Utert, Gelderlân, Oerisel, Grinslân en Drinte (* 1567) 9 augustus - Marcus Lycklama à Nijeholt, Frysk politikus, abbekaat en rjochtsgelearde (* 1573) 9 desimber - Ubbo Emmius, Eastfrysk predikant en heechlearaar (* 1547)
Literatuer poëzij Constantijn Huygens, Otiorum Libri Sex en Otia, of Ledighe Uren toaniel Joost van den Vondel, Palamedes
Byldzjende keunst
Boukeunst
Kategory:17e iuw